| |
 |
29 jannewary om 16:13 |
| |
De Moanne 25 jier!

It jier 2026 is foar de Moanne net samar in jier… Wy geane nammentlik ús 25ste jiergong yn! Dat moat fansels fierd wurde! Dat dogge wy dit jier troch werom te sjen op de ôfrűne fearnsiuw, én troch foarút te sjen. Yn it tydskrift én online sil ús fiifentweintichjierrich jubileum dizze jiergong in Leitmotiv węze. Dęrom oan elkenien de oprop:
Hokker stikken en items binne jim de ôfrűne 25 jier it meast by bleaun? Wat wie de moaiste cover fan de Moanne oant no ta? Wat binne tema’s dy’t wy de ôfrűne fearnsiuw by de kop hân hawwe, dęr’t wy nedich op ‘e nij wer ris by stilstean moatte? En wat hawwe wy oant no ta oer de holle sjoen, dęr’t wy echt absolút ris omtinken oan jaan moatte? Lit it ús witte mei in e-mail nei ynfo@demoanne.nl.
De foto út ‘e âlde doaze hjirboppe lit de begjintiid fan de Moanne sjen. Om ‘e tafel sitte mei de klok mei Jitske Kingma, Ernst Bruinsma, Jan Pieter Janzen (ferstoarn yn 2005), Marita de Jong en Henk van der Veer. De foto (fan Teake Oppewal, kolleksje Tresoar) waard makke mei in redaksjegearkomste, yn Hotel de Pauw, lang in favoryt plak yn it Fryske literęre fjild.
Mar ek in etablissemint dat yn dizze foarm al in hiel skoft net mear bestiet (tsjintwurdich sit der Koya, in All You Can Eat Koreaansk BBQ-restaurant). De Moanne is der gelokkich noch al.
|
| |