Pikefel-poëzy fan Snitser Pier Boorsma
DE HOMMERTS- Pier Boorsma, berne op 15 maart 1944 yn Snits, is net in produktyf dichter. Neidat yn 1971 syn flintertinne poëzydebút ûnder de namme ‘ de neidagen fan in keamerhear ’ ferskynde, kaam yn 1978 syn twadde bondel út ‘ Under frjemde wetten ’. It hat in fearnsieu duorre foardat syn tredde bondel it ljocht seach. Koartlyn is by de Koperative Utjowerij ‘net allinne genôch ’ útkommen. Ek gjin tsjokke bondel, mar 19 fersen, lykwols in boekje mei prachtige poëzy, om pikefel fan te krijen.
Komselden haw ik sa’n yn it moed taastend fers oer de dea fan in mem lêzen as it folgjende:
in memoriam matris
mem, hjoed is dyn ein dyn libben skrillet yn nauwer ingten tobek de tiid stiet stil yn dit fortrek
noch harkest nei de ljurk dy’t boppe tiid en romte stiicht en sjongende dyn stjerren liicht sa is it goed seisto sa is it ivige libben no en mei dyn leave lytse hân seinigesto myn ûnferstân
dan litst my los as yn in stil dûzjen ik hear de kosmos yn myn eare sûzjen en djipper yn de siele dreaun stiet ivich my dyn byld beskreaun
De ynhâld sprekt foar himsels, opfallend is it brûken fan de âlde Fryske stavering. It liket in detail mar it is mear, it past by de mem dy’t hjir betocht wurdt. Ek it byld fan it ljurkje is treflik, gjin fûgel dy’t sa it ivige symboalisearret as krekt de ljurk. In himelbestoarmer. Der steane noch mear fan dizze, suver intime, persoanlike fersen yn de bondel. Ek it fers ‘psychografy’, oer in autistys famke, rekket my:
psychografy
myn leaf lyts famke se leit yn harsels fersonken nea hat wat fan werkennen blonken op har ynlik leaf gesicht bine de grinzen fan har lichem sit har wrâld potticht se stoareaget wat foar har út bitter jou ik har in tút it hat gjin doel dat ik tsjin har praat ik bin hjir inkeld rekwisyt fan har ynderlik klimaat
har antlit is in masker foar ynderlik bewegen ik bin ferlegen taskôger- mei har oan as ik hoeden neier kom laket se stom se komt yn eigen dreamen om
Opfallend is dat Pier Boorsma nergens lêstekens of haadletters brûkt, de keale taal is genôch foar him. Sober soe ik syn dichtsjen yn dizze persoanleke fersen neamme wolle, sûnder fersiering, sûnder falske sentiminten. Dizze poëzy skrynt en lit my as lêzer net los, it lytse oantal fersen is mear as genôch.
Wa’t nei it lêzen fan boppesteande twa fersen tinkt dat Pier Boorsma in mankelike bondel skreaun hat, hat it mis. Lês it folgjende koarte fers mar:
kristallografy
suverens is mei minsken net te dielen even yn in flits de leafde tusken twa sielen mar dan al net mear de triedden fan de kosmos komme yn myn tinzen gear en ienlik yn it hielal bin ik it suverste kristal
De tema’s tiid en dea, leafde en fertriet, koartsein de grutte dichterlike tema’s wurde troch Pier Boormsma yn dizze bondel besongen. Hy docht dat op in tige persoanlike wize, dy’t djip rekket. It binne prachtige fersen fan in dichter dy’t ea ris skreau: “Poëzy is foar my it bewustwurden fan de minsklike kondysje.” Mei dizze nije bondel makket er dy wurden mear as wier!
Henk van der Veer
‘ net allinne genôch ’, fersen fan Pier Boormsma. Koperative Utjowerij. 48 siden. Priis € 11,--
Sneeker Nieuwsblad, 05.09.2005
|
 |