dagboek > overzicht
Dagboek òktober 2025
 
12 òktober om 19:57
 
De lof fan'e jury over 'Ferlosboartsje'





Omdat ik gister op un ferdwaalde blogger na, gyn pers sach tidens de Gysbert Japiks priisútreiking hier ut jury-rappòrt fan'e adfyskommissy.

'De lof fan 'e de jury over 'Ferlosboartsje', útsproken deur de foarsitter fan'e adfyskommissy, Johanneke Liemburg':

Rapport fan de Advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025, Ytjie Hoekstra, Sytse Jansma en Johanneke Liemburg, hat har mei in soad nocht bûgd oer de 35 dichtbondels dy’t ferskynd binne yn de jierren 2021 oant en mei 2024. Wy ha in protte leard en dy moaie ûnderfining gunne wy oaren ek. In earder besykjen om lêzers by de priis te belûken troch mei nominaasjes te wurkjen, is mislearre. It proses om ta in winner te kommen fynt no wer yn stilte plak. Wy fine dat de holle te gau yn ’e skurte lein is. Troch it tuskentiids bekend meitsjen fan gros- en shortlistten, dy’t wy no inkeld foar ússels makke ha, kinne de skynwerpers faker rjochte wurde op de rykdom fan de Fryske poëzy. Dy komt dat ta.


Gedichten lie­ne har by útstek foar ûnderwerpen dêr’t jo minder maklik oer prate. It lêzen fan poëzy is lykwols tige persoanlik en dreech te objektivearjen. De advyskommisje koe it net by dy konstatearring litte, mar moast besykje mei in ienriedich advys te kommen. Dat is slagge. Wy ha dêrfiir gearkomsten foar nedich hân en ússels tuskenkoarten noch wat hûswurk opjûn. Wy wiene it der gau oer iens, dat de dichters fan faasjes mei lytse mot, ambachtlikheid toane en kreatyf mei de taal omgien. Yn de rike rispinge dêr’t wy ús oer bûge mochten, hat de koroana-pandemy syn spoaren neilitten:


wol of net jin fak­sinearje litte tsjin koroana?
ast it dochst, kinst dea­gean oan it fak­s­in,
dochst it net, dan kinst stjerre oan it firus


Sa begjint Sipke de Schiffart syn fers Foarút yn de bondel In running gag om te gûlen (s.19). Faker is it minder eksplisyt. Yn de jûnsklok­kroketblues fan Albertina Soepboer wurdt de dwaald troch lege strjitten. Der wurdt in protte werom sjoen op it eigen libben, der is stilte, langstme, rêst.


Nei in earste rûge skifting ha wy de yn de Provinsjale Feroardering fêstleine kritearia omset yn in eigen beoardielingsramt. Mei dat helpmiddel kamen wy ta in groslist fan acht bondels. It reglemint holp ús by dy seleksje. Dat sitte it bekoaren fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne net ta. Sa sil Baukje Wytsma (Wyt Ljocht) noait mear de Gysbert Japicxpriis krije, al hie har oeuvre dat wol fertsjinne. Ek it taboaltsjen fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra yn It smelle ûngelok en it neilitten wurk fan Abel Oostra yn Alles is hjir op trochreis komme dêrom net yn ’e beneaming. Dizze tragyske konstatearring relativearret ek. Om in goeie dichter te wêzen, ha jo de priis net nedich.


Abe de Vries krige de Gysbert Japicxpriis al yn 2005 foar syn twadde bondel In waarm wek. Dêrom hearde hy diskear net ta de kânshawwers. Wy konstatearren ek dat sammelbondels en bondels mei fersen dy’t mei in bepaalde opdracht skreaun binne, komselden de kwaliteit en gearhing fertoane dy’t nedich is om foar de priis yn ’e beneaming te kommen. Hoe sit dat mei it ‘spoken word’? fragen wy ús ôf. Gedichten hawwe har altyd lient om foar te dragen, mar ‘spoken word’ is in aparte kategory wurden. Om yn de beneaming te kommen foar de priis, sa fûnen wy, moasten se net allinne rjochtje as se foardroegen wurde, mar ek by it lêzen.


