dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2009Bekiek hele maand 
 
3 augustus om 14:12
 
De ingewanden trilden je in de bealch om!





Feest op ut Wippoadium ( foto Jan Douwe Gorter )

Cor Wiersma seit ut heel plastys in un kommentaarke op de site fan Sybe Karspel: "...de ingewanden trilden je in de bealch om!" Hij het ut over de múzyk in de Marktstraat. Sybe mut der loof ik ok nyt sufeul fan hewwe. Tsja...mannen wat sal ik der fan sęge? Earlek? Ik fyn ut in één woard fantastys!!Is der froeger wat ferkeard gaan in myn múzikale ontwikkeling? Ik bin loof ik un múzikale omnifoar. Psalmen en gesangen en nyt te fergeten Johannes de Heer, ik smul der fan. De Blauhúster en de Hegemer Dekweilers, ik kan der nyt genoech fan krije. En as Rolling Home fan dy gefoëlege ferskes singt en Kees Poiesz set syn keel op, dan gaan fan pure ontroering mij de haren recht overend staan. Mar at ik dy DJ's op ut Wippoadium hoar dan krij ik de neiging om ok met te swingen. Dat ik ut nyt doën het te maken met myn leeftyd, ut liekt su anstellerech, su sielech om as ouwe lul dan ok met te swingen. Not done nou?! Mar as ik myn sin kreech dan ging ik helemaal út myn dak. Hier op myn digitale privé trapfeldsje durf ik wel un prachtopname fan ut feest foar de Walrus sien te laten. Gyn flau benul wie't ut filmke maakt het ( wie is Rusticana ?? ), mar ik fyn ut gouden. Wopke bedankt foar de tip jonge!