dagboek > overzicht
Dagboek november 2025Bekiek hele maand 
 
3 november om 13:37
 
Anne-Goaitske Breteler skriuwt boek foar Fryske Boekewike: "In





It boek dat kado dien wurdt yn de Fryske Boekewike komt dit jier fan Anne-Goaitske Breteler. Sy skreau 'Oan 'e ein fan De Oere' oer in bysűndere famylje yn Moddergat.

Sels groeide se op yn it plakje oan de seedyk. Dęr helle se har ynspiraasje wei. Yn in pleats wennen dęr trije bruorren en in suster; de famylje Zwart. Allegear trouden se net.
"It is in supernijsgjirrige famylje, se binne wat oars as oars", seit Breteler.
Breteler wol it ferhaal fan de famylje fertelle, mei om't de pleats en de twa skuorren al fiif jier leechsteane en der gjin jild is om se yn te rjochtsjen. De gebouwen binne yn 2020 troch de famylje skonken oan Museum 't Fiskershúske.


"No ha ik ek net in pűde fol jild, mar ik kin wol it ferhaal fertelle en dęr bin ik doe foar gien."
It geskink fan de Fryske Boekewike is foar Breteler har tredde boek. Yn dit gefal moast se ek noch aardich rap skriuwe. "Ferline jier desimber waard ik hjirfoar frege, dus nei it sykjen fan in űnderwerp haw ik yn in healjier, mei hiel goed begelieding, dit boek skreaun", fertelt de skriuwster.

"Dat ik hjirfoar frege bin, fyn ik hiel bysűnder, dat ik sa'n taak op my nimme mei", seit Breteler deroer.

Miskien noch in Nederlânske ferzje

Njonken skriuwen docht Breteler ek redaksjonele bydragen, jout se lęzingen en makket se útstallingen en podcasts. Fierder is se dwaande mei in dokumintęre om de Fryske Nasjonale Partij (FNP) hinne.

Har boek wurdt miskien ek noch yn it Nederlânsk útjűn. "Dat wol myn fęste útjouwer graach, dus dat fyn ik fansels geweldich. Dat sil wol even duorje, want dan ha we it oer 2027."

Boarne Omrop Fryslân/Publikaasjes fan RTV NOF

Foto Demi Hoekstra RTV NOF