It petear oer de fraach oft meartalige Fryske bondels mei in Nederlânske oersetting yn ’e beneaming komme kinne foar dizze Fryske literatuerpriis, frege mear tiid. It Reglemint Provinsjale Prizen hat it oer Frysktalige wurken. Dat ropt de fraach op oft de Fryske taal as sadanich foarop stean moat, of dat it giet om Fryske literatuer as keunstfoarm. Wy binne it der oer iens dat it net giet om Fryske taalbefordering as doel op himsels. De taal as keunstfoarm stiet by dizze priis foarop; dêr kin mei eksperimintearre wurde, dy mei it oarskinen stimulearje. Meartalige bondels wurde net skreaun út in draachflak foar it Frysk te fergrutsjen, mar tsjûgje fan selsbetrouwen. De wrâld is meartalich en it Frysk lit him dêr­troch net yn ’e ferdigening triuwe, mar draacht dêrtroch by oan it minsklik en yn ûntwikkeling. Wy ferwachtsje dêrom dat it boatsjen mei talen yn de takomst mear sin nimme sil en dat der mear meartalige bondels ferskine.


Erik Betten, Palimpsest

In hiel bysûnder foarbyld fan meartaligens is de debútbondel Palimpsest fan Erik Betten. Dizze bondel helle ús shortlist fan fiif, dêr’t wy no oan ta binne. By Betten is taal mear as it sprutsen wurd, by him giet it ek om gebearetaal. It is in nijsgjirrige bondel oer taal, oer kommunikaasje en oer tiid. Eartiids skreaunen muonts­en in tekst op in stik perkamin dat al earder brûkt wie. Wat earder skreaun wie, waard wei skraabe om romte te meitsjen foar wat nijs. Sa sjocht Betten ek nei syn dichtjen. Alles is al ris sein, mar dochs fielde hy de drang om syn ferhaal te dwaan en ek noch as debutant yn it Frysk. De titel krijt ekstra betsjutting as dúdlik wurdt dat Betten in bern is fan dôve âlders. Yn dizze bondel geane wy werom nei de basis fan taal: it systeem fan tekens en lûd, dat betsjutting jout. Palimpsest is in nijsgjirrige bondel mei in heldere komposysje. De fersen binne ferrassend fan toan: de iene kear mear filosofysk, dan wer ‘gewoan’.

Tsead Bruinja, Ynbyld/ingebed

Dizze twatalige dichtbondel dy’t ús shortlist ek helle, makket yndruk troch de kombinaasje fan autobiografyske fersen mei fersen dy’t makke binne nei oanlieding fan in fraachpetear mei twa âlderen. De bondel rekket oan grutte libbenstema’s as ferlies, âlderdom en de pine fan in skieding. It persoanlike wurdt ferteld yn sterke byldspraak. As lêzer giest op syk nei parallellen tusken de dichter en de twa mannen dy’t oan ’e ein fan har libben binne. Wol hy wat fan har leare? Siket er werkenning? It twatalige aspekt fan de bondel beklammet nochris de mearstimmichheid fan de fersen. In bondel dy’t by it op ’e nij lêzen hieltyd wer nije ûntdekkingen bringt.

Elske Kampen, Net fiksearre hûs

Net fiksearre hûs is in prachtige bondel mei fersen en selsmakke kollaaazjes. As lêzer sikest hieltyd de ferbining tusken de wurden en de bylden. Soms liket it in konkreet byld út it fers, in oare kear is it mear in abstraksje fan it fers. De toan en de foarm binne frij konsistint, dochs liket it oer transformaasje te gean. Dat kontrast is nijsgjirrich. Krekt as wol de dichter it feroarjen fan it libben fêstlizze, mar sit se sels fêst yn ’e tiid. Der wurde in soad kleuren beneamd. Sa no en dan wurkje se symboalysk, in oare kear illustrearjend. Al mei al in tige ambachtlike en sintúchlike bondel. Ek ien dy’t freget om mear as ien kear lêzen te wurden.

Albertina Soepboer, Delta

Soepboer is in pionier as it giet om meartaligens. Fryske en Nederlânsktalige fersen wikselje elkoar ôf as twa rivierstreamen. De bondel ropt in soad fragen op. Wat is hjir de delta? De havenstêd Harns dêr’t translanguaging faak net frjemd is? Of it twastreamelân Mesopotamië, dêr’t it spikerskrift ûntstien is? Of is it in metafoar foar it opheapjen fan pine, werotcht it fertsiken ferskillende lagen fan in skriuwer mei in brede blik en each foar it ambachtlike.


