dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2019
 
28 febrewary om 19:37
 
Wij sereveare gjin Kouwe Kak!





Wat waer twee prachtminsen mocht ik fanmòrren interviewe: Oene enAagje Tjalsma, eigenaars fan Wegrestaurant Spannenburg. Un únike lokasy dêr’t elke avend 25 tòt 35 truckers komme te eten, te dûsen en te slapen.





Jonges fan de stamte pòt òf su as Oene ut moai fertòlkte: “We serveare hjir gjin Kouwe Kak! Nee, trije soarten earpels, seane, bakte of patat mei sprútsjes,beantjes,reade koal, in stikje kofleis en fla nei!”





De groate kracht fan de eenfoud. Ut foëlde weldadech an, an de oevers fan ut Prinses Margriet Kanaal. Ferhalen dy’t ik allienech nòch mar op papier hoef te setten, se bine al skreven deur de hoofdrolspeulers wêr’t ik fanmòrren bij an tafel sitte moch! Ok hier: later mear!
 
27 febrewary om 18:42
 
Moaie krant al sêch ik ut self...





De februari editie van GrootSneek is verschenen. Online vindt u deze op: https://www.grootsneek.nl/grootsneek-krant-digitaal/

Mocht u deze niet hebben ontvangen en u woont wel in de gemeente Súdwest-Fryslân? Wanneer u, uw postcode en huisnummer mailt naar info@grootsneek.nl zoeken wij dit uit!
 
26 febrewary om 21:58
 
Top judoka





Se wurdde mar liefst 10 kear Nederlaans kampioën juda, deed noait met an de Olympise Speulen. Was in 1992 wel earste reserve mar wurdde nyt naar Barcelona oufaardegd. Un maand foar de Speulen fersloech se wel de judoka dy't later Olympise kampioën wurdde.

Se wurdde deur de Judo Bond Nederlaan promoveard tòt de sesde dan. Har naam? Véronique Akkermans, earst tòpspòrter nòch altyd judolearares bij har eigen fraaie spòrtsentrum in Wommels! Fanavend had ik un moai interview met dizze kanjer. Later mear!
 
25 febrewary om 20:21
 
Moanne fan it Fryske Boek set útein mei Frysk Boekebal





De hiele moanne maart stiet yn it teken fan it Fryske boek. Willem Schoorstra skreau spesjaal foar dy gelegenheid it kadoboek Rosmos. Dat wurdt de hiele moanne fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken. Alhiel yn de styl fan it kadoboek set de Moanne fan it Fryske Boek sneon 2 maart útein mei in spetterjend boekebal yn Neushoorn te Ljouwert.

Op it programma stiet de útrikking fan it earste eksimplaar fan Rosmos troch Willem Schoorstra oan deputearre Sietske Poepjes, wêrby’t Schoorstra wat oer syn boek fertelle sil, en oanslutend is der in foardracht fan tattoo-artyst Rinto. De twadde helte fan de jûn kin elk los op de spikerhurde rock-’n-roll fan de Junkyard Dogs. Fansels is der de hiele jûn boekeferkeap en yn it skoft in sinjearsesje mei de skriuwer. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus.

Oer Rosmos

Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

It kadoboek Rosmos, ferskynd by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal, is skreaun yn opdracht fan Boeken fan Fryslân, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek. It kadoboek is de hiele moanne maart fergees te krijen by in besteging fan € 12,50 oan boeken.
 
24 febrewary om 18:19
 
Sneker foarsitters in dubbelròl op un kostlek moaie sundachmiddach





Wear as side, sêge se dan op syn Frys! En dat was ut fanmiddach seker. Op ’e fyts stapt, wêr’t ik anders un bloëdhekel an hew, richting Skiëtheuvel òftewel Schuttersfeld om wat foto’s te nimmen bij de foetbalwedstryd Black Boys – Surhústerfeen. De earste foto nam ik fanou ut fytspad, terwyl de stúfmeelwolken mij om’e kòp flogen.





Un wedstryd in de 4de klas fan ut sundachsfoetbal en dat nòch wel op’e geboartedach fan myn moeke. Tiden hewwe tiden.





Gyn moaier en magiser shirt as dat fan Black Boys! Ik hoarde de swartsjes fan ferre al razen en skreeuwen. Foetbal op 4de klas nivo mut ut foar mij in ider gefal fan de randfoarwaarden hewwe. Uteraard un programmaboekje fan 3 euro kocht met op’e foarkant un al even moai finjet fan de Boys en de tekst dat de mediapartners Janna Blom en Pengel binne. De laatste fersòrgt ok de foetbalfoarbeskouwingen en wedstrydferslagen op GrootSneeksite.

Foarsitter Jan Broersma dy’t op’e goal staat, eksklúsiever wurdt ut nyt. Prachtech tòch?!

Un handsjefol públyk, wêr’t ik de measten fan ken, staan om ut feld en jeuzele su’n hele middach wat deur. Prachtege kommentaren fan o.a. good-old Jacky Reen ( op de foto links, hier onder) en Catrinus Kamstra.





De tweede helt bin ik bij LSC 1890 weest, folkomen andere sfear as bij de Boys. Nyt beter, nyt minder, gewoan anders.





Ok dêr un foarsitter, Henk Douwsma, in dubbelròl: hij twittert foar syn klup ut wedstrydferslach. Bij LSC 1890 lope der ok heel wat ikoanen rond: Marinus van Gorkum met un sjaaltsje fan Olyphia om’e nek!





Salle mar rekene dat ut morele ondersteuning foar de klup út Noordwolde dêr’t oulopen week inbroken en fernield wurdde.



 
23 febrewary om 18:14
 
Always look on the bright side of life





O.N.S. Sneek had fanmiddach gyn skein fan kaans teugen hsv Hoek: 1-5
Binnen 20 minúten stonnen de oranjehemden met 0-3 achter, sterkernôch ut was binnen 3 minúten al 0-2! Ut wurdde dan ok noait un wedstryd op ut sonovergoaten Súderspòrtpark.

Later un ferslach op GrootSneek-site.

 
22 febrewary om 19:08
 
Parragea/Parraga het wel wat, Joure trouwens ok!





Fanmiddach in Parragea/Parraga weest. Kan mij nyt herinnere dat ik der earder weest was, krekt as met un heel soad andere dòrpkes hier in de buurt. Eigenlek bêst wel onnoazel dat je dat allienech doën at ut su útkomt. Fanmiddach kwam ut dus út, ik ging op besoek bij Jannie Brandsma, un bysondere frou met un prachtech múzikaal ferhaal. Binnenkòrt mear hierover.





