dagboek > overzicht
Dagboek júny 2012Bekiek hele maand 
 
6 júny om 18:45
 
I.M. Grytsje Jorritsma ( 1961 – 2012 )





Dizze foto naam ik fan Grytsje op 15 augustus 2008 yn Galery 1901 te Snits.


Yn 1989 ferskynde myn earste Frysktalige dichtbondel, Skrousk, mei yllustraasjes fan Grytsje Jorritsma út’e Hommerts.

Hjoed stiet de rouadvertinsje fan Grytsje yn’e LC. Ik bin der fannemiddei bot fan skrokken doe’t ik de advertinsje lies. Mei guon minsken rinne je in skoftke mei op it libbenspaad om nei ferrin fan tiid wer jins eigen wei te ferfolgjen. Sa gie it mei Grytsje en my yn elts gefal.

Doe destiids hiene Grytsje en ik frijwat kontakt mei elkoar en dan gie it eins altyd oer kunst en kultuer. Doe’t ik mei myn earste bondeltsje kaam woe Grytsje dęr de tekeningen wol by meitsje en ik moat sizze de tekeningen fan har fyn ik lyts 25 jier sterker as myn begjinwurk! Grytsje wie in talint, mar besefte har dat net altyd like goed, se wie yn myn eagen wolris wat te beskieden.

Ik wie sa’n 25 jier lyn ek al entűsiast oer har wurk en omdat ik doedestiids yn de Kulturele Ried fan Wymbrits siet koe ik in oersichtstentoanstelling fan har wurk organisearje. Dy tentoanstelling kaam der ek en ik mocht har doe ynterviewe.

At ik dat fraachpetear nou werris lęs, dan falt my op hoe nuchter de doe 25 jierrige Grytsje wie. At sij op in gegeven momint oer it wurk fan Jopie Huisman te praat komt seit Grytsje dat it wurk fan Jopie har oansprekt: ‘ Syn wurk fyn ik op in bepaalde manier moai…’At ik har dan trochfreegje op wat foar wize dat wurk foar har oansprekkend is seit Grytsje: ‘ Gewoan moai, moatst net sokke domme fragen stelle! ’ Dęr koe ik it dan mar mei dwaan.

Grytsje hie ek wurdearring foar har âld tekenlearaar fan it R.S.G. yn Snits, Joop de Jong. ' Hij joech my belachlik hege sifers. Hy wie dejinge dy't in map mei wurk fan my gearstalde foar myn talittingsbesoek oan de Keninklike Akademy Byldzjende Keunst yn Den Haach '.

Grytsje waard oannommen, mar it miljeu fan keunstners dęr yn'e Residinsjestęd spruts har net oan: ‘ Yn Den Haach rinne se allegear mei har eigen skilderij foar de kop en in oar sjogge se net! ’

Letter hiene Grytsje en ik spoaradys noch wolris kontakt mei elkoar. Sij levere ek wurk yn foar Posterkunst bij myn freon Paul van Goor. Doe’t Paul en ik fannemiddei mei elkoar praten oer de tragise dea fan Grytsje fertelde hij mij dat foar it wurk fan Grytsje altyd belangstelling wie. ‘ Maar ze was veel te bescheiden…’

Dat Grytsje in kreatieve dame wie stiet buten kiif en dat se talint hie ek. Yn’e rouadvertinsje fan hjoed stiet in ôfbylding fan in saksefoan. Want saksefoanspyljen wie in oare grutte passy fan har en wie se in aktyf lid fan ferskillende brasbands.






De omslachyllustraasje dy't Grytsje Jorritsma foar myn bondel Skrousk út 1989 makke.