Fan de fiif bondels dy’t neffens ús yn ’e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis binne de twa foarige fan froulju. Tiny Mulder wie de lêste frou oan wa’t de priis takend waard, yn 1986. Wy binne ús derfan bewust, dat dat gjin rjocht docht oan de oanwêzigens en betsjutting fan froulike dichters yn de Fryske literatuer. Mar nei in tal drege petearen fûnen wy alle trije dochs, dat wy net om Ferlosboartsje fan Elmar Kuiper hinne koene.


Elmar Kuiper, Ferlosboartsje

Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier rikt foarby de grinzen fan it konvinsjonele fers. Dizze dichtbondel is in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en ynterlike kontemplaasje. Mei elk gedicht rekket de dichter it format fan de poëzij op, befreet it en makket it op ’e nij. Yn it begjin sjogge wy noch eleminten fan tradisjonele poëzij, mar al gau lit de dichter de fêste foarmen los. Graach beneame wy as advyskommisje in pear wichtige skaai­merken fan dizze bysûndere bondel:


1. Ferfaagjen fan grinzen

Yn dizze bondel ferfaagje grinzen op ferskate wizen. Der is neitocht oer de typografy, de wrytmo­me sykhellen en sels de siden fletse lykas in fototael efkes fan wyt nei swart. Guon fersen lykje earder in tekening fan wurden. De foarmjouwing fan de bondel en de foto’s en skilderijen dy’t der yn opnommen binne, lizze nochris de klam op it fisuele aspekt fan de fersen. Dizze dichter wurket it leafst op de grins fan taal en byld. De dichter Lucebert lei mei it fers ‘haar lichaam heeft haar typografy’ út de bondel De Amsterdamse school de klam op it lichaamlike aspekt fan it fers. Kuiper boartet lykas mei foarm, typografy en wrytmo­me om syn fersen in fysike oanwêzigens te jaan. Dizze wurden moatte net allinne wurden lêzen. De swarte siden middenyn de bondel roppe fragen op: is dat in justere perioade yn it libben fan de dichter? Is it in kamera dy’t flitst? Of sitte we even yn in doka? De sterke fisuele kontekst fan de fersen soarget foar mear sizzenskracht. By Kuiper kinne de deistige dingen ek keunst wêze. Wat mear tradisjonele fersen wurde ôfwiksele mei deiboekfragminten, notysjes, brieven en passaazjes út in pûntsje. Dizze poëzij wol earlik en autentyk wêze; dat wol sizze: tichtby himsels, tichtby de grûn, tichtby syn famylje. It liket derop dat de bondel, lykas dy fan deaden, poëzij ferlosse wol fan it yntellektualisme. Net de holle, mar it hert moat rekke wurde.


2. Fariaasjes

It belang fan in bepaalde konsistinsje yn in bondel hoecht fariaasje net yn ’e wei te stean. As lêzer wolle jo ek graach ferrast wurde, sadat jo even sykhelje moatte nei in oare lêshâlding, in oar idioom, in oare ynfalshoeke, in oare styl, toan of foarm. Ferlosboartsje foel dêryn op. Yn dizze bondel is troch inienjen fan toan te feroarjen, fan earnstich nei fleurich. It is kaleidoskopysk ferskaat oan foarm en styl dêr’t dizze bondel syn krêft yn fynt; eltse stilistyske ferskow­king draacht by oan in ûnderhûdse urginsje, in ynnerlike needsaak om wer hiel te wurden, lykas yn it lêste fers (s. 103) ‘no bin ik wer hiel’, dêr’t dit fragmint út komt:


ik flap in eksoat, doch myn ring ôf
ik ha in stien yn ’e mage, in iepen kiel
klap as in ekster yn krisistiid, no
bin ik wer hiel, krûpt de moarn
as in licht dier
op myn ta


De ekster komt yn de bondel faak werom, in fûgel mei in grutte symboalyske betsjutting. Guon sjogge yn de ekster in boadskipper fan feroaring en transformaasje, dy’t de ferbining symboalisearret tusken de fysike en de spirituele wrâld.


