dagboek > overzicht
Dagboek maart 2016Bekiek hele maand 
 
13 maart om 21:56
 
Gesprek fan Sneek






Fanmiddach ut laatste Gesprek fan Sneek had. Hierbij myn TEUGENGELUD.

Haré Snekers

Laat mij beginnen met un klassyk Henk van der Veer fers, miskyn wel myn alderbekendste stukje poëzy:

KAJAPOETOALY

Dat ik nou krekt met dit fers beginne sal het úteraard un reden. Ik hew fanneweek achteromsiën. En fan achteromsiën krije je un stieve nekke en wat helpt der nou beter as Kajapoetoaly.


“En dan myn kommentaar op wat hier fanmiddach naar foaren brocht is. Ik hew razendfluch antekeningen maakt. Ut is un prachtech streven om één kear in de sufeul tiid hier op dizze súpermoaie lokasy dergeleke bijeenkomsten te òrganisearen. Ik sêch dan ok: hier beslist met deurgaan!”

Alle Gesprekken fan Sneek staan opslagen in myn pee see. Ut krekt foarlezen sitaat komt út myn earste bijdrage an ut Gesprek. Fijf jaar lang hewwe Meije, Hans, Redmer en Jacques deen wat ik toen froech: deurgaan met ut òrganisearen fan dizze bijeenkomsten.

Wat ut aldermoaiste was, was ut feit dat jum al dy kearen ut opbrenge konnen om hier te kommen. Kiek, ik moest, krekt as froeger twee kear op sundach naar de Noarderkerk. Ik had gyn andere keuze, ferfeelde mij earlek seid de rambam-pletter op al dy sundagen dat der gyn Gesprek was. Bin aansens ok doadsbenaud in un swart gat su groat as ut feemerkterrein te fallen.

Ik sat der fanmòrren wel un bitsje met wat ik nou fanmiddach hier op ut allerlaatste Gesprek fan Sneek nòch fertelle sú. Een fan de lui dy’t altyd anwezech is en was, het un prachtech weblog dêrop staat un fraaie tekst: “Ik kom zelden waar ik heen wilde, maar ik kom altijd waar ik moet zijn. Prediker zegt: ‘Wat er is, was er al lang; wat zal komen, is er altijd al geweest”. Ut had an mij trouwens wel in ut Hylpers mochten!

Sukke teksten gaan der bij mij in as de welbekende preek in de nòch bekendere ouderling. Dat het miskyn wel de reden weest dat ut Gesprek fan Sneek su noflek was. Dizze Gesprekken waren toegankelek foar iedereen, hadden miskyn wel un hooch stoepke foar ut Café, mar ferder su laachdrempelech as’t mar kan.

De polityk en de kultuur wille naar de mênsen toe en nòch moaier hier in Sneek wille de mênsen ok naar de kultuur en polityk toe. In Liwwarden eamele su nou al twee jaar over de Kulturele Hoofdstad fan 2018 en over fonteinen dy’t Exota òf Roaie limonade spuite mutte, mar ondertussen is der nòch altyd gyn Mienskip dy’t al dy plannen oppakt. Un andere faste besoeker fan dizze middagen hier, ik durf hast wel te sêgen ut fleeswurden geweten fan SWF, Eelke Lok had der aflopen week nòch un skerpe kollum over: We hawwe lezen dat we meidwaan moatte oan Ka Ha 18, mar we witte net hoe!

Eelke gaat gelukkech wel deur om ut gemeentebestuur fan SWF in elk gefal wakker te houwen. Fan de LC hoeve we wat dat angaat nyt al te feul mear te ferwachten. Dy kwamen aflopen frijdach met ut absolúte dieptepunt in de paperen edisy fan de krant: twee bladsiden met lullege foto’s fan lokale politisy en ut Klootsjesvolk mocht rade bij welke partij se hoarden. De útslach ston onder an de pagina, weluswaar met de namen op’e kòp, mar der waren ferder gyn prizen te ferdiënen. Met andere woarden, de totale ontmanteling fan de NDC letterlek in beeld. Je súden der roaie flekken fan in’e nekke krije.

