dagboek > overzicht
Dagboek november 2012Bekiek hele maand 
 
17 november om 18:14
 
Alles foar de literatuur





Wat un hearleke tryste novemberdach fandaach. Blij dat de son fanmòrren al gau achter de grize wolken ferdween. Ut is novermberwear òf ut is ut nyt! Eigenlek besoademitert november je noait, ut is en bliëft un tryste maand! Dizze hele dach bezech weest om te bekommen fan de laaste hektise weken, ut kwam dus moai út dat der aardech wat literatuur op myn wech lach dizze sombere novembersaterdach. Fanmòrren het Romke Toering bij mij weest. Ik hew un moaie opdracht fan um kregen, un fertaalputsje dat ferder gaat as allienech mar fertale!

Hew ok wel un idee wêrom’t Toering bij mij anklopt het, mar suwel Romke as ik hewwe dat nyt útsproken. Ik ken Romke allienech fan papier en as akteur. Syn stuk Baarderlân fyn ik fenominaal. Wêr’t hij mij fan ken. Ik hew un fermoeden, mar ut doët der nyt toe, nou ja ut het te maken met één fan de personaasjes út de Emigrant ( Fryslân as in âlde leafde ), un teatrale fertelling:

Emigrearje! Amearika, Amearika!

Al mear as twa ieuwen reizgje lânferhuzers de wrâld yn op syk nei in nij en better bestean. Benammen nei de twadde wrâldoarloch wie emigraasje it grutte toverwurd. Werom gongen se, wat beweegde har, al dy emigranten. Sa fi er fan hûs. In net te fernearen ûnwennigens. Bikkelje yn in it lân fan dream en winsken. ‘De Emigrant’ fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in emigrant, dy’t fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oer stuts nei Kanada. Ek hy hat it as emigrant netmaklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.
De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om te prakkesearjen, om te twifeljen. No is der tiid en romte foar ûnwennigens en in ferlet om it lânfan de memmetaal noch ris op te sykjen.

De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alleeinen en kanten konfrontearjend. It fuortgean is hast identyk oan fyftich jier lyn. Konfrontearjendis allyksa it petear dat er mei in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante hat. In kranteman fanbûtenlânse komôf. In nijsgjirrige moeting tusken in Fryske emi- en in ymmigrant, dy’t beidewrakselje tusken twa wrâlden.

By syn thúskomst yn Kanada,wurdt de âld boer konfrontearre mei de twingende winsk fan synsoan. De winsk om werom te kearen nei syn roots. Emigrearje! Europa! Europa!

Tekst en regy: Romke Toering. Spilers: Freark Smink en Theo Smedes

Ensafh





Ut papieren Fryske literêr tydskrift Ensafh. lei fanmòrren ok op deursmat. Ik mach ut literêre magazine graach leze. Staat diskear un flymskerpe resênsy fan Josse de Haan in. De Haan feegt de floer an met de biografy over Boele Bregman dy’t Doeke Sijens skreven het. Ferder ut proazafers fan Nyk de Vries al lezen. Prachtech!

Bundel Eppie Dam





As laaste, de nieuwe poëzybundel fan Eppie Dam: Mem sjoch boi. Ik bin un groat liefhwwer fan Dam syn poëzy en ik hew dizze bundel dan ok bij de Friese Pers Boekerij anfraagd om te bespreken foar de Friesland Post. Ut is su langsamerhaan al un únikum as der un bundel met Frystalege poëzy ferskynt. Wat het dat in ut ferleden tòch wel feul anders weest. Ik sal nyt nalaten om de Fryske poëzy in de digitale etalazy te setten. Dêrom hier ok al even andacht foar Dam syn nieuweling!

Apart dat je as aktyf blogger nyt automatys nieuw werk toesonden krije fan de útgevers, ik mut der altyd om frage. De status fan drukte media is nòch altyd hoger as dy fan de digitale blykber. Bitsje onnoazel, want ik durf wel te wedden dat ik mear lezers hew as befoarbeeld de papieren Ensafh en de Moanne, dat houd met un paar honderd wel op!