3. Persoanlike syktocht

Neist de rykdom yn foarm en it fisuele eksperiment is Ferlosboartsje boppe-al in yntime ynnerlike reis. Yn fiif skiften nimt de dichter de lêzer mei troch syn libben, fan de berte oant it fers ‘no bin ik wer hiel’. De bondel lêst dêrom as in skôgjend weromsjen op wichtige fazen yn syn libben: de bernetiid, it opgroeien yn in húshâlding mei in tige oanwêzige heit, it ferstjerren fan beide âlden, mei syn broer en sus, in skieding. Yn fersen as ‘ik spjil it wûrd skjin’, ‘ast my wat fertelst’ en ‘swarte stâl’ berikt de dichter in ferstillende yntinsiteit: it binne yntime, kwetsbere portretten fan ferlies fan mem en fan heit, wêryn’t de dichter iepenhertich, sûnder sentimintel te wurden, de pine fan ôfskie en langstme nei ferbining ta stber makket.


4. Djippe relaasjes mei natoer

In belangryk skaai­merk fan Kuipers poëzij is ek de relaasjes mei de natoer. De fersen sykhelje in agrarysk idioom mei prachtige wurden as ‘golle­loegje’, ‘hjierstkeal’ en ‘blaugersied’. De natoer ferskynt as in lykwichtige spiler. It sykhellet, sjucht, beweecht mei. It wurdt net romantysk optild, mar besiele trochdat it persoanlik benadere wurdt mei oandacht, iepenheid en krektens. De swarte grûn, it hout fan ’e beamme, de wytfoarn, de ko mei it seare oer; se binne ferbûn mei heit, mem, mei minsken.


Yn Ferlosboartsje is poëzij gjin fersiering fan ’e natoer, mar lit it syn earlike oanwêzigens sjen. De minske is gjin ynferieure God, ek gjin superieure bist, mar gewoan lykas sweltsjes, hazzen, hynders, kij of hoannen. De bondel is sawol in earnstige ynnerlike syktocht as in boartersûn fan taal. En ast dat kinst as dichter, dan bist in hiele bestienien.


It is dêrom mei folle oertsjûging dat wy foar de Gysbert Japicxpriis 2025 keazen ha foar de bondel Ferlosboartsje fan Elmar Kuiper.


De advyskommisje,
Ytjie Hoekstra, Sytse Jansma, Johanneke Liemburg
Ljouwert, 19 juny 2025


Foto bijskrift: De GOUDEN hakjes fan'e deputeard onderwech in'e straten fan Bòlsert naar ut geboartehús fan Gysbert Japiks. Dêr sette Elma Kuiper syn naam op'e balk.
 
11 òktober om 20:03
 
Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025 met poëziebundel Ferlosboartsje





Op zaterdagmiddag 11 oktober 2025 werd in de Martinikerk van Bolsward de Gysbert Japicxpriis, de hoogste literaire onderscheiding van Friesland, uitgereikt aan dichter, beeldend kunstenaar en performer Elmar Kuiper voor zijn indrukwekkende bundel Ferlosboartsje.

Gedeputeerde Eke Folkerts reikte namens de provincie Fryslân de prijs uit.
De eeuwenoude kerk van Bolsward, waar ooit Gysbert Japiks zelf leefde, ademde poëzie, emotie en verbondenheid.





Voorzitter Johanneke Liemburg sprak namens de Advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025, die verder bestond uit Ytje Hoekstra en Sytse Jansma, en lichtte met overtuiging toe waarom juist Kuiper deze eer toekwam.

De lof van de jury over Ferlosboartsje

Volgens Liemburg en haar medecommissieleden is Ferlosboartsje “in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en ynterlike kontemplaasje.”
De bundel “rekket it format fan de poëzij op, befreet it en makket it op ’e nij.”

Liemburg benadrukte hoe Kuiper in zijn bundel grenzen laat vervagen:“Yn dizze bondel ferfaagje grinzen op ferskate wizen. Guon fersen lykje earder in tekening fan wurden. Dizze wurden moatte net allinne lêzen, mar field wurde.”
Liemburg prees de veelzijdigheid van Ferlosboartsje: “De bondel is ferrassend fan toan en foarm – earnstich en fleurich tagelyk. Net de holle, mar it hert wurdt rekke.”