Wat mij futdaleks ok opfiel was ut bekende fers Hûs fan stilte fan Tsjits Peanstra, dat op un witte muur fan 1 fan de húzen in Parregea anbrocht is. Prachtech! Trouwens dy robúste Sint Johannes de Doperkerk, al 8 eeuwen (!!) oud, mach der ok weze. Ut stek naar ut kerkhòf spreekt mij as Kalvinist ok wel an: ‘Gedenk te sterven’





Wat ik nou sêge wil met dit blogje, ik had wear un wònderskoane dach dy’t fanmòrren op’e Joure begon. Dêr dronk ik koffy met klokkemaker Jacob ten Hoeve. Ja, dy had ok un mear as bysonder ferhaal. Rykdom at je dy ferhalen ophale magge om later an ut papier toe te fertrouwen.



 
22 febrewary om 17:15
 
Speech Jelle Kaspersma

Understeande speech,'tankwurd' doe't Jelle Kaspersma un Rely Jorritsmapriis krige. Pieter de Groot hat it der hjoed ek oer yn de LC.







 
21 febrewary om 18:38
 
Hele miezerege dach wear goëd deur 1 sintsje!!





"Met praten gaat het tenslotte niet alleen om wat je zegt, maar laat je ook horen wie je bent..."

Bovenstaande sin kreech ik fanmòrrenfroech fan un Rotterdamse frynd! Dan kan de rest fan'e dach nyt mear stukken & kapòt!!
 
20 febrewary om 20:49
 
Jelle Kaspersma I.M.





It berjocht oer it ferstjerren fan de dichter Jelle Kaspersma, fan’e middei op de site fan Omrop Fryslân, kaam mij raar oer it mâd. Ik reageare yn earste ynstânsje amper, treau it berjocht blykber fansiden. No jûn merk ik dat syn ferstjerren mij mear docht as ik miskyn wol witte wol.

Goed 25 jier lyn kaam ik mei Jelle yn’e kunde. Ik wie yn dy tiid drok dwaande mei it Frysk en de Fryske literatuer. Siet yn’e redaksje fan Trotwaer, letter de Moanne, en at der ergens in Frysk literêre happening wie, dan stie ik foaroan.

Yn dy tiid kaam ik Jelle tsjin en it klikte tusken ús beiden. We hiene hast alle wiken wol telefoanys kontakt mei elkoar en sa út en troch kamen we ek wol bij elkoar. Hij mear bij mij yn’e Hommerts as ik bij him yn Kampen. Oeren koene wij oer de literatuer prate.

At ik in fers skreaun hie, lies Jelle it en joech syn kommintaar. Omgekeard stjoerde hij mij folsleine manuskripten, dy’t ik dan foar him úttype mocht, dat die er sels net. Ik stjoerde dy manuskripten dan nei de KU en oare útjouwers. Inkelde fan dy orizjinele manuskripten mocht ik fan him hâlde. Fan de Fryske institúten lykas it FLMD ( letter Tresoar) hie Jelle gjin hege pet op.

In legendarys momint mei Jelle belibbe ik op 10 augustus 1995, doe’t bij Ljochtmoanne it proazadebút fan him, ûnder skûlnamme ‘Yellah Quaspersmah’, presintearre waard ‘JOE-ES-EE-RIDELJEE!’. Dêr op’e punt fan de Noarderdaam fan de Starumer haven ferbaande Jelle in Amerikaanse broek mei shit deryn! Hij wie earst fan doel west om in Amerikaanse flagge te ferbrânen, mar die dat troch it protest fan in kollegaskriuwer ( Steven de Jong) dochs mar net. We hiene earst mei elkoar yn in kroech sitten wit ik noch. De bondel, in Ljochtmoanneboekje fan de Koperative Utjouwerij, befettet oantinkens fan Jelle syn reizen oan de USA. Dat hij as grut kenner en leafhawwer fan de Indiaanse kultuer en literatuer mei in skalk each nei de Amerikanen seach, wie wol dúdlik. It earste eksimplaar fan de bondel smiet Jelle ûnder oan de baak wachtsjende dichter en skriuwer Josse de Haan ta.

Ik haw doe in tal foto’s ( kwaliteit is net sa heech…) naam, dy’t ik hjir no foar it earst públisearje.


























In bytsje nocht oan ûnnocht wie Jelle net frjemd! Earder dat jier (1995) skreau Jelle mij yn in brief (6 maart 1995) dêr al oer: “Soms fyn ik lekskoaijen wol aardich, mar it moat nea haadsaak wurde. Je moatte der om gnyske kinne…”

Yn myn persoanlike deiboeken steane tal fan lyksoartige passaazjes. Hiel kleurryk allegear!

Hjirûnder in fragmint út myn digitale deiboek oer Jelle:

“Myn maat en dichter onderwizer Jelle Kaspersma ( geboaren op 2 mei 1948 ) staat syn ' hele leven ' al foar de klas in Genemúden. Sterker nòch Jelle het un bundel in de taal fan Gællemuun skreven. Dy Gællemuneger fersen fan Jelle staan in de bundel ' Achter De Tonge '. Ut boek met ' gedechtn ' kwam in 1986 as un útgave fan de IJsselakademy.

Toen ik tidens oans thúswedstryd an de jonges fan Genemúden froech òf se Jelle Kaspersma ok konnen seiden se " Jazeker, dat is die meester van de vliegende schotels..." Lêch út mannen?!

" Meester Kaspersma vroeg een keer aan ons: " Hebben jullie wel eens een vliegende schotel gezien?' Nee? Opletten, en hij gooide zo vanachter zijn bureau een schoteltje van het schoolservies door de klas! "

snijstörm

wij loopm op asselt an
onze leerz zuukn olvaeste
ies ölt de teerweg deronder
snij et laand en de kleurn

wit is et laandskap
weg'eraekt onder een wiend
die as sien kolde
deur alles en jaegt

wij loopm op asselt an
de eufdn veurover
de musn over d'oorn
ons uutzegt:
zo now en dan
d'oogn vol stoefsnij

Jelle Kaspersma ( út Achter De Tonge )”

Grut ynterview

Yn febrewaris 2003 haw ik in grut ynterview mei Jelle Kaspersma hân. Syn lêste grutte ynterview sa’t er sels sei, waard publisearre yn Trotwaer. Yn’e rin fan’e jierren luts ik my hieltyd fierder werom út it Frysk literêre wrâldsje en lei mij ta op it skriuwen yn it Snekers. Jelle koe myn poëzy yn it Snekers wol wurdearje, it hie sûndermis te meitsjen mei syn ôfkomst: Jelle waard yn Snits/Sneek berne!

Dochs ferwettere it kontakt, sûnder dat wij spul hiene. Hjoed kaam it nijs fan Jelle syn fertsjerren dan ek tige hommels foar mij.

