dagboek > overzicht
Dagboek november 2018Bekiek hele maand 
 
5 november om 19:47
 
In snoepke, ien foar yn de hân en ien foar yn de bűze





Fannemiddei ôfskied nommen fan ús âld-buorfrou Hieke Hoekstra-Kamstra. Se mocht 90 jier wurde. In moaie leeftyd wurdt der dan sein. Ik haw der niks mei, 'moaie leeftiden' foar minsken dy't ferstoarn binne. Ik begryp úteraard wol wat der mei sein wurde wol, mar it fertriet bij de achterbliuwers is sa grut. Sterkte yn dit gefal foar Sikke!

Oer de deaden niks as goeds, is it sechje, foar buorfrou Hieke jildt dat sűndermis. In poerbęste frou, dy't altyd earst oan in oar tocht, dan in skoft niks en at der dan noch wat oerbleau, wie sij der oan ta. Sa'n frou dus!

Unferjitlik hoe't sij foar ús bern wie, doe't dy noch lyts wiene. "Sjuch hjir hawwe jim in snoepke, ien foar yn de hân en noch ien foar yn 'e bűze!"

Soks is foarmjend foar de rest fan je libben, at je de metafoar der yn sjen kinne!