|  | 
				
				
					|  | 9 mei om 21:12 | 
				
					|  | Even, heel even mar liet ie um drage. As un feldhear, as un ridder. Toen kreeg ie syn ferstaan wear teruch, goaide ut houten swaard in de gracht en banjerde as un Foppe as un doadgewoane Foppe foar syn publyk langs. Prachtech, dat beeld, dy ontlading, wech fan de hotemetoten. Ut lintsje, moai, mar dat onderskeid, niks foar hem. Trener en skoanmaker fan sc Heerenveen: gyn ferskil!! Eppie Dam skreef in ut boek 'Foppe, portret fan in bysűnder gewoan minske' ut fňlgende foartrefleke fers over disse trener: 
 Wâldwetterfries
 
 neamsto him beskieden
 neam dan ek de faren beskieden
 dy't sűnder ferhef fan tsjelken
 syn wjukken út'e brune ierde slacht
 
 neamsto him nochteren
 neam dan ek de heide nochteren
 dy't űnder de koele glim fan dauwe
 allinken pearzet en oan gloede wint
 
 neamsto him ynbannich
 neam dan ek de simmerrein ynbannich
 dy't drippend fan de swiere beammen
 de wjittering ta sangen beweecht
 
 neamsto him egaal
 neam dan ek de petgatten egaal
 en mei har djipten de tsjustere marren
 dy't it hege ljocht op hannen drage
 
 neamsto him iiskâld
 neam dan ek de fryske grűn iiskâld
 dęr't ynwindich as in stille feanbrân
 it wetter net te kearen yn wellet
 
 
 Foppe de Haan bedankt! Ut gaat je goëd!!
 | 
				
					|  |