Hjirûnder it hiele ynterview út 2003:

It lêste ynterview

Jelle Kaspersma: It ûnferstân is oan 'e macht

Wat it Frysk oanbelanget skriuw ik deiboeken en sa no en dan ris in gedicht. Wurk oersette yn it Frysk doch ik net mear. Der sit tefolle enerzjy yn en it smyt neat op. Faaks dat der ea noch ris in bondeltsje mei fersen yn it Frysk ferskine sil, mar publisearjen yn tydskriften doch ik net mear, likegoed dat dit myn lêste ynterview is. Fersen en ferhalen sille tenei yn it Hollâns ferskine. Ik ha in útjouwer yn Haarlim en de besprekkers dy binne earlik en op nivo. Boppedat is in optreden yn it Westen altyd in feest. In skriuwer wurdt dêr altyd goed en korrekt behannele. Der is altyd plak om te sliepen, it drinken is ûnbeperkt en it jild wurdt nea oer seurd. Dêr is gjin ferskil yn behanneling tusken Hollânse en Fryske skriuwers.

Dat seit Jelle Kaspersma (1948), de dichter dy't al jierren yn Noardwest Oerisel wennet en al mear as fiif en tritich jier skriuwt. As ik him oan it begjin fan ús petear fertel dat in oars ynteressearre lêzer fan Fryske boeken op myn fraach oft er wol ris fan Jelle Kaspersma heard hie it antwurd skuldich bliuwe moast, stekt de skriuwer fan wâl foar wat dus syn lêste ynterview foar in Frysktalich tydskrift wurde sil.

Kasper Jellema

Gjin wûnder dat sa'n man freget wa't Jelle Kaspersma is. Soms wit ik it sels mar kwalik, om't ik al wer in jiermennich oan 'e medisinen bin. Dy moatte mij kalm en de bloeddruk op peil hâlde. Neffens de hearen en dames doktoren giet it benammen de lêste tiid tige goed mei mij. It sil allegear wol sa wêze. Mar it measte dat bart giet bij mij lâns. Foar de goede oarder haw ik in pear feiten opsocht.
Op 2 maaie 1948 waard ik berne yn Snits. Nei in pear jier ferfearen wij nei Warkum, doe nei Warns en op 2 maart 1959 bedarren wij yn Starum. Op 15 novimber 1971 waard ik soldaat-tekener yn Assen en sûnt 1 febrewaris 1973 bin ik skoalmaster yn Genemuiden. Dêr haw ik wenne oant en mei 31 oktober 1991. Fanôf 1 novimber fan dat jier hâld ik ta yn Kampen op in ideaal wenplak.

Yn Starum wie ik fiskersfeint yn 'e fakânsjes, fan 1 july 1962 oant en mei 14 novimber 1971. Ein 1965 skreau ik myn earste fersen yn it Hollâns en op oanstean fan Bartle Laverman bin ik yn 1968 út ein setten mei it skriuwen yn it Frysk. Myn Fryske fersen wiene te beharkjen op Operaesje Fers. Yn Snits ha wij koart in soarte fan dichtersploech hân. Bartle, Binne Lútsen Boarnstra, Tsjêbbe Hettinga, ik en guon tekeners. Kofjebar De Witte Kat wie ús ûnderdak.

Yn 1974 debútearre ik mei Loft-lân en sé, in bondel dy't ik mei Tsjêbbe Hettinga makke ûnder de pseudonimen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga. Dat saneamde debutearjen wie mear in wykeingrap. Tsjêbbe wie in pear dagen op besite en doe ha wij dat boekje yninoar draaid. Syn earste bondeltsje, Yn dit lân, dat ik tekene en opskreaun hie, wie in jier earder samar útferkocht.

Ik wie yn 1970 fan doel om te debutearjen bij de Q, mar Reinder van der Leest wie min te sprekken oer myn fersen. Josse de Haan seach der noch wol ljocht yn, mar ik haw it dochs oer gean litten. Eins spitich. Yn 1971 debutearre ús Witte Kat klup fan jong oanstoarmjend talint mei de bondel Ut 'e Fryske Boezem. Der waarden in stikmennich boekjes proefprinte, mar de folchoarder wie net goed. Sadwaande is dy bondel nea op 'e merk kommen. Anne de Vries, Hiske Rypma, Binne Boanstra, Tsjêbbe Hettinga en ik woene it der doe mar bij litte, it soe tefolle kostje om de boel yn 'e goede folchoarder te printsjen. Ek spitich dus. Mar om sa in bân mei Fryslân te hâlden, nee, dat hat myn doel nea west. Ik koe mij better uterje yn it Frysk as yn it Hollâns, sa simpel wie dat.

Gaellemunegers

Letter publisearre ik wol yn beide talen. Mei taal berikke je in grutter publyk as mei skilderjen en tekenjen. Taal is sljochtwei it medium dat mij it bêste leit. Keunstners brûke ferve, inket, taal, stien en metaal as in útlaadklep foar gefoelens en tinzen dy't se úterje en diele wolle mei oaren. Mei it Frysk hawwe ik likefolle as mei it Hollâns. It Frysk is foar mij in soarte fan út 'e wei krûptaal wurden dy't mij tige nei op 'e hûd sit. Yn it Hollâns is der mear ôfstân wat gefoelens oanbelanget.

Ik haw oars ek publisearre yn 'e streektaal fan Genemuiden, it Gaellemunegers. Dat begûn mei it bondeltsje Doake, ferhalen en gedichten yn it Gaellemunegers, dy't ik skreau mei Geke Mateboer en Henk Beens. De lju fan 'e IJsselakademie hawwe nei it útkommen fan Doake mij oantrune om noch in bondel gear te stallen. Der wie jild foar, en sa kaam Achter de Tonge yn 1986 út.

Wij hawwe bij it skriuwen in soad wille hân, nei it feestlik ferskinen wiene der in searje literêre barrens. In leafhawwer fan minderheidstalen bin ik net spesjaal. It Gaellemunigers is by-gelyks sa goed as ferdwûn. De bern besykje op it skoalplein Hollâns te praten, it Gaellemuni-gers sa't dat likernôch tweintich jier lyn noch folop libbe is ferdwûn. Sa sil it mei it Frysk ek wol gean.

Ik bin it fierhinne iens mei Céline, it gros fan de minsken is dom, hinderlik, totaal net ynteressearre en folslein oerstallich. Likernôch fjouwer persint fan de minsken hat wat te fertellen. Soks jildt hielendal foar de Friezen. It soe moai oprûmje as dy seisennjoggentich persint eliminearre waard. Ik ha gâns poëzijwurk fan 'e Yndianen oersetten, mar yn Frys-lân is der hielendal gjin belangstelling foar. Ik ha nea heard dat de Friezen der echt op sitte te wachtsjen. Tjitte Piebenga en Josse de Haan fine myn oersettings wol moai. Fierder stie der yn de Snitser Krante wolris in posityf stik oer myn fertalingen. Bûten Fryslân is der gâns belangstelling foar sok wurk.

