Gryt Witbraad skildert prachtige portretten út Aldegea
Allinne de titel al, Bôle mei fla deroer, fertsjinnet in tsien mei in griffel. Ik haw it oer de bondel fan Gryt Witbraad & Pieter van der Meer. Yn it boek steane mar leafst 70 miny-ynterviews mei Aldegeasters. Lytse portretsjes fan 70 ferskillende, unike minsken, dy’t hikke en tein binne yn it doarp oan ’e Brek. It boek is útjûn troch Frysk en Frij yn Ljouwert. Gryt Witbraad hat de ynterviews dien en Pieter van der Meer hat de foto’s makke.
Of soks no tipys Frysk is, doar ik net te bewearen, mar hiel faak wurdt der yn dizze provinsje frege fan wa bisto ien? Gryt Witbraad spilet der mei har peteareboek lykwols dúdlik op yn. Hiel faak begjinne har ferhalen oer de Aldegeasters dy’t se ynterviewd hat mei hy is soan fan of sy is fyfde fan sân bern.
By wa hat Gryt no west om in fraachpetear te hâlden? “Santich ferskillende minsken. Se geane op it fuotbaljen, toaniel, de soos, se binne lid fan’e fûgelwacht, it Frysk damjen, se sitte yn de karavan, yn’e kroech of yn it Joo. Der binne guon dy’t har ynsette foar de tsjerke en in protte minsken sette har foarelkoar yn sûnder de tsjerke.”
Koartsein it is in trochsneed fan de befolking fan Aldegea Wymbritseradiel. Al merk ik hjirby wol op dat it getal 70 yn bibelske termen fansels it getal fan de folheid is! Fyn ik yn elts gefal better as ‘sa’n tsiende part fan de Aldegeasters’.
It boek hat my gjin sprút ferfeeld, sterker noch, at je der ienkear yn begjinne te lêzen, lizze je it net mear oan kant. Dat komt fansels troch de wize wêrop’t Gryt Witbraad skriuwt. It is puere, oprjochte human interesting. Dizze ferhalen meitsje nijsgjirrich. Yn faaks net mear as ien side per persoan fertelle de minsken harren hiele libben oan Gryt Witbraad. Men kin fan tinken wol hawwe, dat it échte libbensferhaal tusken de rigels stiet. Al dizze santich portretten jouwe in moai byld fan de trochsneed Fries, dy’t lykwols wol wer sa unyk binne dat it gjin trochsneed Friezen binne. Elk minske hat syn eigen ferhaal, wêrby’t opfalt dat benammen de legere-skoaltiid in grutte rol yn in minskelibben spilet. De opmerking fan Witbraad dat ‘de learkrachten dêr ris better oer neitinke moatte’, fyn ik wat te generalisearjend, mar hat de wierheid meastal net in skel lûd?
Gryt Witbraad beheint har net allinne troch it optekenjen fan moaie anekdoaten, mar se ferswijt ek slimme syktes en drôvige stjergefallen dy’t yn de petearen nei foaren ta kaam binne op te skriuwen. Benammen it lêste petear, dat mei Folkert Boersma, hakt der dan ek yn. Yn har ynlieding fan dat ynterview sitearret Witbraad Folkert: “Wat tochst, ik mot der mar gau hinne, hy libbet no noch?” It sil dúdlik wêze, Boersma hat kanker en de ynterviewster giet it drege ûnderwerp net út’e wei. Se praat iepen en earlik mei Folkert oer syn libbensbedriigjende sykte. Dit ferhaal hat grutte yndruk op my makke, omdat de chroniqueur der in oprjocht ferhaal fan makke hat, it is realistys. Spitigernôch, soe ik hast sizze wolle.
It hiele projekt fan ûnderfreegjen en opskriuwen hat plakfûn fan febrewaris 2004 oant en mei febrewaris 2005. Hiel autentyk is dat Gryt Witbraad de Aldegeasters yn har eigen útspraak fan it Frysk sitearret. Hjirtroch krijt de lêzer noch mear it idee dat hij by de minsken oan tafel sit.
Fan in tal Aldegeaster dy’t ik nei oanlieding fan it ferskinen fan dit boek sprutsen ha, krige ik te hearren dat it wol minder kind hie. Grutter komplimint kin de skriuwster net krije! De foto’s fan Pieter van de Meer fyn ik yn de measte gefallen wol karakteristyk, al binne de kykjes hjir en dêr wat te dûnker ôfdrukt. Soks sil mei de kwaliteit fan it papier te meitsjen ha. It is detailkrityk, want dit boek is sûndermis in boppeslach!
Henk van der
Gryt Witbraad & Pieter van der Meer, Bôle mei fla der oer- portretten út Aldegea. Utjouwerij Frysk en Frij. 151 siden Priis, € 12,00
Sneeker Nieuwsblad, 25.08.2005
|
 |