dagboek > overzicht
Dagboek september 2017Bekiek hele maand 
 
15 september om 14:25
 
Elk Sines is mear as allinne oade oan Tjerkje fan’e Klieuw





Justerjûn is de teaterfoarstelling Elk Sines dat oer in tal hichtepunten út it libben fan de famylje Huitema fan’e Klieuw giet yn premjêre gien. Dat barde yn de skuorre fan Hunia Sathe, oan de Huniadyk, in pear hûndert meter fan kafee De Klieuw ôf. Yn it stik is der in glânsrol foar kasteleinske Tjerkje, formidabel spile troch Klaasje Postma. De produksje, ûnder rezjy fan Ypy Zysling, is gyn groanologys ferhaal mar it binne hichtepunten út it libben fan de Huitema’s en ut ferneamde kafee mei har bysûndere gasten.





It públyk wurdt meinommen yn’e tiid doe’t Tjerkje it yn it kafee foar it sizzen hie en dat wie fan 1938 at har heit Douwe Huitema komt te ferstjerren en sij mei har mem Trude de lieding oer it eteblissemint krijt. At mem yn 1961 ferstjert komt Tjerkje har belofte nei oan har âlden om it kafee troch te setten. De Klieuw wurdt in begryp foar jong en âld en sil dat bliuwe oant Tjerkje yn 1989 foar altyd de doarren slút. Sels in bod fan fiif ton, dien troch Eddy dy’t it kafee wol oernimme wol, feroaret neat oan Tjerkje har beslút: “Ik fuort, alles fuort!”





It stik boeit fan begjin oant de ein . It is oade oan de grand lady fan’e Klieuw, sûnder dat der in hillige fan dizze eigensinnige frou makke wurdt. Mar it is ek mear as in oade, it stik jout in prachtich tiidsbyld en it publyk wurdt meinaam in un retropespektive foarstelling.





Tjerkje en har twa eigensinnige bruorren Lammert en Fonger, magistraal delsetten troch respektivelik Sjoerd Huitema en Rienk Nicolai, bliuwe op’e Klieuw wenjen omdat der yn Amearika gjin Klieuw is! Suster Anne docht dat net, sij folgt har leafde nei Amearika wol, om jierren letter mei bittere ervarings werom te kommen nei har âldershûs. Dan wurdt ek dúdelik hoe’t de famyljeferhâldings binne.

Der is net allinne in haat/leafde ferhâlding tusken de twa bruorren en Tjerkje, mar ek de beide sussen kinne mekoars bloed wol drinke. Wreed! Yn it prachtige fers ‘Dêr bist no susters foar’, sa as alle fersen skreaun troch Eppie Dam, wurde de ferhâldings tusken Tjerkje en Anne ( treflik spile troch aktrise Titia Huisman) stiet it sa:

Bisto myn eigen suster?
Wêróm sa’n grut ferskil!
Wiesto dy mar bewuster
Fan dyn besleine bril!

Och deune fûle raven
Datsto sa’n klauwer bist

Noait sille fjoer en wetter
Tegearre troch ien doar
Mei frjemden kin ik better-
Dêr bist no susters foar!

Dat Tjerkje in jildklauwer wie, komt moai nei foaren yn in sêne mei har boekhâlder Nico, at it oer it swarte jild giet. It swarte jild dat Tjerkje bewarret ûnder har matras omdat se de bank net fertroud, dat jild dat rukt en fielt sa lekker! Mar it slagget Nico net om it jild wyt te waskjen, sterker noch, it ferdampt yn bûtenlânse projektjes fan Nico!





‘It jild en de prom dêr draait it hiele libben om’, sa liket it adagium fan De Klieuw te wêzen. Net allinne foar Tjerkje mar ek foar Fonger, dy’t as jongfeint ôfwiist wurdt om syn komôf en wêr’t er as in Fryske Armand oer sjongt: ‘Bin ik te min omdat jim heit mear kij hat as ik kninen?’ It is dúdelik de pine leit yn it ferline!

Mar der falt ek genôch te laitsjen, de klassiker dat Tjerkje in pear kear achter mekoar om droege woarst frege wurdt, is hilarys. ‘Droege boarsten? Ik ha wol droege woarsten!’De ko yn’e herberch, dy’t justerjûn ek noch delskiet, de gokkerij fan de klanten, de sabeare trouamtner Fonger, it passeart allegear de revu. Dat revu achtige komt hielendal nei foar yn in American Dream fan Tjerkje, at se dochs nei Ameerika giet. Selden sa’n hearlike nachtmerry meimakke!





Yn it moed taastend binne de sênes fan Tjerke en har grutte leafde Maria, moai útbylde troch Ingrid Rijssenbeek. Ik haw mij justerjûn kostlik fermakke met ‘Elk Sines’ en ik bin der fan oertsjûge dat de besikers oan de folgjende 14 foarstelling dat ek dwaan sille. Dit stik moat (!) oare jier tidens LF2018 op’e nij op’e planken!

Meiwurkers & frijwillgers (hulde!)
Muzykteater ‘Elk Sines’
Produksje en rezjy: Ype Zysling
Skript:Folkert Sijbrandij
Lietteksten: Eppie Dam
Múzyk: Sytse Broersma
Tearterfoarmjowing: Marieke Veenstra
Produksje: Sita van der Zee-Foekema
Koreografy/rezjy assistint: Mirjam van Duin
Grime: Rita Bloo
Ljocht: Marius Del Grosso
Lûd: Siebren Greidanus