|  | 
				
				
					|  | 7 maart om 18:13 | 
				
					|  | Tsjębbe Hettinga ( 64 ) ferstoarn
 
 
 
 
  
 
 'k Haw krekt heard dat Tsjębbe Hettinga stoarn is. Gyn lang I.M. fan myn kant hjirfoar koe ik Tsjębbe te min. Ik haw wol in tal kearen mei him praten en dan wie it kontakt prima. De lęste kear wie tidens de Slachte Maraton yn juny fan ferline jier. Doe lies de dichter it folgjende fers foar:
 
 Alde Gryk: De Siel
 
 
 Mei blauwe longen fol soele sudewyn
 en eagen spegels fan steapelwolk en see
 stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.
 
 Beide fuotten tinke teffens: ik ferbyn
 de fiere ein mei it begjin en bin ree
 mei blauwe longen fol soele sudewyn.
 
 De ględe noas, glânzgjend fan gerzige skyn,
 efternei en de mythe fan it kâld stee
 stapt in âlde Gryk- dyn siel – de fierte yn.
 
 It kin foarút- wier, it kin- nei it fenyn
 yn de katleavjende sturt weidet it fee
 mei blauwe longen fol soele sudewyn.
 
 Mei műlen folrűne műle en lang lyn
 leafdesykjend wurd, o griene odyssee,
 stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.
 
 Oan’e ein-de see! De see!- dy’t, mylde skyn,
 gjin ein is, doch katharsis foar klacht en wee:
 mei blauwe longen fol soele sudewyn
 stapt in âlde Gryk- dyn siel- de fierte yn
 
 Tsjębbe Hettinga
 
 | 
				
					|  |