Kening Wangeunst

It is al wer in jiermennich lyn dat ik in optreden yn Fryslân hie. Dat is gjin wûnder, ik bin gjin lid mear fan It Skriuwersboun en der stiet gjin wurk fan mij yn de Spiegel van de Friese poëzie.

Dy inkelde kear dat myn namme nochris yn in tydskrift of yn in krante stiet, is dat meastal yn in negative kontekst. Ik fertoan mij net op skriuwerswykeinen, bals, boekemerken ensafuorthinne. As ik der efteroan sitte soe, kaam ik grif wer yn 'e spotlights. Mar ik haw gjin nocht mear om mij yn Fryslân te oppenearjen. Bûten Fryslân treed ik ek net sa faak mear op, mar dêr is it teminsten aardich om te dwaan. De minsken dêr hawwe ornaris mear belang- stelling foar poëzij. En dichters wurde net ûnfatsoenlik en hufterich behannele, lykas yn Fryslân wenst wie, benammen finansjeel.

Nei myn ludike aksje yn Bears bij in útrikking fan 'e Rely Jorritsmapriis yn 1995 [Kaspersma wegere dêr syn priiswinnend gedicht foar te dragen en lies in polemisearjend stik foar], warskôge Jelle de Jong mij foar represailles fan de Fryske literêre kongsy. Hij hat gelyk hân, ek mei syn opmerking dat Friezen oer it generaal gjin gefoel foar humor hawwe. Marten Brouwer wie it dêr folslein mei iens.

Ik bin fan betinken dat al dy negative besprekken fan myn wurk terjochte binne. Ik skriuw minne en ûnbegryplike fersen. Myn poëzij is de muoite fan it lêzen net wurdich. Kening Wangeunst swaait de skepter. Ubu Roi. It ûnferstân oan 'e macht. Tsjerk Veenstra skriuwt yn it Friesch Dagblad fan 25 febrewaris 1995 oer myn fers ‘op 'e brêge’ út 'e bondel Fol gas sudenop: ‘“Pamor” is in Yndiaansk wurd foar wyt izer, dat brûkt wurdt foar it fersieren fan klingen; dêrom ek dy kris yn de skie stutsen fan it moeras. In fiks wurdboek moat der dan wol eefkes by om dat út te finen.’ Pamor in Yndiaansk wurd foar wyt izer, hoe komt er der bij? In kris, dy't klear is, hat in blanke izerkleur. As dat izer bewurke wurdt mei in arsenikumoplossing, kriget it gewoane izer in swarte kleur. It nikkelizer wurdt sulvereftich, dát neame se pamor. No ja, sokke ûnsin stiet dan yn in besprek fan myn fersen.

Ave Marije

Myn lêste bondel yn it Frysk kaam yn 2000 út, Ave Marije. Oer Ave Marije kin grif in soad sein en skreaun wurde, mar nimmen hat mij der nei frege. Ik ha twa besprekken lêzen, mear binne der nei alle gedachten net skreaun. Beide besprekkers wiene tige negatyf, dus sil it wol in hiel minne bondel west ha. Ik leau net dat der folle mis is mei de literêre krityk yn Fryslân. Ik ha in hege pet op fan Veenbaas, Veenstra, Gezelle Meerburg en Yedema. Allegear grutte geasten dêr't Fryske skriuwers in soad oan ha kinne. Wier it is in bûtengewoan foarrjocht om fan sok folk besprutsen te wurden.

Ik ha oars mei in soad wille oan dy lêste bondel wurke. Der sitte guon âlde ferhalen út Starum yn ferwurke, dy't ik begjin jierren sechtich hearde fan guon fiskerlju op jierren. Fierder it alternative ferhaal fan in histoarikus, de Slach bij Starum begûn moarns om âlve oere op in moandei. Starum hat nei dy tiid oan it bewâld fan Karel V ta in pylgersoarde fan komsa west.

Op Leaffrouwedei wie der in prosesje mei Friezen út it hiele Fryslân fan doedestiids. It lytse houten byld, de swarte madonna fan Starum, waard dan rûndroegen. It byld is bij stoarmwaar weirekke yn 'e see, wolle guon hawwe. Oaren hâlde út dat it byld yn Himmelum bedarre is, mar dêr leau ik neat fan. Prosesjes op Leaffroudei ha der yn Himmelum nea west.

Fierder ha 'k guon eigen ûnderfinings út 'e tiid fan 'e wenningkreakerij om njoggenensantich/tachtich hinne yn de fersen ferwurke. Ik haw in skoft ‘ferkearing’ hân yn Amsterdam, dat wie in grut fersin. It omgean mei immen dy't swier oan 'e coke en de speed is, falt net ta, dêr helpt út soarte gjin ferealens tsjin. It wie al in soarte fan Marije, mar dan mear in hillige hoer.

Gerry [Kaspersma syn jong ferstoarne earste frou] har foto stiet op it omkaft fan 'e bondel, wie myn iennichste Marije en dat sil se bliuwe ek. Beskôgje it as in soarte ikoan. It ûntmaskerjen fan de Frouwe fan Starum is guon lju yn it ferkearde kielsgat sketten.

De Geast

Ien dy't affiniteit mei myn wurk hat, sil it wurdearje kinne, mar ien dy't dat net hat, sil der grif gjin muoite foar dwaan om dy fersewrâld yn te gean. Dat is te benearjend en faaks ropt soks eangstgefoelens of gefoelens fan jin net op it gemak fielen op.

Ik set ek allinne mar wurk oer dêr't ik sels affiniteit mei ha. Kjeld, min waar, allinne omfytse yn in ûnbidich grut lânskip, efter op de pick-up oer de highways fan de usa, omswalkje op it wetter, soks jout mij ynspiraasje. Mar eins is it oars, nei sa'n fytstocht gean ik sitten, ik stek in sigaar op, drink kofje mei âlde klea-re en begjin te skriuwen. Ynearsten liket it al-legear neat, mar nei in kertier of sa wurdt de Geast oer mij feardich en dan ûntsteane der rigels dêr't ik fierder mei kin. Ik skriuw dan, tige min lêsber, as in gek, krekt as ha ik wurk om de ynspiraasje foar te bliuwen. As it nei in kertier net bart, kin ik de boel wol ynpakke, dan wol de muze neat mei mij te krijen haw-we. Soms komme mij ûnder it wurk of ûnder it fytsen dichtrigels yn it sin. Dan is it saak om dy rigels te notearjen, letter bak ik der it fers der dan omhinne. It is altyd oerdeis, moarns en middeis. Jûns noait, dat wurdt bij mij neat.

