dagboek > overzicht
Dagboek april 2009Bekiek hele maand 
 
4 april om 10:47
 
Teater Snits in Theater Sneek





( foto's Rudina van Solkema - Rienstra )

Gisteravend bij de klucht fan Teater Snits weest. ‘ In sprankeljende klucht yn twa bedriuwen fan Ray Cooney ’, staat in ut programmaboekje. Nou met dy kwalifikasy is niks mis met, want ut is sprankeljend wat seuven Teater Snits toneelspeulers op de planken sette.

Oer yn it Frysk no.Absolúte útblinker fan dit hilarise stik is Douwe Hoekstra dy’t syn rol mei faasje spilet. Hij flucht en draaft oer it flakke poadium as in bolbjirken keal dat foar’t earst bűtendoar mei. De rol dy’t Hoekstra spilet liket him folslein op it liif skreaun te wezen. Ik tink wolris om in publyk oan it laitsjen te krijen is dreger as ta gűlen oan te setten. Justerjűn is der lykwols hiel wat ôflake en dan benammen om de strapatsen fan Douwe Hoekstra. De mimyk, syn útstrieling is fan in heech nivo, de timing ( en dęr komt it yn dizze foarstelling kear op kear op oan ) is mear as ynoarder. In oare haadrolspiler is Theo de Jager yn syn kreaasje as taksysjauffeur Jeroen-Lolle Smit. Ek De Jager hat in prachtrol, dy’t hij hielendal yn’e macht hat. In sęne węrby’t hij as in kuierende Lampekap oer de planken rint is kostlik. It moaiste moment fan it hiele stik is wannear’t beide haadrolspilers űnder in badlekken in keunstje úthelje. Watfoar keunstje wol ik hjir net ferklappe, it stik wurdt fannejűn ommers nochris spile. De beide froulju fan de taksysjauffeur, spile troch Matthie Silvius en Frouwke Kuipers, hawwe in tsjinjende rol yn dit stik. It kostet beide froulju sa op it each gjin moeite om har yn dy rol te skikken. Moai! De twa jongere Teater Snits spilers, Peter voor de Wind en Anna de Boer ( mei echt in ' fout ' rokje ! ), fleane ek hiel wat ôf yn de foarstelling. It duo spilet fol oertsjűging, in oanwinst foar it Frysk amateurtoaniel! Trouwens dat mei ek sein wurde foar Ramiro Gras dy’t stand in węze soe foar Peter voor de Wind. By it fuotbal wurdt dan sein dat in 11-tal sa sterk is as de bank, dat jildt hjir net minder. Ien man haw ik no noch net neamd en dat is Lolke Dijkstra. Hij akteart yn in byrol, mar allemachtech wat docht dizze man dat goed. It sukses fan it stik is grif ek foar in grut part op syn konto te skriuwen. Puur geniete hoe’t Dijkstra alles út syn rol hellet. Noch mear opfallende saken gisteravend? Ja, it lűd! Dit tydlike teatergebou hat de foarm fan in ‘ pijpenla ’ en troch de opstelling fan de sittribune wearkeatst it lűd op sa’n wize dat de spilers prima te ferstean binne. En ek mei it ljocht is neat mis mei. Sjapo foar Albert Keizer, Ane Silvius en Eldert Stropsma. Rudina van Solkema en Harmina Faber hawwe oant no ta alle trije foargeande foarstellings de spilers grimeart en it mei sein, stik foar stik sjogge de akteurs der hiel fersoarge út. It dekôr ( Willem van Netten & Jan Sluyter ) mei al dy doarren is yn al syn simpelens tige funksjoneel. Gearfetsjend dizze ploech hoecht der net oer yn te sitten hoe’t it rapport fan de karmasters der út komt te sjen. Hege wurdearring dy’t goed stean sil op de cv fan regisseur Theun Ram! Frysk amateurtoaniel yn Snits libbet as in hert.

Nou su!