Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
‘ Neigeraden it noarden ’ , hertstochtlike bondel Eppie Dam

DE HOMMERTS- ‘ Neigeraden it noarden ’, is de titel fan Eppie Dam ( 1953 ) syn tolfde dichtbondel. It is in prachtútjefte wurden, útjûn troch ‘ De Oare útjouwerij ’ fan Goaitsen van der Vliet út Enschede en foarmjûn troch Gerhard van Dragt. De ynbûne bondel falt net allinne op troch de histoarise skutblêdfoto’s fan slykwurkers, mar ek troch de ôfbylding fan in skilderij foarop fan Jan Altink, Koopvrouw op landweg. Yn de bondel binne neist dizze foto noch twa ôfbyldings fan De Ploeg-skilders Johan Dijkstra en Hendrik Werkman opnommen. Ik haw selden sa’n fersoarge bondel sjoen!

Foar my is dizze nije bondel fan Eppie Dam in ferfolch op syn ek al prachtige ferwurkingspoëzy sa’t dy te lêzen is yn bondels ‘De Pomp’ ( 1988 ), ‘De sachte tufkes fan dyn Lister’ ( 1993 ), ‘De hûsdagen’ ( 1994 ) en ‘Leaf en nuddels’ ( 1998 ). Yn al dizze poëzy-bondels falt de direkt persoanlike toan fan de dichter op, mar nergens is dat lûd sa ekspressyf en dúdlik as yn dizze lêste útjefte.
Dam giet it paad werom, hy herskept it ferline, syn ferline yn ymponearjende fersen, oer syn jeugdjierren op De Pomp. Dizze fersen binne mear as in oantinken oan syn bertegrûn, it is hertstochtlike ( wat komt it wurdsje ‘hert’ faak yn dizze gedichten foar ! ) poëzy wêryn’t de dichter net mei ferbittering weromsjocht, mar earder mei ferwûndering. Dam hat al dy jierren dat er net mear op De Pomp wennet blykber nedich hân om sa dichtsje te kinnen. Der is ôfstân, mar tagelyk ek wer bining, hy skammet him der net foar dat syn paradiis in betonwei wie. Syn ferline wurdt net fertsjusteremoanne, it griize fan syn jeugd wurdt ynkleure ( wat in kleuren brûkt de dichter yn syn poëzy ! ) troch de midlifer fan no, en dat smyt benammen byldzjende poëzy op:
De altyd blinkende batsen
Twa kear deis oer wegen fan wurgens
mealde it slykfolk, oan ’e hals ta
yn learzens, lykmoedich de trapers:
earms op it stjoer, hannen gear
yn gebed mei de ivige
wyn – oan gjin sucht te fernimmen
oft de dei foar of achter har lei.
Twa kear deis, oan it illestyk
fan de breatromp, passearden
mei stielen gesichten de fytsen,
it glêdgroeven ark by de stange lâns bûn:
de batsen, de altyd blinkende batsen –
dêr’t him, al nei it waar, no ris in bui
en dan wer de sinne yn spegele.
Egaal is plicht syn pedaalslach,
foldien noch opstannich de mûle
dy’t yn modder gjin brea,
yn brea gjin modder mear priuwt.
Folk sûnder kjeld, sûnder fjoer,
it praat as in peuk op ’e lippen
dôve, it taaiste gom fan de dagen
fan it iene wang nei it oare ta kôgjend,
sûnder noch te witten wat yn en út klaai
de tinzen bedobben en bedjippen.
Boppesteand fers komt út it twadde skift ‘Fan stream en sink de trage skepping’ ( mei 9 gedichten ). De bondel befettet noch trije parten: ‘It gleone knypeach fan de Grundig’ ( 6 gedichten ); ‘Oan it fuottenein fan de oerskreau’ ( 11 gedichten ) en it lêste part fan de bondel hat as titel ‘Hjoed litte fan de nacht de wynsels los’ ( 10 gedichten ). Under elke skifttitel stiet ek noch ris in skeanprinte fers, by wize fan ynlieding fan wat der yn it oankommende part folgt.
Eppie Dam skildert mei wurden de ienkennige wrâld fan syn bertegrûn, De Pomp. “ Bij De Pomp houdn alle uuthoekn op uuthoek te weedn. De Pomp is de alderuterste uuthoek self ”, skreau de dichter yn de ferantwurding fan syn bondel ‘De Pomp’. Dat die er yn it Pompster dialekt. Dizze nije bondel oer De Pomp en omkriten skriuwt Eppie Dam yn it Frysk. Troch it skriuwen yn it Frysk ( in oanlearde taal fan de dichter en hjirtroch miskyn wol sa ryk? ), nimt Eppie Dam al of net bewust ôfstân fan syn bertegrûn. Dy klank is net bitter, ek net wrang mar wol hiel iepen en earlik:
Neigeraden it noarden

Neigeraden it noarden wint de taal oan
ûntkenning en promket yn lippetsjinst
oan it hillich net-neamen de mûle syn n-en.
Neigeraden it noarden krimpe de wurden
en rêde har nauwerneed út it neakene
strôtgat de stribbige fonemen fan de begearte.
Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen
en swije om’e leave frede de nachten, offere
op it alter fan’e tonge it hert.
Neigeraden it noarden lûkt it bloed
nei de einder en nadert it eachweid
it each, fan nimmenslân de stille nomade.
Neigeraden it noarden komt in fûgel werom
fan syn flecht, bespegelt in man
syn ferline en stapt út syn skaad wei
syn natuer yn’e mjitte, neigeraden
it noarden fierder fan syn doel
en tichter by syn bestimming.
Dizze fersen jouwe net allinne in byld fan it letterlike lânskip, mar ek it ynderlike lânskip wurdt yn dizze treflike poëzy bleatlein. It is mear as natuerlyryk, ik wol dat yllustrearje mei it folgjende fers:
Nacht fan de baltende balgen
Net elke fûgel hie it lûd en bylje
wat it hert beëange, net elke fearren hals
in pûster swier genôch om lucht te jaan
oan it ferswijde tsjuster fan de poele.
Dêr’t yn it delgean fan de jûn
de farkeleinen tuften, in reidhin
pufkes út syn koperen toeter blaasde
en op har eilân fan ûnwittendheid
de swan it gouden aai útbrette,
rôp de reiddomp damp en dize om – hoe
heger de hûch nei de himel, hoe
djipper de smûch fan it ûnlân om dea.
Dizze bondel is foar my it hichtepunt yn Eppie Dam syn oeuvre en it soe my net fernuverje dat dizze bondel hege eagen smyt wannear’t it giet om de Gysbert Japikspriis!
Henk van der Veer

Eppie Dam, ‘Neigeraden it noarden’, gedichten. De Oare útjouwerij, Enschede. Ynbûn, 64 siden. Priis € 12,50



















Sneeker Nieuwsblad, 06.07.2005
 
 
<< terug