We moatte dit ferhaal mar einigje mei in moaie anekdoate. De deis foar de brulloft fan de Wama's, op 1 febrewaris, wie ik yn Amsterdam. Dêr kaam ik yn in kafee de satirise tekener Willem (Bernhard Holtrop) tsjin. Hij wie dêr om in tal tekeningen fan de keninklike brulloft te meitsen. Hij fernijde mij dat er al jierrenlang lienjild fan de lira krige, foar boeken dy't er noait skreaun hie. Hij wennet sûnt 1969 yn Frankryk, dat ik tocht dat sil Benny Holtrop grif nij dwaan. Willem hat it jild twatrije kear weromstjoerd nei de lira, mar tsjinwurdich giet er der wiidweidich fan út iten. Hij wist net dat der in Fryske skriuwer omdoarmet mei deselde namme.

Trotwaer Febrewaris 2003


 
20 febrewary om 15:26
 
Hilaritas overwint ook bij Sara Kroos de depressie





Taboes zijn er om doorbroken te worden, vind ik maar nog veel belangrijker vinden de meeste cabaretiers. Een van hen is zeker Sara Kroos. Gisteravond was Kroos aanwezig in Sneek en dat heeft de uitverkochte grote zaal van Theater Sneek geweten, zeker de rochelende bezoeker op rij 7 en de appende dame op rij 1(!). Ja, dat moet je maar doen tijdens een voorstelling van Kroos, dan ben je aan de beurt!

Het adrem  reageren is en van de sterkste punten van deze cabaretière , die never nooit niet een voorstelling voort laat kabelen op de automatische piloot. Het is fris, sprankelend, komisch, actueel en vooral confronterend. Dat laatste als het gaat over depressie, een beladen onderwerp waar je liever niet over praat. Voor Sara Kroos geldt dat niet, zelf ervaringsdeskundige, klapt ze er met een indrukwekkend persoonlijk verhaal in dat ze in een breder perspectief plaats van hoe wij (!) met depressieve mensen omgaan.

Kroos maakt het onderwerp hilarisch en is daardoor in mijn optiek op voorhand al winnaar, omdat hilaritas het altijd nog wint van narigheid. Ze steekt vooral de draak met ongetwijfeld goed bedoelde adviezen. Maar deze dame moet fucker-de-fuck niets van gelukseenden hebben die bijvoorbeeld adviseren om te gaan hardlopen in fel fluorescerende hemdjes om nog maar te zwijgen over allerlei zweverige goeroes.

Wat een kostelijke persiflages van zweefteven die moralistisch prietpraat verkondigen. Kroos heeft er tijdens haar depressies blijkbaar niets aan gehad, net zo min dat ze baat had bij het eten van veel fruit. Of ze moesten een banaan als giraffe met oogjes van blauwe besjes voor haar hebben versierd, dan lust ze er zo wel zeven stuks van.

Het komische talent van Sara Kroos zorgt ervoor dat het geen loodzware avond wordt, maar het blijft echt wel zwabberen als je getroffen wordt door een depressie, zo weet deze zeer getalenteerd cabaretière duidelijk te maken. Eerst de dildo’s en daarna de depressie, is het motto van Kroos. Komisch hoe ze over haar overijverige hulp vertelt, die de niet opgeborgen dildo’s een schoonmaakbeurt geeft!

Indrukwekkend, het pakte mij bij de strot, hoe ze kort daarna volkomen uitgeteld op een boomstronk over haar depressie verhaalt. Dat blijft de rest van deze week nog wel even bij mij!

Vanaf moment één, als het publiek de zaal binnenkomt is er op het podium een achtergrond van een dreigende lucht en drie dubbel geklapte paraplu’s, een omgewaaide oude boom die ongetwijfeld metaforen zijn voor hoe kut het leven soms kan zijn. Tel daarbij op de prachtige muziek die drummerpercussionist Rutger Hoorn en basgitarist Nathaniël van Veenen ( komt uit Heerenveen en schreef voor aanvang van de voorstelling gisteravond ‘Hoi Sneek tot suh’) maken en iedereen begrijpt dat het een indrukwekkende voorstelling wordt.

Een voorstelling die eindigt in de wachtruimte van een kliniek, het woord gebruikt Kroos overigens niet, waarbij de cabaretière 91 jarige dame treft die haar toevertrouwt dat depressies eigenlijk nooit meer over gaan. Gelukkig overwint opnieuw de hilaritas want met een depressie kun je blijkbaar ook oud worden!

Een onvergetelijke voorstelling van een vrouw die iets te vertellen heeft en dat heel er goed doet. Kroos ik vond je gisteravond weergaloos!
 
19 febrewary om 18:58
 
Ik bin heel benieuwd...Mòrren resênsy!





In 'Zonder verdoving' vertelt Sara op gedurfde en originele manier over haar eigen crisis, toen het leven haar rauw overviel.

Sara is snoeihard, snoeilief maar bovenal schaamteloos grappig. Niemand anders laat u zo alle hoeken van de zaal zien als zij.

Wie ben je zonder al je zekerheden en verdovingen? Rauw. Onveilig. Maar wakker. Dat is Kroos. In de regen zonder jas. Dicht op het vuur. Zonder Verdoving gaat pijn doen, maar vooral van het lachen.

Foto: Jan Douwe Gorter
 
18 febrewary om 19:08
 
Op skema…





Nee, bliksum ik leef nyt allinech in ut ferleden. Ok nyt in de toekomst. Ik leef nou! Tòch is su nou en dan even weromsiën niks mis met en at je fan’t somer de 10 km fan de Mar.Athon metdrave wille sal der wel wat gebeure mutte. Fanmòrren dan ok hearlek in ut Burgemeester de Hooppark an ut trenen weest.

We lêge aardech op skema: 8 minúten drave-4 minúten rust-10 minúten drave-4 minúten rust en 12 minúten drave. En beslist nyt út’e liken. Wat begint de werkweek dan wondermoai in un park dat wakker wurdt út un winter dy’t der noait weest het.

Foto fan Ype van der Werf
 
17 febrewary om 18:31
 
Op 'e paal...





































Wat un fantastys moaie SUNdach! Echt fan genoaten. Fanmiddach even naar ut Gemeentelek Spòrtpark an de Liwwarderwech weest om foto's fan de wedstryd LSC1890-GVAV Rapiditas te maken. Hierboven de seary 'op 'e paal...'





Ut was opnieuw hearlek terraswear en dêrom ok nòch cappuccino op de Marktstraat dronken. In de Kerkgracht waren jonges fan un jaar òf 60 (+) met radiografise sylboatsjes an ut speulen...
 