Naast het poëtische experiment toont de bundel een intieme levensreis: “It is in yntime, ynnerlike reis. Fan berte oant it fers ‘no bin ik wer hiel’. Poëzij as ferlossing.”
De andere genomineerden waren: Erik Betten (Palimpsest), Tsead Bruinja (Ynbyld/ingebed), Elske Kampen (Net fiksearre hûs) en Albertina Soepboer (Delta).

Maar, aldus Liemburg: “It is mei folle oertsjûging dat wy keazen ha foar de bondel Ferlosboartsje fan Elmar Kuiper.”
De lofrede fan Sjirk Eildert Bruinsma oer de dichter
Namens de Fryske Beweging sprak Sjirk Eildert Bruinsma een lofrede vol warmte en bewondering. Hij prees Kuipers vermogen om “de stream fan gedachten” telkens een nieuwe vorm te geven, in taal, in beeld en in muziek.
“Ferlosboartsje bringt je werom nei Fryslân, en dêrmei ek nei de nije Friezen dy’t nei ús komme,” aldus Bruinsma.
Zijn woorden waren tegelijk een ode aan de Friese taal zelf: “It Frysk is de bêste wize om ús ûnderfining fan it libben ta útdrukking te bringen.”

It dankwurd :De leafde foar taal

Toen Elmar Kuiper zelf het woord nam, werd het muisstil. Zijn dankwoord De leafde foar taal was een ontroerend eerbetoon aan zijn jeugd, zijn mem en heit, en de taal die hem gevormd heeft “It bloed kroep dêr’t it net gean koe. Ik fûn de dichter yn mysels werom – of better sein: it bern, dat sa earlik en hearlik tûme koe.”

Hij besloot met woorden die velen in de kerk ontroerden: “Tank heit en mem, foar jim leafde en waarmte, foar it paradys dêr’t ik opgroeie mocht. Jim binne altyd by my.”

De Lytse Gysbert Japicxpriis 2025: Jong talent út Joure
Ook jong talent kreeg vanmiddag een podium. Tijdens dezelfde feestelijke bijeenkomst in de Martinikerk werd de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 uitgereikt aan Alen Hrustic (13) uit Joure

Zijn gedicht Bergen en djippe dellingen maakte diepe indruk op de jury, bestaande uit Tialda Hoogeveen, Wybo Smids en Gertrud Palstra. Zij noemden het werk van Alen: “It is echte poëzy, makket yndruk, hat sterke bylden en jout pikefel. […] It ûnderwerp dat Alen beskriuwt, oarloch, is like universeel as persoanlik. Dat makket it pynlik aktueel.”

De jonge dichter, die tweetalig opgroeit met Bosnisch en Nederlands, schreef het gedicht eerst in de taal van zijn hart en vertaalde het daarna zélf in het Fries, “in prestaasje dy’t grutte wurdearring fertsjinnet,” aldus de jury.

De prijs, bestaande uit ‘De Gouden Fear’ en een oorkonde, werd hem overhandigd door wethouder Petra van den Akker van de gemeente Súdwest-Fryslân. Van den Akker was geraakt door het gedicht van Alen, liet ze in haar toespraak weten.
Daarna mocht Alen en Elmar hun namen vereeuwigen op 1 van de hanenbalken in it Gysbert Japicxhûs in Bolsward.

Fryslân syn taal, syn dichters, syn takomst

Met de bekroning van zowel de volwassen als jonge winnaars liet Fryslân vandaag zien hoe levend, veelzijdig en toekomstgericht haar literaire landschap is.

De Gysbert Japicxpriis eert het rijpe meesterschap, de Lytse Gysbert het prille talent en beide samen bevestigen de liefde foar taal dy’t troch de generaasjes hinne klinkt.

“By Kuiper kinne de deistige dingen ek keunst wêze,” sei Johanneke Liemburg.

Dat jildt hjoed ek foar Fryslân sels.



















