pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Bestsellers yn ‘e Merkel Rige

It giet goed mei de Merkel Rige fan de Friese Pers Boekerij. Yn ’e rige ferskine op ’e nij suksesfolle titels út de Fryske literatuer dy’t al inkelde jierren net mear leverber wiene. Koartlyn binne der wer trije nije dieltsjes yn de searje útkommen: ‘Ien foar de wraak’ fan Joop Boomsma, ‘Fryslân Boppe’ fan Anne Koopmans en ‘De ljedder’, fan Koos Tiemersma. Alle trije dieltsjes binne lykas de eardere útjeften yn’e rige tige ienfâldich útjûn, sûnder pretinsjes wat de lay-out oanbelanget.


‘Ien foar de wraak’

Joop Boomsma debutearre yn 1988 mei ‘Ien foar de wraak’, in psychologise misdiedroman. Hy wie dêrmei de earste dy’t mei dat sjenre yn de moderne Fryske literatuer kaam. Oer de ynhâld fan de roman dit: ‘ De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan learaar Arnold Hagen. As it plysjeûndersyk nei in skoftsje liket te mislearjen giet freon en kollega Jaap Dykstra sels op ûndersyk út. Hy pakt de tried op dy’t de offisjele ynstânsjes neffens him slûpe litten hawwe. Mar hy krijt al gau yn ’e rekken dat sok speurderswurk net alhiel sûnder gefaar is- der falle slachtoffers.’
‘Ien foar de wraak’, is in like minslik as spannend ferhaal, sa stie op de flaptekst fan de earste printinge te lêzen. En ‘om’t it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de plysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal en wurdt beskreaun mei in skerp each foar de psychologyske aspekten.’
Yn fergeliking mei de earste printinge is dizze útjefte yn de Merkel Rige wat ienfâldiger útjûn, mar de foto fan Paul Janssen op it omslach mei ik wol oer. De foto, fan it treppenhûs, is nommen yn de skoalle dêr’t de auteur wurket. De foto fan Janssen ropt in bepaalde spanning op en Joop Boomsma syn ferhaal docht dat ek. Sûndermis noch altyd in oanrider dit boekje fan 128 siden. Om mij kaam Boomsma wer ris mei in nije krimy, it is al wer alve jier lyn dat dizze skriuwer syn lêste misdiedroman ferskynde, ‘Knyflok en Reidmannen’.


Fryslân boppe

Yn ’e ferhalen fan skriuwer Anne Koopmans ( 1933-2004) is in soad mooglik. As ferteller balansearre Koopmans op de râne fan realisme en fatasy. Syn koarte ferhalen binne sûndermis komys en hjir en dêr absurdistys te neammen. In kaptein rekket it paad bjuster tusken Burdaard en de ivichheid, in ûnnoazel jonkje wurdt kening fan Fryslân, in man moat it hok oprêde en ynienen wol er witte wat de sin fan it libben is en it kofjesetapparaat bemuoit him mei dingen dêr’t it net foar trochleard hat. Net om’e nocht stiet op it omslach fan dit dieltsje út de Merkel Rige, it is al de fjirde printinge, in foto fan trije manlju op in leagenbank. Want de ferhalen fan Koopmans binne stories dy’t op de leagenbank ferteld wurde, faaks noch hûndert kear moaier ek. Yn ‘ Fryslân boppe ’, steane 13 koarte ferhalen.

De Ljedder

Koos Tiemersma debutearre yn 2002 tige súksesfol mei ‘De ljedder ’. De earste twa printingen wiene samar útferkocht. Yn 2004 waard ‘De ljedder’ bekroand mei de earste Rink van der Veldepriis. Yn it sjueryrapport stie û.o. dit te lêzen: “ De ljedder’ is in ferrassend knap wurk. It hat in opbou mei trije ferhaallinen, dy’t de skriuwer tige linich mei elkoar ferbynt. De lagen besteane út de doe- en de notiid, en it symboalyske ferhaal. In pear aardige bykomstichheden, en net mear as dat, yn ferliking mei it wurk fan van der Velde binne dat de lêste yn syn boeken ek opfallend faak dwaande is mei de oarloch en de neisleep dêrfan, en dat Rink, lykas de haadpersoan yn de winnende roman, yn it begjin fan de fjirtiger jierren ek noch mar in jonkje wie.”

Op de achterflap fan dizze Merkel-Ljedder : ‘Op sneon 13 juny 1942- it sil wol op de middei west hawwe, ik wie thús- kaam in ûnbekend persoan de reed op rinnen om noait wer fuort te gean. ‘Goedemiddag jongeman, mag ik je vader even spreken?’
Sa makket de joadske ûnderdûker Job Wassermann syn entree op de pleats fan de famylje Nauta. Jacob, de alvejierrige haadpersoan fan ‘De ljedder’, jout him letter rekkenskip fan wat der yn de oarloch op de pleats foarfallen is. Stikje by bytsje wurdt dúdlik wêr’t Job wei kaam en wa’t er wie, al bliuwt dat lêste foar in part mystearje.’

Henk van der Veer




Sneeker Nieuwsblad, 12.12.2005
 
 
<< terug