16 febrewary om 13:23
 
Woodstock in Theater Sneek: Sentimental journey met love, peace & happiness





‘Adem in, adem uit…’ Die wijze yogalessen hoor ik elke week van mijn lerares Harriët. Gisteravond tijdens een weergaloze muzikale show ‘Woodstock The Story’klonken de woorden weer, alleen heel anders dan tijdens mijn yogasessies op woensdagmorgen aan de Leeuwarderweg. Volledig ondergedompeld in een nostalgische tsunami van een halve eeuw geleden waande ik mij weer de puber met het haar tot op z’n kont. Met mij allemaal generatiegenoten die een sentimental journey van love, peace & happiness ondergingen. Waanzinnig gewoon! Ik zag nog niet eerder tijdens een van mijn vele bezoeken naar Theater Sneek artiesten over het pluche van de theaterstoelen lopen.





Het begon al in de foyer waar Laurens ten Den al klappend het publiek vanaf de trappen opzweepte met vocabulaire uit de hippietijd. Meteen bijval van Snekers en Súdwesthoekers, waarvan sommige gekleed gaan zoals 50 jaar geleden. Theatervrijwilliger Rinke bijvoorbeeld die mij toevertrouwd dat hij ‘thús ok nòch su’n shirtsje út dy tiid het, mar dat ut écht te klein was om fanavend an te trekken’. Op de klanken van het overbekende ‘how many roads must a man walk down’ zingend de zaal in. En hoe is het in mogelijk daar naast vriend KaBé, die ik dus al een halve eeuw ken, te komen zitten! Toeval is de schaduw van god. Bij Kerst hoorde ik in die tijd de onsterfelijke muziek van Creedence Clearwater, waar hij groot fan van was. Tijdens de show wijst K. zo nu en dan naar boven en vertelt mij over de favoriete songs van zijn veel te vroeg overleden vrouw. Zo’n avond dus.





Deze voorstelling, is een waardig eerbetoon aan het Woodstockfestival uit augustus 1969, toen een half miljoen mensen bij elkaar kwamen op het weiland van de toen wereldberoemde boer Max Yasgur uit Bethel bij New York. Versterkt door filmbeelden op de achtergrond word ik overmand door sterke gevoelens van nostalgie en weemoed. Ik noteer de quotes van Ten Dam, die ogenschijnlijk het enthousiaste publiek wat ‘stoethaspelt’, maar ondertussen de harmonische sfeer van toen naar boven haalt. De stille hang naar tegendraadsheid is mij niet vreemd. Deze voorstelling was er gisteravond niet voor de band, maar voor ons omdat de muziek uit die jaren verweven is met ons leven. Allemachtig wat hilarisch als de plastic zakken het publiek in gegooid worden: ‘Wat hebben we aan principes als we er een natte kont aan over houden…’ Dat werk! De vraag ‘wat doen hippies in hun vrije tijd’, die meteen beantwoord wordt met ‘Vrijen!’ Waarna twee 60-plussers spontaan beginnen te vrijen. Mooier kan ik het niet maken, ik zie het voor mij gebeuren!





Ik ga hier niet al die klassiekers die gisteravond gespeeld werden weer oplepelen, wel dat deze fantastische cast ze op het scherpst van de snede spelen. Nou vooruit dan toch enkele hoogtepunten van de show even terug halen. Zanger en boegbeeld van de band, Martin van der Starre kruipt helemaal in de huid van Joe Cocker, de steenkoolgraversstem is heel authentiek als hij With a little Help From Mij Friends zingt. Trouwens die Muriel te Loo, de Janis Joplin, gaat ook helemaal los tijdens de haar uitvoering van ‘Piece of the Heart’. Wat een contrast als ze even later met de hele zaal het supergevoelige We Shall Overcome zingt en het lijkt of Joan Baez back in town is.





Meteen na de pauze, waar volgens mij iedereen aan toe was, volgt het keiharde protest van Jimi Hendrix tegen de toenmalige machthebbers in Amerika: Star Spangled Banner. David Aferiat ( geboren in 1969!) speelt het nummer uitstekend!





De climax van de show is als het publiek uitgenodigd wordt om ook op het podium te komen en het meezingfeest compleet is. Manmanman wat een feest van herkenning. Gelukkig heb ik vandaag de foto’s nog. De beelden uit die jaren zitten al jaren in mijn kop. Resumé: Het was gisteravond Flower Power op z’n best, er werd een uniek sfeertje geschept, waarbij niet alleen de hippies van toen genoten, maar ook jongeren van later geraakt werden.





En ik, persoonlijk? In de zomer van 1969 moest ik nog 15 jaar worden, had wel het besef dat ik in een bijzondere tijd leefde, maar deed er nog niet heel actief aan mee. Ik ben een Huppy! Geen hippie, al droeg ik toen het haar tot op mijn kont, maar ook geen yup. Een Huppy dus met een sterkte hang naar het hippiedom, dat dan wel weer, ik weet waar mijn dwarsigheid vandaan komt!

 
15 febrewary om 19:15
 
De dach pinponkde wear alle goeie kanten út





De dach pinponkde wear alle goeie kanten út en is nòch nyt eens foarbij. Fanmòrrenfroech un moai interview met pastoar Peter van der Weide en Renate Dümmer had over un bysonder projekt in Sneek.





Foarou an ut gesprek kwam ik twee opfallende frouwen teugen met un reklamerolkoffer achter sich an. Se maakten reklame foar de bibel en Gòd, dy’t se dan wel wear anders noëme. Nou nyt bepaald myn klup…





Ferder un High Tea metmaakt, wêr’t Goudy’s fan Sociaal Goud ouwere minsen un Gouden middach besòrgden: Jeugd=Deugd!





Dêrna rondsje stad deen: foarjaar in febrewary en de earste terrastijgers al wear waarnommen in ut sentrum fan ’e stad.





An ut end fan’e middach moai gesprek had met Machteld: tegare de liefde foar (jeugd)boeken dele.

En fanavend? Mar even onder leeftydsgenoaten in Theater Sneek: Woodstock the story!

 
14 febrewary om 21:32
 
40 jaar leden...





De 14de febrewary is nyt allienech de geboartedach fan myn fader, Benedictus van der Veer (1911-1990), ut is fandaach ok 40 jaar leden dat Fryslaan un sneeuwstòrm metmaakte dy't syn wearga nyt had.





Ik woande toen in de Hommerts en kreech mòrrensfroech un kladbriefke fan de buren in de brievebus dat der dy dach gyn skoal was. Ik had nòch gyn telefoan en de buren wel, fandêr. Su lang is ut dus leden. Dyselde dach bin ik nòch lopens naar Joure toegaan, dêr't J. woande: Ut was toen ok al Valentijn!





