dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2025Bekiek hele maand 
 
10 ňktober om 20:40
 
En de Frysk literęre karafaan trekt foart





In’e herst is ut al sinds jaar en dach feest foar skriëvers (m/f & alle andere genders). Ommers op 4 ňktober wurdde de Rely Jorritsmaprizen útreikt in Jellum. En mňrren ontfangt Elmar Kuiper in Bňlsert de hoochst literęre onderskeiding dy’t der is: De Gysbert Japicxpriis

“Yn de sfeervolle teatertsjerke It Mammemahűs yn Jellum hat wethâlder fan kultuer Hein Kuiken sneontemiddei 4 oktober 2025 de Rely Jorritsmaprizen útrikt. It wie alwer de 71ste edysje fan de bekende literęre priis foar ferhalen en gedichten yn it Frysk.
De sjuery, űnder lieding fan Marrit de Schiffart, beoardiele de 90 ynstjoeringen anonym en keas seis winners. By de ferhalen waarden Gertrud Palstra (Blineman), Sytse Jansma (Psych Aid) en Gerrit Hoekstra (In simmerjűn yn Seachlym) bekroand. By de gedichten gienen de prizen nei Pim Rodenboog, Fedde Douwes Dijkstra en Tryntsje van der Steege.”
It sjueryferslach en de priiswinnende teksten binne te lęzen yn it spesjale Rely-nűmer fan it tydskrift Ensafh (jierrige 17, nűmer 5, 2025). Ik krige it moai foarjűne magzine juster tastjoerd.

De Gysbert Japicxpriis 2025: wat en węrom
• De Gysbert Japicxpriis is de heechste literęre earepriis foar oarspronklik Frysk talich wurk; de priis besteat sűnt 1947.
• De priis wurdt om de twa jier útrikt, en wikselelet tusken proaza en poëzy.
• Foar de 40e edysje (2025) waarden 35 dichtbondels (ferskynd tusken 2021 en 2024) beoardiele troch in advyskommisje (Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma, Johanneke Liemburg).
• Kuiper wűn de priis foar syn bondel Ferlosboartsje (útjűn yn 2024).
• Neffens de advyskommisje en publikaasjes biedt Ferlosboartsje in poëtysk universum dat fier gean kin dan de konvinsjonele foarmen fan poëzy, en űnderwerpt dy foarmen oan befraging en fernijing.
• As diel fan de priis krijt Kuiper in oorkonde, in jildbedrach fan € 10.000, en in promoasje-/űntwikkelbudzjet fan € 5.000.
• De offisjele útrikking fynt plak op 11 oktober 2025 (sneon) yn de Martinitsjerke yn Boalsert (Bolsward) űnder de Gysbert Japicxpriiswike.
• By de ceremonie wurdt ek bekendmakke wa’t de Lytse Gysbert wint (priis foar it bęste Frysk gedicht fan bern yn groep 7/8).