dagboek > overzicht
Dagboek mei 2013Bekiek hele maand 
 
26 mei om 12:14
 
Teater Snits wint foar twadde kear Toanielkriich!





Foar de twadde kear op rige is Toanielselskip Teater Snits winner fan de Toanielkriich wurden. Mei mar leafst 275 punten waard it spile stik Koartsluting beleanne troch de karkommisje fan it Staf ( = Stichting Amateurtoaniel Fryslân ). It stik, oarspronklik skreaun troch Haye van der Heyden, űnder rezjy fan Dirk de Vries waard it ôfrűne toanielseizoen op’e planken brocht. Teater Snits spilet yn de Eareklasse fan it Staf. Foar myn resinsje fan it stik ferwiis ik graach nei it blog fan 27 jannewaris 2013 op dizze site.





Spilers: Jan Sluyter, Anneke Fiersma - Hondema, Mayra Hondema en Titia Huisman,