 
10 òktober om 20:40
 
En de Frysk literêre karafaan trekt foart





In’e herst is ut al sinds jaar en dach feest foar skriëvers (m/f & alle andere genders). Ommers op 4 òktober wurdde de Rely Jorritsmaprizen útreikt in Jellum. En mòrren ontfangt Elmar Kuiper in Bòlsert de hoochst literêre onderskeiding dy’t der is: De Gysbert Japicxpriis

“Yn de sfeervolle teatertsjerke It Mammemahûs yn Jellum hat wethâlder fan kultuer Hein Kuiken sneontemiddei 4 oktober 2025 de Rely Jorritsmaprizen útrikt. It wie alwer de 71ste edysje fan de bekende literêre priis foar ferhalen en gedichten yn it Frysk.
De sjuery, ûnder lieding fan Marrit de Schiffart, beoardiele de 90 ynstjoeringen anonym en keas seis winners. By de ferhalen waarden Gertrud Palstra (Blineman), Sytse Jansma (Psych Aid) en Gerrit Hoekstra (In simmerjûn yn Seachlym) bekroand. By de gedichten gienen de prizen nei Pim Rodenboog, Fedde Douwes Dijkstra en Tryntsje van der Steege.”
It sjueryferslach en de priiswinnende teksten binne te lêzen yn it spesjale Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh (jierrige 17, nûmer 5, 2025). Ik krige it moai foarjûne magzine juster tastjoerd.

De Gysbert Japicxpriis 2025: wat en wêrom
• De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre earepriis foar oarspronklik Frysk talich wurk; de priis besteat sûnt 1947.
• De priis wurdt om de twa jier útrikt, en wikselelet tusken proaza en poëzy.
• Foar de 40e edysje (2025) waarden 35 dichtbondels (ferskynd tusken 2021 en 2024) beoardiele troch in advyskommisje (Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma, Johanneke Liemburg).
• Kuiper wûn de priis foar syn bondel Ferlosboartsje (útjûn yn 2024).
• Neffens de advyskommisje en publikaasjes biedt Ferlosboartsje in poëtysk universum dat fier gean kin dan de konvinsjonele foarmen fan poëzy, en ûnderwerpt dy foarmen oan befraging en fernijing.
• As diel fan de priis krijt Kuiper in oorkonde, in jildbedrach fan € 10.000, en in promoasje-/ûntwikkelbudzjet fan € 5.000.
• De offisjele útrikking fynt plak op 11 oktober 2025 (sneon) yn de Martinitsjerke yn Boalsert (Bolsward) ûnder de Gysbert Japicxpriiswike.
• By de ceremonie wurdt ek bekendmakke wa’t de Lytse Gysbert wint (priis foar it bêste Frysk gedicht fan bern yn groep 7/8).

 
9 òktober om 22:59
 
Ut regende wear us sonnestralen





Ut was wear su’n dach wêrop’t ut sonnestralen regende. Fandaach foar ut earst in ut Amsterdamse Bos weest. Wat un prachtege omgeving, je wane je dêr helemaal nyt in Mokum!

Mar ut allermoaiste was tòch dat ik op disse moaie dach foarleze mocht an groep 1 fan un basisskoal wêr’t de oudste pakesêger ok 1 fan’e kyndes is. Nyt te overtreffen geluksalech gefoël! Later miskyn nòch un foto fan dy gebeurtenis.



 
8 òktober om 21:52
 
Fan Wander tòt Schakers





Ut was wear un prachtege herstdach in Sneek, dy't ik welbesteed brúkt hew. Ut Calvinisme sit der nou 1 kear in bebakt: Ledigheid is des duivels oor kussen!

Interview fan Wander tòt Schakers! Mar ik doën ut met un ferrekte soad plezier!

En mòrren staat der ok wear un bysòndere aktiviteit op ut programma. Mar dêrover mòrren mear!



 
7 òktober om 18:32
 
Interview dach





Fandaach was un interviewdach. Fanmòrren om 09.00 bij Klaus Boonstra, bestuursfoarsitter fan De Kime, Hospice in Sneek/SWF. ‘k Was echt onder de indruk fan wat al dy frijwillegers tegare met de proffesionals doën.

Op myn beurt fyn ik ut dan wear fijn om disse òrganisasy un poadium te geven deur un interview in GrootSneek. Ut gaat ergens over!

Fanmiddach foëlde ik in ut interview met Taeke van Popta ok. Taeke het un boek(ke) skreven over ‘Nijland 750 jaar’. Wêr’t ut met name over ging was ut mienskipsgefoël deur de eeuwen heen. Ok dit interview skriëf ik foar de GrootSneekkrant.

De dagen fliëge om disse manier om.


 
6 òktober om 21:11
 
ONS Old Skoal





Fanmiddach, op su mar un maandach, un geweldech feest met Jan Hans de J. in ut 't Ouwe Vat had.