Deur dy barre tòcht, dwars oversteke over de besneeuwde landerijen, maakte ik blykber su'n indruk op ut meiske dat we dy somer fan dat jaar troud binne.





Fòlgens J. was dy trouwerij al earder oupraten, mar ja ut is ok al 40 jaar leden! Alles wurdt inkleurd deur de tiid, de foto ’s ok!
 
13 febrewary om 19:14
 
Paviljoen gestript voor Waterrijck Sneekermeer





Waterrijck heet bezoekers van harte welkom aan de boorden van het Sneekermeer! Was het tot voor kort nog een haveloze bende waar ooit het roemruchte Paviljoen van Sneek stond, nu is er een en al bedrijvigheid. De afgelopen weken hebben werklieden de voormalige horecagelegenheid bijna geheel gestript. Bij de trapopgang hangt nog het bordje ‘Sneekermeerzaal’ als stille getuige van wat is geweest.





Aan de boorden van de Snitsermar ( zo is de officiële naam) zullen binnen afzienbare tijd 37 appartementen en 27 zogenaamde houseboats worden gebouwd. De verkoop is inmiddels gestart.





Merogroep, investeerders uit Amsterdam, laten het de afgelopen jaren verwaarloosde terrein omtoveren tot een waar Eldorado voor de water(sport)liefhebbers: Waterrijck Sneekermeer!





Poralu Marine hebben de oude steigers in de jachthaven inmiddels voor een groot gedeelte vervangen door roomkleurige kunststof exemplaren.





 
12 febrewary om 19:56
 
Ik sêch niks...





Project 11Fountains 1,25 miljoen duurder dan begroot

Sneek- Het project 11Fountains is ruim 1,25 miljoen euro duurder geworden dan de 5,6 miljoen euro waar de provincie het van wilde doen. De overschrijding van de bouwkosten is bijna een half miljoen en zullen worden gedekt door de provincie en de betrokken gemeenten.

In de begroting was rekening gehouden met één miljoen aan inkomsten uit sponsoring. Dat is bij lange na niet gehaald. De teller is blijven steken op bijna 250.000 euro.




SWF-Wethouder van cultuur Stella van Gent en op de voorgrond Anna Tilroe, projectleider van de 11 Fountains, waren op 28 maart 2018 in Easterein aanwezig om samen met comedian Jan Jaap van der Wal over de fonteinen te praten: Het is ingewikkeld…

Tekort voor provincie

De provincie staat voor het tekort. Gedeputeerde Sietske Poepjes zegt dat het tekort is ontstaan, omdat de provincie te laat de organisatie van de Stichting Culturele Hoofdstad heeft overgenomen.

“Troch de tiidsdruk, dat it ek echt op 18 maaie 2018 oplevere wurde moast is it wat djoerder wurden. We binne no yn goed oerliz mei de gemeenten om te sjen hoe’t we de kosten ferdiele sille”, aldus de gedeputeerde voor de microfoon van Omrop Fryslân.

Ekstra bakjes koffy…

Niet tegenstaande het tekort van 1,25 miljoen euro vindt de provincie het project wel ‘tige slagge’. “De fonteinen hawwe hiel folle toeristen opsmiten en hiel folle ekstra bakjes koffy en broadsjes dy’t betelle binne. In bult minsken dy’t it nei de sin hân hawwe bij ús yn de provinsje. We stean goed op de kaart, dus ik tink dat it al mei al in boppeslach foar de provinsje is”, weet gedeputeerde Poepjes.

In de gemeente Súdwest-Fryslân staan zes van de 11 fonteinen, waarvan de laatste gister in Dokkum geplaatst is. Op 22 februari zal een feestelijke opening plaatsvinden.

Op de bovenst foto: Mirjam Bakker, de toemalige wethouder fan SWF en kunstenaar Stephan Balkenhol, tidens onthulling Sneker fontein
 
11 febrewary om 17:26
 
Apart nyt, un pimpelmees met stress!!





Kiek even fyn ik ut wel aardech, un fogeltsje dat teugen ut rút tikt, mar at dat twee dagen achtermekaar is…Bij nader bestúdearing weet ik dat ut un pimpelmees is, ok nòch eentsje met un rinkje om’e linker poat. Dat ik mach annimme dat ut un troude Roomse Pimpelmees is. Of ut beestje ok an de pimpel weest het, weet ik dan wear nyt.

Ik ken ok ut ferske fan un Roodborstje dat teugen ut rút tikt:

Roodborstje tikt tegen 't raam, tik, tik, tik
Laat mij erin, laat mij erin
't Is hier te guur en te koud naar mijn zin
Laat mij er in, ja er in

't Meisje deed open en strooid' op haar schoot
Kruimeltjes suiker en kruimeltjes brood
Dat was het roodborstje wel naar de zin
Vloog toen het bos maar weer in

Is úteraard flauwekul. Dat ik bin op soek gaan, wêrom’t su’n fogeltsje dat doët, wat dat wil ik dan wel wear wete. En niks is geheim op ut world wide web:

“Dagenlang kunnen vogels ermee doorgaan: tegen het raam tikken en fladderen. Van de vroege ochtend tot de late avond. Om gek van te worden. Waarom doen vogels dit en kan het kwaad?

Als vogels tegen een raam tikken willen ze echt niet naar binnen. Sommige mensen denken dat ze bedelen, maar ze willen ook geen eten. Het enige wat ze willen is die rotvogel verjagen die daar in hun territorium zit.

Onherkenbaar spiegelbeeld

Het is moeilijk voor te stellen, maar vogels herkennen hun eigen spiegelbeeld niet. Ze snappen niet dat ze zichzelf zien in een raam of spiegel en denken dat hun reflectie een andere vogel is. En in het broedseizoen, is een andere vogel al snel een indringer in hun territorium. Die moet weg.

Wat kunt u doen?

De raamtikker heeft dus stress en het is ook nog eens onrustig voor u. Stop dit gedrag daarom door tijdelijk wat tegen de buitenkant van het raam te plakken, zodat het niet meer spiegelt. Het maakt niet uit wat, maar een tip is: doorschijnend, zelfklevend huishoudfolie. Vaak breekt het de spiegeling genoeg, is gemakkelijk te plaatsen en laat nog wel licht door.”

Mòrren de fitraazje mar even dichtdoën foar dy druktemaker!
 
10 febrewary om 21:30
 
Myn werkkamer is myn kantoar...





Fandaach gyn stap bútendeur setten, allienech in myn werkkamer bezech weest. Foto's bekieke, saten fraaie kykjes bij!
 
9 febrewary om 22:50
 
Nyt al tefeul fandaach...





Krekt teruch út ut Abe Lenstra Stadion: wear nyt al tefeul!!
 
