dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2019Bekiek hele maand 
 
25 febrewary om 20:21
 
Moanne fan it Fryske Boek set útein mei Frysk Boekebal





De hiele moanne maart stiet yn it teken fan it Fryske boek. Willem Schoorstra skreau spesjaal foar dy gelegenheid it kadoboek Rosmos. Dat wurdt de hiele moanne fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken. Alhiel yn de styl fan it kadoboek set de Moanne fan it Fryske Boek sneon 2 maart útein mei in spetterjend boekebal yn Neushoorn te Ljouwert.

Op it programma stiet de útrikking fan it earste eksimplaar fan Rosmos troch Willem Schoorstra oan deputearre Sietske Poepjes, węrby’t Schoorstra wat oer syn boek fertelle sil, en oanslutend is der in foardracht fan tattoo-artyst Rinto. De twadde helte fan de jűn kin elk los op de spikerhurde rock-’n-roll fan de Junkyard Dogs. Fansels is der de hiele jűn boekeferkeap en yn it skoft in sinjearsesje mei de skriuwer. De presintaasje fan de jűn is yn hannen fan Asing Walthaus.

Oer Rosmos

Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘űnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lęzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

It kadoboek Rosmos, ferskynd by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal, is skreaun yn opdracht fan Boeken fan Fryslân, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek. It kadoboek is de hiele moanne maart fergees te krijen by in besteging fan € 12,50 oan boeken.