dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
28 mei om 18:51
 
Jan J. Bylsma






Lyts mar krigel, Jan J. Bylsma, Friese Pers Boekerij bv, 1992



Op syn oaiedoaie


is dat him no
tocht de jonge fan tolve
dy't foar it earst
ús abe seach

de man hie al
fiif kertier net
altefolle dien
as hied er gjin belang

mar doe naam er
de bal op 'e holle
kuiere sa dy grutte delgrosso
en noch twa man foarby
liet doe sleau
de knikkert op 'e slof falle
en knalde 'm deryn
hiel bedaard
links űnder
troch in műzegatsje

doe slofke er werom
nei de middenstip
op syn oaiedoaie



Jan J. Bylsma