dagboek > overzicht
Dagboek november 2017Bekiek hele maand 
 
1 november om 18:43
 
Nij ferskynd: De Weddenskip, ferhalen út de Edda fan Lida Dykstra





Snits- Lida Dykstra hat har foar har nijste boek ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lęzer op boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. It is in ramtfertelling węryn’t de bline dichter Bernlef in lang liet sjongt oer de slűchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysűndere kręften meitsje lit troch de dwergen fan Nidavellir.

De prachtige yllustraasjes -útfierd yn read, goud en swart- binne makke troch Nina Peckelsen. De runespreuken en motiven yn har ôfbyldings ha echt betsjutting. Sy liet har hjirby ű.o. ynspirearje troch it boek Sorcerer’s Screed (Tsjoendersrede) fan de Iislander Jochum Magnús Eggertsson dy’t yn dit boek magyske spreuken út tachtich âlde manuskripten byinoar brocht.

It boek is in moaie opstap om yn de kunde te kommen mei de Noardske mytology foar sawol jeugd as folwoeksenen.

Boekgegevens
Titel: De Weddenskip
Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Nina Peckelsen
Foarmjouwing: Peter Boersma
Utfiering: ynbűn, 144 siden
Priis: € 15,00