| |
 |
24 desember om 16:36 |
| |
De Moanne

Wat in gelok foar Kirsten van Santen! Wylst wy as buroredaksje fan de Moanne sleepten mei doazen fol nije Moannes, makke sy krékt in kuierke lâns de Blokhúspoarte. En sa kaam it dat it earste eksimplaar foar har wie, út hannen fan einredakteur Tsjerk Bottema. By de abonnees kin er elk momint troch de bus falle!
De Moanne is wat tsjokker wurden, fanwegen in bysűndere krystattinsje. It tematysk swiertepunt yn dizze edysje wurdt foarme troch it heger űnderwiis, wittenskip en it studintelibben, mei artikels oer űnder oaren 100 jier FFJ Bernlef, de nije bachelor Frysk oan de RUG en in gastkolumn fan Selina Rolvink. Yn dizze Moanne ek wurk fan de winners fan de earste Gjalp, dy’t wy organisearren yn ‘e mande mei literęr tydskrift Ensafh, dichterskollektyf RIXT en it Noordelijk Filmfestival.
Op de cover fan dizze Moanne stiet in yllustraasje fan Annabel Adema, dy’t sy makke by it stik dat Jacob Haagsma skreau nei oanlieding fan de biografy fan dichter Jacobus Q. Smink, De echte Sondelfal. In kreas doarp, in skuldich doarp. Dy titel slacht op Sondel, it doarp dęr’t Jacobus Q. Smink (en Jacob Haagsma sels ek) hikke en tein is, en dęr’t er de lęste jierren fan syn libben wer wenne. Smink waard as jonkje misbrűkt troch de winkelman fan it doarp. Yn de yllustraasje fan Adema sjogge wy dat skuldige doarp, dęr’t – sa liket it – in iensume Jacobus fan in ôfstantsje nei sjocht.
Goede dagen tawinske mei elkoar en mei de Moanne!
|
| |