Over foto’s praten. Dy halve soalen fan Kritys Faunabehear wete ok nyt fan ophouwen. Hewwe se eindelek hun sin kregen dat der an un eeuwenouwe tradisy in end kommen is, ut ferbieden fan ut eiersoeken, wille se al dy nasòrgers ok nòch us op’e kiek sette en dêrna op de digitale skanspaal nagele al waren ut de groatste miljeu-kriminelen ever. Siën jum ut al foar jum, dy Bòlserter stadsjonge dy’t ut tòt Kommessaris fan de Koaning skopt het, futsetten as boef dy’t ut earste kievitsei fan Fryslaan lottert in ut laan onder de rook fan Abbegea?

Kommissaris Jou hadden hier fanmiddach op’e falreep nòch de ear om tussen al dy andere groate namen staan te maggen. Ut is Jou fan harte gunt. Al dy Haagse, Provinsiale en lokale politisy gingen hier noait met lege hannen fut. Der was altyd nòch wel un laaste Poiesz paraplú foar hannen. Echter om dat Jou de laaste topgast fan ut Gesprek fan Sneek binne, doën we dat fanmiddach nyt su súnech. Ik draach nou earst un fers an Jou op en dus eigenlek un bitsje foar de Koaning, dat alles te maken het met dy oerouwe tradisy fan ut eiersoeken.

FOARLEZE en KALENDER OVERHANDEGE!

Tsja en dan de absolúte finale. Ik hoop nyt dat jum janken gaan, want ik hew un hekel an jankers. Gúle is wat anders, want dat hewwe we hier ok deen. Ik hoef dy eksplisite momenten nyt wear an te halen, dan sú ut ferandere un goëdkoop sentiment. Ik hew ut un groate ear fonnen dat ik hier alle kearen de notware dwarslêger weze mocht. Ik bin de òrganisatoaren der sear erkentelek foar. Dan wú ik nou overgaan tòt un spesjaal foar dizze middach skreven fers, un oade an oans gespreksleider Jacques Monasch:


Oade an Jacques Monasch


wat besiëlde dij tòch Jacques Monasch
om in ut kouwe foarjaar fan 2016
krekt op de jaardach fan dy roaie PvdA-rakkers
de knuppel in ut ferskierde sosjalistise kipehòk te goaien
dy driftkòp fan un Diederik met syn Liwwarders roots
in de gerdinen fan de PvdA-fraksykamer te jagen
wat besiëlde dij tòch skraandere dòkterssoan út Rotterdam


sachstou ut swerk al driëven, de inktswarte wolkjes
fan Maurice de Hond onheilspellend overkommen
ik loof der gyn malle moer fan, dou bist feulste groat
foar al dy minkúkels dêr op ut Haagse plús
eigenlek hoardest der noait echt bij, hadden se dij
allienech mar noadech foar de broadnoadege advizen
wat besiëlde dij tòch Sneker freemdeling an ’e rechterflank fan ’e PvdA


wêrom begripe se dij nyt kampanjestrateech út ut Hoge Noarden
bistou miskyn un te rappe prater omdat ut fòlk dij su an ut hart leit?
hadden se dyn boek De strijd om de macht wel lezen?
dou, Jacques Monasch flamboyante soan fan un sterke ARP-moeke
dy’t ut adagium fan wat gij niet wilt dat u geschiedt, doe dat ook een ander niet
hooch in ut frijsinnege kristeleke faandel het
wat besiëlde dij tòch absolúte opkommer foar de sappelaars?

is ut dan tòch de sosjaal-realistise & impressionistise kunst
út ut Sovjet-tiidperk dy’tdij mear trekt as dy Haagse navelstaarders?
ut sú sumar weze kanne
dou must make datst dêr bij dy Binnenhòfprutsers fut komst,
want se siën dêr dyn eenfoudege oplossingen nyt
dou kleinsoan fan un tekstylgroathandelaar
ut wurdt tiid om wear un boek te skriëven
de taart van mijn tante en waarom ze niet luisteren
is ondertussen an un herdruk toe


wij hier in Café Vellinga kanne dij wel anderhaf jaar misse
dêrna komst mar wear teruch om burgemeester te wurden fan
Groat Sneek òf om myn part Súdwest-Fryslaan
Want ik mach annimme datst fandaach dyn swanesang as politikus
songe het anders begryp ik nyt wat dij besiëlde op dy kouwe foarjaarsdach in 2016

Jacques Monasch we want you for president fan de Fryske greiden!

( Foto: Jan Douwe Gorter. Mòrren ferslach fan de middach! )