dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2008Bekiek hele maand 
 
8 febrewary om 12:23
 
Jonge Friese Dichttalenten

Se binne der gelukkech nňch, Jee Ef Deeërs ňftewel Jonge Fryske Dichters. Fanmiddach wurde der in Liwwarden twee nije Friestalige dichtbundels anboaden. Eén fan de debútanten, Grytsje Schaaf ken ik persoanlek. Grytsje werkt ok foar de Friesland Post.
De titel fan Grytsje har earsteling is ‘ Sűnder Sweltsjes ’. De andere debútant is Hidde Boersma, syn bundel hyt fan ‘ De rop om Doede ’. Beide bundels komme út bij de Friese Pers Boekerij. Cor van der Wal sal dęr fanmiddach in syn geboarteplak ok fersen foarleze.
Ut beide bundels un fers:

Unbidich będ

Strutsen lekkens slute meagere skonken
yn in blau-markearre stiselwrâld
fan seil en trochlizzen, fan lije, giele pűdsjes
Dyn plestik/porsleinen domein
lit lânskomoeren oan fuotteneinen skowe en
azemje yn: neat te melden
úttard pearsk-iere-fel striele
Tusken muorren fan floers wurde flústers wiksele,
wurdt tuiketuike kofjedronken:
yn dit űnbidige będ bist hast kwyt,
brutsen yn tűzenfâldich krakelee
swijend makkest lűd om ’t leven
makkest minne nachten en
slepende dagen
yn it lűd fan wite birkenstocks

Grytsje Schaaf






Ienfâld
Ik bin in ko
en ik stean yn ’e stâl
en godtank
ha ’k neat te krijen
mei eamelerij
oer hegere nivo’s
fan bewustwęzen

Hidde Boersma