8 febrewary om 17:38
 
Waardeloase foto's mar moai interview





Ik kan der ok nyt mear fan make: fotografeare is un fak!! Interview trouwens ok...

One apple a day keeps the doctor away!! Dat dan wel wear...
 
7 febrewary om 17:56
 
Mannen fan izer & staal





Overal, ja overal kom ik! Fanmiddach was ok wear su’n moment: Postma & Groen-Smederij en Konstruktiewerken! Ja, ik weet ok wel dat je Contructiewerken skriëve mutte (fan wie trouwens? Fan de taalplisy?!) mar Franke Groen cs doën ut su. Ut was wear un bysonder interview!



 
6 febrewary om 19:06
 
Onderwech....



 
5 febrewary om 18:24
 
Der is gyn woard Bòlserters bij...





Selfrefleksy: Jaja Van der Veer, mar lekskoaie op de gemeente SWF, en wat doëst self?!

Bolsward- Met grote blijdschap kondigen wij u de geboorte aan van GrootBolsward-IJsselmeerkust krant! Na GrootSneek, GrootHeerenveen en GrootdeFryskeMarren maakt GrootBolsward-IJsselmeerkust het klavertje 4 van de Groot-uitgaven vol. Een krant boordevol nieuws en achtergrondverhalen over wat er zich in deze regio afspeelt. De krant is een maandelijkse uitgave van Ying Media. De GrootBolsward-IJsselmeer krant wordt huis-aan-huis verspreid in Bolsward, de Greidhoeke en alle dorpen en steden langs de IJsselmeerkust in een straal van ca. 10 kilometer. De oplage is 22.000 exemplaren.

Vanmorgen werd het eerste exemplaar van GrootBolsward-IJsselmeerkust door Ying Mellema en Marianne Bouwman aangeboden aan wethouder Gea Wielinga van de gemeente Súdwest-Fryslân.
 
4 febrewary om 21:07
 
Drave in wolken fan stúfmeel





Fanmòrren hearlek an ut draven weest in ut Burgemeester de Hooppark fan Sneek. De earlekheid gebied te sêgen dat ut lopen prima ging, mar dat ik fanmiddach na dy tiid behoarlek last fan de pollenallergy had. Ik hoest mij dan út mekaar en de overbekende klúten fan Van Druten binne amper te tellen. Ferrekte lastech! Ik ferlang naar ut foarjaar, want dan hew ik gyn last mear fan dy ferrekte haselaar en els!

Ondertussen druk bezech met ut skriëven fan un groat artikel over Vrouwen van Nu Fryslân.
 
3 febrewary om 18:54
 
Literêre rykdom in ut 'Stellingwarfs' en ut negearen fan ut stads deur oans gemeentebestuurders





Gistermiddach un moai uur met Johan Veenstra,literêre maat op oustaan, had. Johan brocht mij un haanfol eigen públikasys's dy't ik nòch nyt had. Ik bin der ferrekte wies met, omdat dizze skriëver/dichter prachtech werk levert. Syn poëzijbundels 'as de wilde roze bluuit' en 'De toren van De Lichtmis' koester ik as kaviaar.

Lúdop leze en ik begryp alles fan ut 'Stellingwarfs'. Dat is ok nyt su apart, omdat de Petstra-family foar ut groatse deel út Saksys taalgebiet komt.

Johan en ik hewwe gister úteraard praten over de posisy fan de minderheidstalen in Fryslaan, want dat is syn Stellingwarfs en myn Snekers. Johan het gister bij de Bonte Sneker Avend weest en had dúdelek affiniteit met ut Snekers, krekt su as ik dat met ut Stellingwarfs hew.

Johan is pesimistys at ut over ut foartbetaan fan syn thústaal gaat. Rasoptimist as ik bin siën nòch wel mooglekheden foar ut Snekers.

De BSA is der un levendech foarbeeld fan. Minder te spreken bin ik over de su langsamerhaan overhearsing fan ut Frys fan oans lokaal bestuur. Gistermiddach tidens de opening fan it Súdwesthûs ( dat sêge Súdwesthoekers trouwens noait 'hûs' en Snekers al helemaal nyt, dy sêge 'hús'!!) wear gyn woard stads. Un andere minderheidstaaldichter, Hylper Anske Smit, snittert: ‘Súdwesthûs, brrr an it woord Sneek kon wel melaatshied kleeve…’

Ok tidens de raadsfergaderingen betrap ik de fòlksferteugenwoardegers noait op een woard stads!

Ferrekte spitech allemaal, want der is gyn gemeente dêr’t su’n ferskeidenheid an taal is as júst Súdwest-Fryslaan. Bitsje onnoazel dat der altyd mar een faas met twee taalbloemen op tafel staat: Frysk en Hollaans ( òf wat der foar deurgaan mut)...
 
2 febrewary om 19:24
 
Opening Públykssentrum Súdwest-Fryslaan





Fanmiddach bij de opening fan ut Públykssentrum an de Marktstraat weest. En ik was nyt enige! Honderden minsen kwamen even siën bij ut Súdwesthûs, want dat is de naam dy’t Klaas Bosman foar ut sentrum bedocht. Ut siët der allemaal heel gelikt en transparant út, de praktyk sal nou in de kommende jaren útwize hoe’t dit syn úwerking het. Ok in ut Bestjoershûs, dêr’t de gemeenteraad fergadert, was ut un drukte fan belang.

Over de gemeenteraad sproken, iedereen dy’t dat wil kan de fergaderingen fia un livestream fòlge. Ik doën dat altyd en mear minsen súden dat doën mutte, dan pas wete je bij de ferkiëzings ok wêr’t je over prate (=stemme). Spitechgenoech binne der mar un haanfol minsen dy’t dat doën, faak met kromme toanen…De laatste fergadering, over ut gedogen fan de Sneker Mijn Tafel, was foar mij un dyptepunt.

Absolút gyn gefoël foar un hardwerkende ondernimster!

Ik hoop dat de werkomgeving fan de amtenaren en de gemeenteraad aansens spoart met ut nivo fan de fergaderingen, dan komt ut fast goëd.

 
1 febrewary om 19:44
 
Skriëve en leze





Saai leven? Nee, absolút nyt! Ik ròl fan ut ene moaie ferhaal in ut andere. Terwyl de minsen myn ferhalen leze, bin ik al wear bezech met ut skriëven fan de fòlgende stories. Fan ferhalen over Friese pearden tòt Vrouwen van Nu Fryslân. Ferhalen fan rektòrs tòt koekebakkers & burgemeesters. Ik kom overal. Oans Lieve Hear het sufeul ferskillende kostgangers, de ferhalestroom bliëft mar deurgaan.

Gelukkech wel! En anders bedenk ik self ferhalen, omdat ik nyt sonder kan.