Nou ja sumar, Jan Hans wurdde 67 jaar en krijt syn earste AOW. Reden genoech om der un moaie happening fan te maken. 'k Bin un befoarrecht mins!

 
5 òktober om 19:54
 
Weekend





Nòch altyd hew ik ut ultieme weekendgefoël, al hew ik al un paar jaar myn pensjoen. Mòrren begint de werkweek wear, dat is bij mij altyd werke met'e kòp. Ut belooft wear un moaie week te wurden!

Mar mòrren begint ut uteraard met drave!

 
4 òktober om 17:19
 
Dweile met'e kraan open...





SNEEK-De dertiende editie van de Sneeker Dweildag is zaterdagochtend van start gegaan op de Marktstraat, met het Friese volkslied en het Sneeker dweillied. Wethouder Petra van den Akker gaf het evenement een officieel tintje met haar openingswoord. Als vanouds was het meteen al een gezellige en vrolijke boel in de stad

Ondanks het onstuimige weer, met harde wind en pittige buien, trekken 21 dweilorkesten uit het hele land door de stad. Er wordt verspreid over vijf podia gestreden om geldprijzen en ludieke bekroningen. Het programma loopt tot 16.45 uur, gevolgd door een slotoptreden op de Marktstraat met De Putkapel en feestzanger Danny Panadero. De prijsuitreiking en gezamenlijke afsluiting zijn rond 17.30 uur.

Een bijzonder moment is de groepsfoto bij café ’t Ouwe Vat, dat voor de gelegenheid is omgedoopt tot het Putplein. Daar presenteert De Putkapel het speciaal bedachte Dweildag-shotje ‘Het Dorstlessertje’.

Ook het populaire Valsblaaskonkoers in de Weduwe Joustra Steeg ontbreekt niet. Muzikanten spelen eerst zo goed mogelijk, en daarna zo vals mogelijk – met oordoppen voor de luisteraars die dat aandurven. De Sneeker Dweildag is één van de grootste dweilfestivals van Nederland en zal ook vandaag zorgen voor een dag vol muziek en vrolijkheid - weer of geen weer.



 
3 òktober om 11:09
 
Opening tentoonstelling en boekpresentatie in Fries Scheepvaartmuseum:150 jaar Zeevaartschool gevierd in Sneek





SNEEK-Het Fries Scheepvaart Museum was vrijdag 3 oktober het decor van een bijzondere viering. Met de feestelijke opening van de tentoonstelling ‘Een zee aan kennis -Fries zeevaartonderwijs toen en nu’ en de presentatie van het boek ‘Van gegist bestek tot gps’, stond het 150-jarig bestaan van de Zeevaartschool Terschelling centraal. Een middag vol geschiedenis, verhalen en toekomstvisies, omlijst door warme toespraken en ontmoetingen.

Directeur Hester Postma van het FSM opende de bijeenkomst met een warm welkom. Zij benadrukte dat het een dubbele viering was: zowel een tentoonstelling als een boekpresentatie.

Wim van Leunen, oud-docent van het Maritiem Instituut Willem Barentsz (MIWB), schetste de ontwikkeling van de school: van een klein instituut in het noorden tot de grootste zeevaartopleiding van Nederland. “Zeevaartonderwijs staat altijd met de voeten stevig in het verleden, maar met de blik gericht op de toekomst,” aldus Van Leunen.

Een boek met ziel en warmte

Uitgever Eddy van der Noord vertelde hoe er ruim vier jaar lang intensief aan het prachtige harscover boek is gewerkt. Het resultaat is volgens hem meer dan een historisch overzicht: “De interviews met oud-leerlingen geven het boek warmte en maken de geschiedenis tastbaar.”

Auteur Rob Leemans lichtte toe dat zijn idee voor het boek al rond 2008 ontstond: “Het moest niet alleen de geschiedenis vertellen, maar ook een kijkboek worden – rijk aan beeld en verhalen die je graag doorbladert.”

Mede-auteur Jurjen R. Leinenga koos samen met Leemans voor een thematische aanpak, met aandacht voor zowel de techniek als de mensen achter de zeevaartschool. De interviews van Arjen Terpstra geven het boek meerwaarde. En dat doet ook de opmaak van Monique Vogelsang!

