Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Jan Dotinga

‘Ik wol dy wizer ha’, gedichten Jan Dotinga


DE HOMMERTS- Fan de dichter Jan Dotinga (1934) is ferline jier in mânske bondel ferskynd bij Utjouwerij Frysk en Frij. ‘Ik wol dy wizer ha’, is de titel fan dizze kreaze mar sober útjûne útjefte. Mar leafst 120 siden poëzij set âld-skoalmaster Dotinga de lêzers foar.
It is de 17de (!) bondel fan dizze wolris wat ûnderwurdearre dichter. Syn earste dichtwurk kaam al yn 1965 út: ‘Lyts ivichheit’.

Dat Dotinga syn wurk net altyd achtslein is, en noch net achtslein wurdt, is net in nije konklúzje. Dr. G. Abma, skreau yn de Kerkspiegel fan goed tweintich jier lyn al dat Dotinga syn kristlike libbensfyzje debet wie oan dy resepsje fan syn wurk: “…it is ommers bekend dat de kleur en de toan yn it mear offisjele Fryske fermidden set en bepaald wurdt troch net- of anty-tsjerklike groepearringen.”

At dy konklúzje tweintich jier lyn al jilde soe, hoe min moat it der no dan wol net foar stean mei de wurdearring fan Dotinga syn wurk? De sekularisaasje is der yn elts gefal net minder op wurden.
Dotinga lûkt him, gelokkich mar, neat oan fan al dy faak leechlizzende krityk. Hij giet gewoan syn eigen gong en de ôfrûne twa desenia ferskynden der fan him tal fan bondels mei in sterk religieuze ynslach. In soad fan Dotinga syn gedichten hawwe yn tsjerke- en moanneblêden stien

Yn’e nije bondel fan Dotinga wurdt de kearn foarme troch in tritichtal gedichten dy’t ynspirearre binne op parten fan de bibelse psalmen. Dat is net unyk yn de Fryske literatuer. Fedde Schurer en Douwe Tamminga, om mar ris twa dichters te neammen, lieten har ek al ynspirearje troch de psalmen. En ek yn it eardere wurk fan Dotinga, tink oan de bondel ‘Wa sil genêze’(1981) liet dizze dichter him liede troch de bibelse psalmen.
Ik fyn dat dêr neat mis mei is. Sterker noch, ik fyn dat it ‘boek der psalmen’ sûndermis ta de absolute literêre wrâldtop heart. Of sa’t Gerrit Komrij alris skreau:”De Zugspitze van de wereldpoëzie.”( ‘Dit helse moeras’, Amsterdam 1983)

In oare fraach, en dy is fansels wol wichtich as it wurk fan Dotinga besprutsen wurde moat, foeget dizze dichter wat ta mei syn fersen dy’t ynspirearre binne op de âlde psalmen? Ik fyn fan al, Dotinga hat in eigen lûd. Dat autentike komt benammen nei foaren yn de moderne wurden dy’t hij links en rjochts troch syn fersen struit. In lêzer fan gedichten, dy’t ynspirearre binne op de âlde psalmen ferwachtet gjin wurden as stiletto en atoom. Dotinga docht dat wol en it brûken fan dy wurden meitsje syn fersen nijsgjirrich.Hij besiket it leauwen, syn leauwen, op’e nij ûnder wurden te bringen.

Sûnder bestean

út psalm 52


As dyn tonge in stiletto is
en dyn leagen in misdie
bist troch watst boudest
bedobbe

As dyn leafde yntrige is
en dyn wurd ferneatiging
bist troch watst grut hiest
lytsman

ik neam yn’e mienskip syn namme
ik leau it atoom fan syn leafde

Ik fyn dat gedichten it bêst ta har rjocht komme at se lûdop lêzen wurde, en dat jildt hielendal foar (psalm-) gedichten.
Dotinga brûkt yn syn psalmgedichten gjin rym, hij hantearret de frije fersform. Faak net mear as yn twa of trijerigele strofen.

Neist de goed tritich fersen dy’t ynspirearre binne op de psalmen, hat Dotinga ek noch in grut tal gedichten skeaun dy’t oer it ferline geane en dan benammen oer it âlder wurden.
Al dat dichtsjen hat doel:

Slachtefers

Do wolst de wurden oarderje ta daam
En taast en tiist, do tilst en dochst in raam
In lyts hâldfêst, in útsjoch ta besinnen
Is dat net watst begearst en dêrst om wraamst?

Werner Laubi, skreau yn ‘Die Himmel erzählen’ (Lahr, 1995) de folgjende frijmoedige bewurking fan Psalm 1.

Gelukkig zijn zij
die de bijbelse verhalen vertellen,
die zich verre houden van de fantasielozen,
niet gaan op de weg van saaiheid en verveling,
niet zitten in de kring van wie aan dogma’s hangen,
maar die vreugde scheppen in de verhalen van de Schrift
en ze overpeinzen bij dag en bij nacht.
Zij zijn als een boom, geplant aan waterstromen,
die vruchten geeft, op zijn tijd,
wiens lover niet verdort.
Bijna alles wat zij vertellen,
is een weldaad voor de mensen.

Boppesteande rigels binne fan tapassing op it wurk fan Jan Dotinga, nochris in dichter mei in eigen lûd.


Henk van der Veer


Jan Dotinga, ‘Ik wol dy wizer ha’, gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij, 128 siden. Priis: € 12,-







Sneeker Nieuwsblad, 12.01.2004
 
 
<< terug