Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
‘Feuilles mortes’, fan Josse de Haan makket yndruk

DE HOMMERTS- De roman, syn sande al wer, ‘Feuilles mortes’, fan Josse de Haan makket yndruk. It is út noch yn gjin romantsje dat de lêzer even tusken de bedriuwen troch lêze kin. De kop moat der goed by, mar it is sûndermis in roman dy’t de lêzer by de strôt krijt. It boek is útjûn troch Venus yn Frjentsjer. De útjouwerij dy’t troch De Haan en Tr. Riemersma op 5 maart 2003 oprjochte waard.

Lykas yn in soad oar wurk fan De Haan stiet yn syn nijste roman de relaasjeproblematyk sintraal. De roman is skreaun út it perspektyf fan trije manlju wei, in IK, in DO en in HY.
Dat makket it lêzen der somtiden net ienfâldiger op, wol nijsgjirriger. Sterker noch, der is neat op tsjin om dit boek yn trijen te partsjen en lês de stikken apart, út de trije ferskillende perspektiven wei

De trije manlju lykje net op elkoar, mar der is yn elts gefal dochs ien ding dat harren bynt. Se binne alle trije sljocht op it sjanson ‘Les Feuilles Mortes’ fan Juliëtte Gréco. Mei dat fers iepenet de skriuwer ek syn roman. In tryst, mar ek yn it moed taastend fers, in fers oer leafdes dy’t stjerre. As metafoar foar de leafde dy’t stjert, de fallende ikeblêden op it omkaft fan it boek.

Nei it ferstjerren fan (in ) Anna, is har soan slim ûnwennich en om dy ûnwennigens te kanalisearjen skriuwt hij brieven oan syn ferstoarne mem. Elke moanne in brief mei fragen, mar hy krijt gjin antwurd werom. De brievebus yn de horizontale doar, de sark, op it tsjerkhôf wurdt net lege. In skriuwer krijt dizze brieven yn hannen en hij brûkt de epistels foar it skriuwen fan in roman. In DO, in IK en in HY sykje el op har eigen unike wize nei Anna. Ien, de DO-figuer, libbet mei de klean fan Anna oan de muorre as in klúzner. In oare-ien, de IK-figuer, besiket tichteby Anna te kommen troch brieven te skriuwen en sa har libben te rekonstruearjen. En de tredde persoan, de HY, siket Anna yn al dy Anna’s dy’t er yn syn libben moete hat. Hy hat ek brieven fan Anna.

“Oait hie er santjin brieven fan Anna krigen, yn in jier tiid, neidat se weromgongen wie nei de stêd dêr’t se nei de oarloch opgroeid wie. Santjin brieven, elk yn in moaie slúf, skreaun yn in prachtich lizzend hânskrift dat it gefoelsmjittige fan Anna ûnderstreke. It gong yn dy brieven oer wat se meimakke, tocht, belibbe en bepraten hiene tegearre. Se skreau ek oer in takomst- foar him, foar har. It wiene altiten skieden takomsten as wie de magyske bân mei it ferline nei it ferhúzjen feroare yn in spoarferbining tusken syn wente en harres. Se libbe yn dy brieven, mar tagelyk like it wol oft se sels in brief wurden wie. In brief koe noait de libbene tiid ferfange- allinne oproppe. De wurden beskreaunen sitewaasjes dêr’t se tegearre yn foarkamen, mar hy koe allinne mar himsels oanreitsje. Sij ferskûle har achter de wurden, de ferhalen dy’t se op papier sette. Se hie it oer in wurklikheid dy’t bestien hie, dêr’t er in rol yn spile, mar op itselde stuit wie sa’n realiteit yn de skreaune wurden ferdwûn. It wie literatuer wurden.”

Persoanlik fyn ik de stikken fan de HY-figuer it sterkst, dy parten sprekke my it meast oan. Hjir wurdt ek it dúdlikst makke wêr’t it yn dizze roman allegear om draait, it sykjen nei de identiteit.. Wa bin ik? Wêr kom ik wei? Wêr stean ik no? En wêr moat ik nei ta.?
In prachtich stikje proaza stiet oan it begjin fan it tredde haadstik fan dizze roman. In pear lju, famyljeleden (?), hawwe trije útfanhúzersdoazen en de houten soldatekiste mei famyljestikken ferneatige. Troch dat ferneatigjen hiene se de HY-figuer syn ferline en achtergrûn opromme:

“ Hy moast dat no allegearre by elkoar fantasearje, want de papieren feiten koene noait wer kontrolearje, wjerlizze en korizjearje. Hy wie net mear by steat en bewiis wêr’t er weikaam, en dêrtroch hie er ek gjin inkeld idee wêr’t er hinne gong. Syn skiednis bestie út sân nammen op twa grêfstiennen, én trije blikken doaskes mei foto’s fan famyljeleden út in fier ferline dêr’t er foar de helte de nammen net fan wist.”

Slagget it de trije manlju om Anna benei te kommen? Soms, mar at it der op liket dat it wêze sil, wurdt de tsjoen ferbrutsen. Troch oantinkens, troch langsten, der sit tefolle rûs op it ferline. Kwa foarm en ynhâld is ‘Feuilles mortes’, in hiele nijsgjirrige roman en heart it ta it bêste wat Josse de Haan oant no ta skreaun hat.

Henk van der Veer

Josse de Haan: ‘Feuilles mortes’, Utjouwerij Venus, Frjentsjer ; 213 siden ; Priis : € 17,90










Sneeker Nieuwsblad, 30.05.2005
 
 
<< terug