Riek Landman
Riek Landman schrijft over drie generaties vrouwen
“Ik wol my ferdjipje yn de driuwfearren fan oare minsken…”
Henk van der Veer
SNEEK- Als schrijfster Riek Landman bezig is met het schrijven van een boek, zit ze elke morgen achter de computer. Plichtbesef is haar niet vreemd. Een boek schrijven is een behoorlijk karwei. En als Landman dan zit ‘te stinnen en te prakkesearen’ denkt de populaire schrijfster alle keren weer: ‘Dit is beslist it lêste boek. Ik wol dit net mear. Wat in aaklike trochsetterij. Ik doch dit mysels net wer oan.’ Bij de Friese Pers Boekerij is haar 11de roman, ‘De tiid fan Jentsje’, verschenen.
“De tiid fan Jentsje, is it earste yn in rige fan trije, dat giet oer it libben fan trije slachten froulju. In beppe, in mem en in dochter. Jenne Brouwer is de beppe. Yn de tiid as sy op in de legere skoalle sit wurdt se Jentsje neamd. It is in famke dat om 1900 hinne yn in wâldhúske wennet op de Suderheide tichteby Drachten. Har skiednis wurdt beskreaun oan de hân fan brieven en foto’s dy’t har beppesizzer Janne fan har krigen hat. Dizze Janne wurket mei oaren oan in telefysje-searje foar Omrop Fryslân en as se op besite is by har mem, komme de ferhalen oer beppe oan de oarder. Der binne brieven en fotoboeken út in foarbije tiid. Se fielt de driuw om it ferhaal fan beppe en har mem op papier te setten. Dizze trije froulju spylje beurtlings in rol yn de trije romans en geandewei it lêzen komt men yn de kunde mei it libben fan doe en no.”
Landman die ook auteur is van de populaire Sigrid en Anke-misdaadromans, is van mening dat haar nieuwste werk niet te vergelijken valt met wat ze eerder schreef.
“Dit boek is sa oars om’t ik in hiel soad foarwurk dwaan moast. Yn it foar wie it needsaaklik om hiel krekt te witten, hoe’t ik de ferskillende karakters fan ‘myn’ froulju tekenje soe. Dat ferget in soad prakkesaasjes, want it moat trije boeken lang klopje. Ik hie noch net sa’n breed skala oan gefoelens, eangsten, leafdes en bezichheden ’regissearje’ moatten. Dêrom hat it foarwurk my mear as trije jier koste.”
Ook de thematiek, over het leven van drie generaties vrouwen, is voor Riek Landman nieuw. Al liep ze al tijden rond met het idee om ooit nog eens wat met dit onderwerp te doen.
“Oer dizze tematyk, dêr rin ik al te tinken salang’t as ik oan it skriuwen bin, dat komt fuort út it toanielspyljen en lesjaan. By de rol yn ‘Wa is bang foar Virginia Woolf’ dochst net oars as dy ferdjipje yn de driuwfearren fan oare minsken. Do besikest om fia sa’n stik it publyk nei himsels sjen te litten. Dy niget ha ik by it skriuwen ek. Ik besykje te berikken dat minsken tinke: ‘Sjoch dat ha ik no ek. It is krekt as giet it boek oer my.’ Ik ha dizze tematyk keazen om’t ik it gefoel ha dat boeken oer de tiid fan doe faak geane oer dingen, fabriken en nije brêgen en net oer saken dy’t de minsken sels beroerden. En it giet al hielendal selden oer de froulju dy’t de húshâlding draaiende hâlden. Elk yn de klean stekke moasten en der op taseagen dat harren bern elke dei nei skoalle giene en goed mei oare minsken omgiene. Ik hie foar mysels de oandrang om it boek te skriuwen om’t ik fernim dat in soad minsken itselde soms misse as ik. Wêr is de sânreed fan ús pake? Hoe moai wie Snits doe’t it wetter noch troch de Singel rûn? By lêzings binne der faak minsken dy’t sizze: ‘As jo fertelle dan sjoch ik it foar my. It is as hie ik it sels meimakke.”
Riek Landman vindt het helemaal geen straf om lezingen over haar werk te houden, ze schrijft zelfs om met andere mensen van gedachten te wisselen. Elke keer als er weer een boek van haar uitkomt is er nog de verwondering.
Riek Landman: “Foar my is it elke kear krektlyk as doe’t ik myn bern krige. Ik bin alle kearen sels ek benijd wat der útkomt. En ik bin der ek like mâl mei as myn bern. Yn de iene meie jo dit karakter graach lije, yn de oare fyn je hiele oare dingen. It is net dat je der grutsk op binne, mar je ha se leaf. Dat is mei de Sigrid en Anke boeken sa, dat is mei myn romans net oars. It moaiste fan alles is fansels as de lêzer der wiis mei is, want dêr dogge jo it foar. Dan is it krekt in toanielfoarstelling. Wy kinne noch sa moai spylje en sjonge, mar sadree’t it publyk meilibbet komt de goede bedoeling oer, dan earst hat de foarstelling syn plak fûn. Ik hâld in soad lêzings oer myn boeken en dat is eins it moaiste fan it hiele skriuwen, want dan hear ik dat in soad minsken der net allinne aardichheid oan ha, mar ek faak der herkenning út putte. Dat swierrichheden te plak falle om’t se fernimme dat in persoan yn it boek dêr ek mei sit. In frou út Balk fertelde, doe’t ik dêr in lêzing foar de Passage hâlde: ‘Ik ha faak tocht dat it net hielendal normaal wie, sa siet ik tangele mei myn leafde. No’t ik jo boek lêzen ha, wit ik dat der mear minsken sa klem sitte. Dat hat my holpen.’ Eins is in boek in dialooch op papier. Sadat minsken beseffe dat se net allinne steane.”
Niet alleen het lezen van een boek werkt therapeutisch, ook een fikse wandeling doet soms wonderen, zo weet Riek Landman:
“Kuierjen is neist it skriuwen, in oare grutte hobby fan my. En dat past wûnderbaarlik goed by it skriuwen, want troch de egale lykmatichheid fan de stap kinst goed neitinke. As ik net mear wit hoe’t it boek fierder moat, dan rin ik in ein. Dat helpt, altyd. Elkenien dy’t problemen hat en noch goed op de gong is, moat dat marris besykje.”
Op dit moment is Riek Landman druk bezig met het schrijven van het tweede deel uit de trilogie. En ondertussen denkt ze na over hoe deel drie ingekleed moet worden. Om haar schrijfdrift te illustreren deelt de schrijfster tussen neus en lippen mee dat er ook weer een nieuw deel in de Sigrid en Anke serie komt. Ditmaal beleeft het duo avonturen in de Zuidwesthoek van de provincie. Of dit niet genoeg is, vertelt de schrijfster ook nog over har andere passie: toneel.
“Tegearre mei Gerk Venema en syn dochter Judith, beide út Snits en diel fan de begelieding fan it shantkoar Rolling Home, meitsje wy in muzikaal programma. Gerk kin alles spylje op de akkordeon en Judith spilet dwersfluite. Wy hawwe it programma al spile yn Easterein en yn it tsjerkje fan Sânfurd. Op 23 febrewaris komme we yn Balk, 2 maart yn Drylts en 5 maart yn Snits. Alle jûnen om 19.45 oere yn de bibleteek. Ik ferfeel my gjin momint en ik rin hiel wat ôf om it ferstân op in rychje te hâlden.”
Sneeker Nieuwsblad, 02.02.2004
|
 |