‘ It ferset ’, sterke roman fan Harmen Wind
DE HOMMERTS- It wurk fan skriuwer Harmen Wind hat my mear as ienris by de strôt, at it no giet om syn proaza of om de poëzy dy’t er skriuwt. It makket foar my neat út, beide sjenres wurde troch de auteur út Doesburg beoefene en hawwe my yn de besnijing. Ik wit de reden ek wol, it wurk fan Harmen Wind is hiel werkenber, benammen wêr’t it giet oer ( net ) leauwe en religy. Yn syn lêste roman ‘ It ferset ’, yn in eigen oersetting fan it oarpspronklike ‘Het verzet’ , komt dizze tematyk op ynkringende wize oan’e oarder.
As Harmen Wind ( 1945 ) yn 1985 debutearret mei de fersebondel ‘ út ein ’, is ien fan de gedichten ‘ Om te laitsjen ’. Dat fers is sa:
Om te laitsjen
Skriuwsto noch wol ris, jonge? Frege my ús mem. Do koest it sa; dy fersen en ferhalen… Tsjûgje ris fan it nij Jeruzalem! Wolsto noch tee? Al dy banale keunst seit my neat. Soesto net wat betinke kinne- har blik omheech- dêr’t men treast en stipe oan hat? Hjoeddeiske wurden bin’ sa leech…
Dêr siet se, yn har stoel ferskûle en seach my oan: Do wiest wat mânsk… Wat om te laitsjen dan? Har lêste kâns. Hiel efkes kaam in glimke om har mûle.
It sil dúdlik wêze, de literatuuropfetting fan mem en soan rinne fier útein. Opfallend, en oan de oare kant ek wer net, want Wind bliuwt trou oan himsels, is dat boppesteand proazafers ek yn de autobiografise roman ‘ It ferset ’ foarkomt, as proazafragmint. Der is kwa tematyk net in soad ferskil tusken de poëzy en it proaza fan Harmen Wind. Yn syn wurk is Wind hieltyd op’ e syk nei de sinjouwing fan it libben. Wa bin ik, en wat betsjut it libben foar my? As kristen besiket de folwoeksen Hessel Wisch, it alter-ego fan Harmen Wind ( let op de inisjalen!) antwurd op dizze fragen te krijen. Syn syktocht giet werom nei syn jeugd. Hessel makket de balâns op, tegearre mei syn deasike heit. De mem is al stoarn as de lêzer yn’e kunde komt mei heit en soan Wisch. Dizze heit liket syn libbenlang tige wis ( wat in sprekkende famyljenamme !) fan alles en noch wat te wêzen, en hielendal as it om de teologise fraachstikken giet. De heit fynt dat syn soan mar dreech docht, wyltst de soan in hâlding hat fan ‘ik doch net dreech, it is dreech’. Yn in werklik manjefike roman portretearret Harmen Wind it deistich libben fan in griffermearde húshâlding út de fyftiger/ sechstiger jierren fan de foarige ieu. Wind skriuwt fan binnenút, hy wit as soan fan in griffermearde âlderling wêr’t hy it oer hat. De steriotype standersinnen, de koades, de bibelteksten, te pas en te ûnpas brûkt, grif foar minsken dy’t yn it grifeermearde fermidden thús grutbrocht binne hiel werkenber. Al soe dizze roman net autobiografys wêze, écht, libbensecht is dit proaza wol. Selden haw ik my sa identifisearje kinnen mei in romanfguer as Hessel Wisch, al skriuw ik der meiien achteroan dat ús heit hiel wat mylder wie as de romanheit. Boppedat geane myn oantinkens werom nei in griffermeard stedsfermidden. En der siet neffens my noch wol ferskil tusken Snits en Aldeboarn. In grutte ferstjinste fan Harmen Wind syn skriuwerij fyn ik dat hy net ôfjout fan it miljeu wêr’t er út komt. Hy skyt net yn syn eigen nêst. Dat is in hâlding dy’t my oanstiet. De skriuwer leit wol mear mear as ienris de finger op it gefoelige plak, faak op tige subtitel wize. Skerpe finkerpripkes komme hurder oan as domme fústslaggen. De styl fan Harmen Wind is tige lêsber, mei in enoarm each foar detail. Minusjeus wurde de dingen beskreaun, hielendal yn it lêst, as it deagean fan de heit útfergrutte wurdt. Dizze roman oer in heit dy’t him op syn stjerbêd tsjin de dea ferset en in soan dy’t him (achterôf ) tsjin syn strange-kristlike opfieding ferset hie my hielendal yn de besnijing. In prachtich boek!
Henk van der Veer
‘It ferset’ , roman fan Harmen Wind. Utjouwerij Fryslân (Afûk ). 344 siden. Priis: € 16,50
Sneeker Nieuwsblad, 10.10.2005
|
 |