Het eerste exemplaar werd overhandigd aan Annet Koster, directeur van de Koninklijke Vereniging van Nederlandse Reders (KVNR). Zij benadrukte de actualiteit: “We staan aan de vooravond van een transitie groter dan de industriële revolutie. Digitalisering, verduurzaming en autonoom varen vragen om nieuwe kennis en nieuwe zeevarenden. Daarom is goed onderwijs belangrijker dan ooit.”

De officiële opening

Gedeputeerde Eke Folkerts, die Commissaris van de Koning Arno Brok verving, opende officieel de tentoonstelling. Zij prees de rol van Friesland in het maritieme onderwijs: “Onze provincie ademt water en scheepvaart. Met deze tentoonstelling houden we die rijke traditie levend en inspireren we jongeren om voor een toekomst op zee te kiezen.”

Tentoonstelling: traditie én innovatie

De tentoonstelling Een zee aan kennis laat 150 jaar zeevaartonderwijs zien. Van kompas en sextant tot simulatoren en digitale systemen: de bezoekers ervaren hoe het onderwijs telkens meebewoog met de scheepvaart
Naast historische objecten biedt de expositie interactieve onderdelen, zoals een beladingsspel en een virtuele machinekamer. “Zo hopen we jongeren een goed beeld te geven van een opleiding in de zeevaart,” aldus conservator Erik Betten

Ode aan 150 jaar zeevaartonderwijs

Het 192 pagina’s tellende boek en de tentoonstelling vullen elkaar prachtig aan: het eerste verhalend en rijk geïllustreerd, de tweede interactief en uitnodigend. Daarom ook zeer geschikt om met kinderen een bezoek aan de tentoonstelling te brengen. Samen tonen zij dat de Zeevaartschool Terschelling niet alleen een verleden heeft om trots op te zijn, maar ook een toekomst die richtinggevend is voor de maritieme sector.

De middag in Sneek was daarmee méér dan een jubileum: het was een ode aan de zeevaart, aan het onderwijs en aan de generaties die de koers van de Nederlandse scheepvaart bepaalden en nog zullen bepalen.

De expositie is tot 26 maart 2026 te zien in het Fries Scheepvaart Museum in Sneek.

Voor meer info over het boek: https://www.uitgeverijlouise.nl




























 
2 òktober om 19:29
 
Harry de Wolff





Gistermòrren hew ik Harry de Wolff út Ouwehaske interviewd. Ut ferhaal ondertussen útskreven. Un markante persoanlekheid dy't ut moai fertellee kan. Fòlgende week ferskynt ut FacetoFace ferhaal in de papieren GrootdeFryskeMarren. Hieronder un stukje ( soademiter op met dat preview...)


Sport was voor Harry geen bijzaak, maar een manier van leven. “Ik ha altyd sport nedich hân. Fuotbal, marathonriden, motorsport, ik koe net sûnder.” Tot zijn 47e was Harry actief als motorcrosser.

En als voetballer hield hij het nog tot z’n 55ste vol. “Wy degraderen noait, mar dat koe yn ús klasse ek net! We wûnen de tredde helte altyd. Altyd!.”
 
1 òktober om 20:46
 
Kulinêr hoogtepunt fan ut jaar bij Kees Leeuwen





Eén kear in’t jaar komme wij met un selekt geselskap Snekers bij horeka ikoan Kees Leeuwen (86) op besoek om dêr fan syn súperlekkere bamy te genieten. Dy bamy haalden we oait in’e jaren seuventeuch bij Kees in ’e snackbar an’e Parkstraat na un avend stappen in Rinke’s Koffybar, De Witte Kat, Scotch Inn, de Lichtboei en de Sneeker Pan. Gouden tiden!

Foarou an’e bamy hewwe we dan al un ‘Ovaaltsje’ fan Kees had, un hearleke gehakbal.

We singe met mekaar oud-Nederlaanse en Sneker ferskes onder begeleiding van Lute & Gerke op ’e akkordeon. Ik mach un ferhaal foarleze en we drinke un paar fleskes bier.

Ut is ut ultieme geluk fan ouwer wurdende mannen, dy’t stuk foar stuk nòch posityf in ut lieve leven staan en dat joppege gefoël met mekaar dele.

Ut is ut púre genieten. Ik foël mij un mazzeltof!

tHENKs Kees!