dagboek > overzicht
Dagboek júny 2023Bekiek hele maand 
 
28 júny om 19:16
 
As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil






Gister moaie bundel fan Arjan Hut kregen om der ferder andacht an te geven. Ik doën dat graach, hier en op andere nieuws-sites. Want dat Fryske dichtbundels wel un bitsje (feul) pr noadech hewwe is un open deur inskoppe.


Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

Arjan Hut (berne yn Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sűnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dęr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stędsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Yn 2019/2020 is Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen.

Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004), 05/06 (Bornmeer, 2007), Tin (Afűk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afűk, 2016), Fjoertoer yn it wâld (Afűk, 2020.

Sjoch foar in resinsje fan Eeltsje Hettinga: https://eeltsjehettinga.nl/de-lichte-en-ljochte-poezy-fan-arjan-hut-fjoertoer-yn-it-wald/

Author : Arjan HutISBN : 9789493318083New label : 1Pages : 60Language : FryskPublisher : AfűkFormat : SoftcoverKategory: Dichtbondels, Fryske boeken, Romans en literatuer.