dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2005Bekiek hele maand 
 
25 febrewary om 17:07
  Fanmiddach binne tidens un rechtstreekse útsending fan de Koperen Tún, op Omrop Fryslân Radio de Liuwe- en de Welpeprint útrykt. Dat binne de prizen foar de moaist fersorgde Frystalege boeken foar folwassenen en kyndes. De Welpeprint ging naar 'De poes mei de lange sturt' fan Baukje Wytsma en Carla van der Heijde. De Liuweprint was foar útgeverij Cepher, dy't ut boek 'Gjin Grinzen, de Reis', onder redaksy fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, op de boekemerk brocht. Over de fňrmegeving skreef ik in myn resęnsy foar ut Sneeker Nieuwsblad ut folgende:

"Oan alles is te merkbiten dat Stichting Cepher yn węzen mar ien doelstelling hat: it befoarderjen fan (Fryske) letterkunde.
Mei de bysűndere útjefte fan ‘De Reis’ slagget dat sűndermis. It boek is fantastys moai foarmjűn troch Michiel Postma ( 21 ), in noch hiel jonge foarmjouwer. At dit de opmaat foar mear wurk fan Postma is, dan kinne wy noch wat ferwachtsje. Yn it aubergine-kleurige buordpapieren omkaft, sit de cd ferburgen. De ynhâldsopjefte en oare ynformaasje is net fertikaal mar horizontaal ôfprinte en te finen op de skutblęden oan de binnenkant fan it omkaft. De hiele lay-out is oars as oars, eigensinnich. Sa is it fers ‘sűnder sintrum sűnder/ sels sels reizget bűten/ himsels it wűnder/ minske yn al/ wat him bereizget’ , fan Hu Thung-song ( = Eeltsje Hettinga ) fan achter nei foaren yn de bondel opnommen yn in opfallend lettertype. De oarspronklike Frysktalige fersen krije yn’e lay-out mear romte as de oersettingen. Dy kar hie om my wol oars (= gelyk ) mochten. Foar de oersettingen is in oar lettertype brűkt as it Frysk, dat fyn ik wol wer aardich. De nammen fan de dichters steane net űnder de fersen, mar fertikaal neist de poëzij. Koartsein in opfallende suver eksperimentele lay-out. Postma giet oer bewende grinzen. Dizze foarmjouwer hat in eigen styl, hy doart, hat lef en dęr mei ik wol oer!"

Michiel fan harte met dizze pries, dou bist un absolúte topper, mar dat hat ik al skreven.
Piter Boersma, het in un resęnsy op Farsk syn bęst deen om de útgave fan Cepher de groan in te boaren. Over de layout skreef Boersma dit: "De lay-out. Der is besocht om der wat oars as oars fan te meitsjen en dęrby, sa’t ik it ynterpretearje, oan te sluten by it wurd ‘grinzen’ yn ’e titel: de siden dęr’t romte genôch is foar de wurden (de titelside ensfh.) fleane de wurden fan ôf, mar op ’e tekstsiden is krekt oarsom safolle mooglik tekst binnen de sidegrinzen byinoar set (sa ha de gedichten net elk har eigen side krigen en hat de bledspegel hiele lytse marzjes. It resultaat is nei myn betinken abominabel. Om it binnenwurk sitte twa grouwe stikken karton (stevich ynpakt foar mei op reis?). Gjin gek idee, de wize sa’t dy dęr om hinne plakt sitte fertsjinnet lykwols wer gjin skientmepriis."

Tsja...