dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2018Bekiek hele maand 
 
19 jannewary om 14:58
 
US: Lân fan Taal, unike game oer Ljouwert





Snits- US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn dy game komst yn oanrekking mei bysűndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstęd. De game gie tongersdei 18 jannewaris by de Taaltoer fan Lân fan taal yn premjęre en is fan hjoed ôf fergees te downloaden yn de App-store en Androďd-market.
Kinsto de kontrôle oer Ljouwert krije en dęrmei it geheim űntraffelje?
Spylje yn ien fan de trije faksjes om de kontrôle oer Ljouwert. Fyn misjes yn Ljouwert, lis se klear foar faksjegenoaten of los se op om diggels (scherven) te fertsjinjen dęr'tsto in lokaasje mei feroverje kinst. Stadichoan űntraffelest it geheim fan de trije faksjes en wat dy mei Lân fan Taal te krijen hawwe. Wennest bűten Ljouwert? Dan kinst yn Fűgelflecht de misjes klearlizze en oplosse. Dęrmei fertsjinnest diggels. Ast yn Ljouwert komst, kinst mei dy diggels by de lokaasjes lâns gean en dy plakken oernimme foar dyn faksje.

US: Lân fan Taal is yn it ramt fan Lân fan taal makke yn opdracht fan de Afűk yn gearwurking mei Grendel Games en de Fryske Akademy. De game is űntwikkele foar skoalbern en jongerein, mar fansels foar elkenien dy’t yn 2018 nei Ljouwert komt: Friezen en toeristen. De game is yn trije talen beskikber: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.