dagboek > overzicht
Dagboek september 2017Bekiek hele maand 
 
25 september om 17:20
 
Presintaasje nije Fryske natoergids oer poddestuollen op Europese Dag van de Paddenstoel





Sneon 23 septimber waard de Fryske Natoergids Poddestuollen fan Sake P. Roodbergen presintearre. De gids jout in beskriuwing fan de wichtichste soarten poddestuollen yn Fryslân en beskriuwt yn in wiidweidige ynlieding de wichtichste saken oer poddestuollen en de poddestuollekunde, mei it aksint op de Fryske sitewaasje.

It earste eksimplaar waard oanbean oan direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.

Sneon wie ek de Europese dag van de Paddenstoel. Rűnom yn Europa binne der aktiviteiten om de poddestoel hinne. De doelen fan de Europeeske dei fan de Poddestoel binne:
-Ferheegje fan de iepenbiere belangstelling foar poddestuollen.
-Kennis fergrutsje oer poddestuollen en skimmels, mei ekstra klam op edukaasje foar bern.
-Omtinken fergrutsje foar de needsaak om de libbensgebieten te beskermjen fan seldsume en bedrige poddestuollen.
-Tradisjonele folksnammen fan poddestuollen yn 'e wrâld sammelje en beskermje.

De Fryske Natoergids Poddestuollen is de tredde yn de rige Fryske Natoergidsen fan Sake P. Roodbergen. Eardere gidsen giene oer Deiflinters & Libellen en oer Nachtflinters. De gids hat 224 siden en kostet €12,50.