dagboek > overzicht
Dagboek mei 2004Bekiek hele maand 
 
9 mei om 21:12
  Even, heel even mar liet ie um drage. As un feldhear, as un ridder. Toen kreeg ie syn ferstaan wear teruch, goaide ut houten swaard in de gracht en banjerde as un Foppe as un doadgewoane Foppe foar syn publyk langs. Prachtech, dat beeld, dy ontlading, wech fan de hotemetoten. Ut lintsje, moai, mar dat onderskeid, niks foar hem. Trener en skoanmaker fan sc Heerenveen: gyn ferskil!! Eppie Dam skreef in ut boek 'Foppe, portret fan in bysűnder gewoan minske' ut fňlgende foartrefleke fers over disse trener:

Wâldwetterfries

neamsto him beskieden
neam dan ek de faren beskieden
dy't sűnder ferhef fan tsjelken
syn wjukken út'e brune ierde slacht

neamsto him nochteren
neam dan ek de heide nochteren
dy't űnder de koele glim fan dauwe
allinken pearzet en oan gloede wint

neamsto him ynbannich
neam dan ek de simmerrein ynbannich
dy't drippend fan de swiere beammen
de wjittering ta sangen beweecht

neamsto him egaal
neam dan ek de petgatten egaal
en mei har djipten de tsjustere marren
dy't it hege ljocht op hannen drage

neamsto him iiskâld
neam dan ek de fryske grűn iiskâld
dęr't ynwindich as in stille feanbrân
it wetter net te kearen yn wellet


Foppe de Haan bedankt! Ut gaat je goëd!!