dagboek > overzicht
Dagboek september 2016Bekiek hele maand 
 
24 september om 10:36
 
Folle seal foar oertsjűgjend Teater Tsja





Snits- Justerjűn belibbe Teater Tsja in súksesfolle premjęre yn it altenatieve mar oh sa sműke Teaterkafé Lewinski fan Snits. De seal wie mei 70 persoanen finaal útferkocht en it publyk belibbe net allinne de berte fan in nije teatergroep mar ek nňch ris in prima foarstelling.





‘Tsja’ bestiet út de betűfte aktrises Anneke Hondema en Joke Tromp. Mei it troch har sels bewurke ‘Brűze en Siede’, in oarspronklike Amerikaanse klucht, besoargen de spylsters it publyk in hiele noflike jűn.





At dit de opmaat is foar mear, dan kin Fryslân noch wat ferwachtsje! It stik waard regisearre troch Durk de Vries en is op 25 septimber nochris te sjen.

Foto’s Nico Altenburg