dagboek > overzicht
Dagboek júny 2012Bekiek hele maand 
 
18 júny om 17:03
 
Slachte in poëzy






Om nňch even goëd ou te kicken un poëtise bijdrage over de Slachtemaraton fan 2012. Ik hew saterdach un antal brothers in de poëzy op’e kyk setten. Hierbij dy foto’s en de fersen dy’t sij skreven hewwe. Se staan ok in ut spesjale Slachtemaraton boekje. Op'e laaste foto Sneker dichter Cornelis van der Wal, hij droech saterdach ok fersen foar.






Wolsto


wolsto in eintsje swinne
dy samar driuwe litte
op myn siken

witsto noch hoe’t it fielt
as de see har fűst krôlet, de floed
ynbrekt as in wurge dief o leafste

hearsto ek hoe’t it wetter
himet en tsjin’e wôl batst, hoe’t it
oer de râne rinne moat

hoe’t de sulverkobben
oan’e floedstripe krite, krite


Elmar Kuiper







Alde Gryk: De Siel


Mei blauwe longen fol soele sudewyn
en eagen spegels fan steapelwolk en see
stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.

Beide fuotten tinke teffens: ik ferbyn
de fiere ein mei it begjin en bin ree
mei blauwe longen fol soele sudewyn.

De ględe noas, glânzgjend fan gerzige skyn,
efternei en de mythe fan it kâld stee
stapt in âlde Gryk- dyn siel – de fierte yn.

It kin foarút- wier, it kin- nei it fenyn
yn de katleavjende sturt weidet it fee
mei blauwe longen fol soele sudewyn.

Mei műlen folrűne műle en lang lyn
leafdesykjend wurd, o griene odyssee,
stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.

Oan’e ein-de see! De see!- dy’t, mylde skyn,
gjin ein is, doch katharsis foar klacht en wee:
mei blauwe longen fol soele sudewyn
stapt in âlde Gryk- dyn siel- de fierte yn

Tsjębbe Hettinga







Kom leafste, it is al let


It fjoer dat sa baarnde
dat it iis der fan raande.
De wyn en de dize
foar de dwaas en de wize.
Dat it libben in lust hie
en de lust ek in doel wie.
De rein yn it wetter,
wat stiller wat better.
Dat wie fierwei it beste,
de earste de lęste.


It ljocht yn’e eagen.
It skűm op’e weagen.
De swietrook, de greide
en psalm hűnderttrije.
Lyts wie de merke
en oeral in tsjerke.
Węr’t eltsenien song.
De jarre, de dong.
It iis op’e sleat.
Der feroare hast neat.


It begrutsjen ferskynt
en de moanne ferdwynt.
Aanst is’t sa fier.
De kop wurdt sa swier,
it fleis och sa min.
Kom leafste, ik gean.
Hark nei de fűgels
It liet sűnder ein.
Fan alle tiden mar der wurdt hast neat sein.


It giet oer de leafde
fierwei it meast.
Dat ivige sjongen
is ús ta treast.
En wat sil we sjonge.
It hert út de longen
oer alles wat wie
en ea bestie.
It paad der hinne
kin elts wol rinne.
Kom leafste, ik gean,
it is al let.
De wei werom
ferjit my net.

Gerrit Breteler