dagboek > overzicht
Dagboek april 2004Bekiek hele maand 
 
14 april om 18:51
  Op twee jannewary hewwe Paul van Goor en ik naar de studio fan Omrop Fryslân Radio weest. We hewwe dęr wat ferteld over disse website. Der wurde oans beloofd dat der su gau mooglek in 'link' op de site fan de Omrop plaatst wurde sú. Goed dry maanden later soek ik mij nňch ut laplazerus om dy deurferwizing. Sú ut Snekers, en wat breder ut stads, nyt mettelle dęr in de hoofdstad?

En dan dit nňch:

UTJOUWER FERBREKT KONTAKT MEI EELTSJE HETTINGA

(Farsk, 13 april) Utjouwerij Bornmeer hat de gearwurking mei dichter en skriuwer Eeltsje Hettinga opsein. Dit meldt Hettinga yn in stik op de ynternetsite www.degezonderoker.nl fan Theo van Gogh.

‘Er is geen basis voor een werkbare en vruchtbare samenwerking, noch voor wat het Slauerhoff-project betreft noch voor overige projecten. Wij zeggen daarom bij dezen de samenwerking op,’ set Hettinga yn it artikel ‘Het gat van Friesland’ oer út in brief dy’t er fan Bornmeer krige.

Hettinga soe takom jier yn ’e mande mei de dichters Eppie Dam en Abe de Vries in bondel mei yn it Frysk oersette fersen fan Jan Jacob Slauerhoff publisearje. Ek wie er fan doel om in Nachtbraakboek en in nije dichtbondel by Bornmeer űnder te bringen.

Neffens útjouwerij Bornmeer is it kontakt mei Hettinga ferbrutsen omdat mei him yn it Slauerhoff-projekt op it persoanlike męd net gear te wurkjen wie. Dat er út de redaksje setten is, betsjut dat it projekt yn dy foarm net trochgean kin.

Fan Trinus Riemersma, skriuwer en mei-oprjochter fan útjouwerij Venus, wol Hettinga noait wer in wurd lęze, skriuwt er ek by Van Gogh. Dit omdat Riemersma net yngie op it fersyk fan Hettinga om syn boykotaksje tsjin de Leeuwarder Courant te stypjen. Riemersma is in ‘deade dykjes ridende kânselkwast fan Frentsjer’.

Hettinga soe yn it neijier by Venus in dichtbondel en in opstel útjaan oer de Fryske poëzij fan de lęste tsien jier. It is net bekend węr’t de dichter yn ’e takomst syn wurk útjaan sil.

(Bron: www.farsk.nl)

Sú Hettinga gyn spiegel hewwe?