dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
24 mei om 17:16
 
Janneke Spoelstra






Goeie is it wachtwurd, gedichten fan Janneke Spoelstra. Utjouwerij Frysk en Frij, 2004



It oerset


Wij sieten yn Wyns
op it terras
sted- en doarpslju
fytsten âlde paden del


fan terras en paad en pont
klonk praat en roppen
fan kunde oan kunde
oan neier as poerfrjemd.


Einen hapten nei lęste michjes
ljippen sochten elkoar wer op
de greiden strekten har
noch ferliedlik foar ús út.


Râneferskynsels fan
doarpen en stęd de tuorren
dy fan Wyns fertelde
hoe let it wie.



Janneke Spoelstra