pers > op'e planken > detail
Resnsy fan Henk van der Veer
Albertina Soepboer

De tklaaide fersen fan Albertina Soepboer


DE HOMMERTS- Foardat ik wat skriuwe sil oer it nijste wurk fan dichteres Albertina Soepboer ( 1969) earst har hiele oeuvre mar even op in rychje: 1995: Gearslach; 1997: De twirre yne tiid; 1997: De hengstenvrouw; 1998: It nachtln/ Het nachtland; 1999: Fjoer yne kop (toaniel); 2000: De stobbewylch; 2001: De dieptering; 2003: Het nachtland/de knotwilg.
En dan no, neijier 2003, har lst ferskynde bondel De fjoerbidders. Dizze prachtbondel is tjn troch Bornmeer, te Ljouwert.

Selden is der yn Frysln san kreas fersoarge dichtbondel ferskynd as De fjoerbidders! Moai formaat, goed papier, fraaie bledspegel, ddlik lettertype, moai printwurk en fantastys foarmjn troch Gert Jan Slagter. Koartsein in bondel drt de tjouwer tige flyt op dien hat.

Yn har nijste bondel is it opfallend dat Albertina Soepboer yn fergeliking mei har eardere wurk in hiele oare styl hantearret. Wiene har fersen yn it ferline noch de barokke kant it neist, yn De fjoerbidders is dr neat mear fan oer. Sterker noch, it nije wurk is ta op e bonken tklaaid.

De bondel is in syklus fan tritich fersen wrbijt fiif songs in soarte fan reade tried foarmje. Dy Ingelstalige songs binne fan Kate Bush: Saxophone Song; Patti Smith: Dancing Barefoot; Tori Amos: Sugar; Massive Attack: Unfinished Sympathy en David Sylvian: mei The Scent of Magnolia.
Alle tritich fersen besteane t acht rigels, hieltyd fjouwer kear twa rigels nder elkoar, wrbijt wol ferskil is yn ritme en it tal wurdlidden.
De hiele syklus giet oer in leafdesaffre. Wat wol gelyk bleaun is yn dit nije wurk yn fergeliking mei har eardere bondels, is dat Albertina Soepboer noch altyd ddlik t it perspektyf fan in frou wei dichtet.

It wurk fan Albertina Soepboer is net maklik nei te kommen, drmei wol ik net itselde sizze dat har fersen ntagonklik binne. Sa wurket dizze dichteres in soad mei metafoaren, de lzer moat him/har konstant opskerpje: stiet der wol wat ik ls?
Soks fernuvert mij net fan ien dyt seit: Pozij is gjin boartersplakje foar in sinnige neimiddei. In goed fers heart in aventoer te wzen dat dyn eigen wrld eefkes ferskowe lit.
( yn De Moanne/Trotwaer, jully 2003)

Wat de muoite nimt om it wurk fan Albertina Soepboer yndachtich te lzen en te werlzen sil beleanne wurde mei prachtige (leafdes-) pozij:

Sint-Martensbrn

It knyft snijde fierder. Iepen rekke er,
warleas. Klaai foel him fane hsd f.

It baarnde ope neil, de fingers fnen
har wei dwers troch it ferskere fleis.

Focht sipele by my del, de lste jn skade
deroer hinne, lykas sielen op it tsjerkhf.

Yne byt ljochte libben fjoer op en ik
preau fan e sinne, liet it yn my komme.


In oerld tema as de leafde op dizze wize nij libben ynblaze, fyn ik hiel knap. San fers ropt net allinne gefoelens op, ik fyn it ek tige byldzjend. Moai, cht moai!

It nije wurk fan Albertina Soepboer sit grtfol mei emoasjes en dat sil dan ek sndermis de reden wze dat dizze fersen troch de foarm wat fstnliker binne as har eardere pozij.
As de leafde tein set, dichtet Albertina Soepboer:

Moeting

De std wierre grize strjitten, sker
twirren oan e spoarline, in nacht

Yne lampebol fan fiere flat: man
wachtsjend foar it reinich bytfabryk.

Ik smite de fyts oane kant, wankel
en werkende in ld t in oar ferline.

Hy joech my de hn, sei dat hy it wie:
earste pianospiler, sad septimbersong.

De muzikale toan is setten, yn de 30 fersen spilet muzyk in grutte rol en kin de lzer genietsje fan prachtige sinnen lykas: De beatbassen: de switterige jnsploech/ wakker de ripe biten ta sker meallend. Of It requiem waaide fane flat, fdwaalde/ fgelkloft t de triedden om it bytfabryk.
Neist leafde, muzyk, erotyk is religy ek ien fan de kaaiwurden yn it nije wurk fan Albertina Soepboer.

De hiele syklus liket ien grut heechliet te wzen, spitigernch (?) giet de leafde tusken de ik-figuer en har loverboy foarbij, it ienige dat oerbliuwt is fantastys moaie pozij:

Ill never be your Maggie May

Sleatswetter by it bytfabryk, wytljocht
at ik moarns wekker waard en it seach.

De romten dy t mar net sletten rekken,
dzeljende noaten ope westerstoarmen.

Net de toarst net de honger net hy net
doet ik de heale moannen skjin himmele.

Mar it sleatswetter, as de reindrippen
en reade surch stoffich by it spoar del.

De lste fjouwer rigels fan dit ymponearjende wurk einigjet mei de symboalise dea fan de ik-figuer. Neat gjin falske romantyk, earder in nmooglike leafde.

Sat ik dr iepen lei op e klde grn, rein
kaam en neat noch sear die. Witte soe ik.

De trein kaam foarby, de nacht liet de stjer
los en it fjoer lge in skoft. Sat it doe gie

Gearfette, in rike bondel dyt sa koart nei ferskinen no al in klassyk neamd wurde mei!


Henk van der Veer


Albertina Soepboer, De fjoerbidders. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert, ynbn, 64 siden. Priis: 15,--


Sneeker Nieuwsblad, 19.01.2004
 
 
<< terug