DE GREATE WRAKSELING: JÛN OER FRYSKE EKSPERIMENTELEN
DE GREATE WRAKSELING: JÛN OER FRYSKE EKSPERIMENTELEN DE HOMMERTS- Yn it ramt fan de Fryske boekewike, op freed 4 maart, hâldt de SLAL yn gearwurking mei Utjouwerij Venus in jûn oer de Fryske eksperimentelen. Oanlieding is it op ’e nij ferskinen fan de fersebondel De greate wrakseling fan Hessel Miedema by Venus. In bondel dy’t foar it earst yn 1964 ferskynde en destiids nochal wat opskuor joech yn Fryske literêre fermiddens. De bondel kaam út as bysûnder nûmer fan it literêre tydskrift quatrebras dat sûnt de jierren fyftich útkaam. De Fryske eksperimentele dichters, dêr’t Miedema ien fan wie, hawwe in wichtige en nei’t liket bliuwende ynfloed op de Fryske literatuer hân. Fjouwer ynlieders, Joop Boomsma, Josse de Haan, Eric Hoekstra en Jelma Knol sille in krityske wurdearring jaan fan Hessel Miedema syn De greate wrakseling, Ella Wassenaar har Reade runen, Homme Eernstma syn Leafdedea en Fokke Sierksma syn fyzje op it klimaat dêr’t quatrebras yn wurkje moast. Dêrnei sille se mei elkoar yn petear ûnder lieding fan Geart de Vries. Hessel Miedema is oanwêzich om it earste eksimplaar fan de werprinting fan syn bondel yn ûntfangst te nimmen en hy sil inkelde fersen lêze. Greetje Bijma sil de poëzij út De greate wrakseling sjonge. De jûn begjint om 20.30 oere yn de Essentseal fan de Harmonie yn Ljouwert. De greate wrakseling
Wa’t it yn de Fryske literatuer oer de eksperimentelen hat, komt sûndermis de namme fan Hessel Miedema (1929, keunsthistoarikus) tsjin. Syn namme sil ek altyd ferbûn bliuwe mei it tydskrift quatrebras, dat fan 1954 oant 1968 ferskynde en wêr’t Hessel Miedema de driuwende krêft achter wie. Yn de Hollânstalige literatuer wie Simon Vinkenoog ien fan de foaroanmannen fan dizze literêre beweging. Vinkenoog jout yn it oan de ‘De Beweging van Vijftig’ (1965) wijde ‘Schrijvers Prentenboek’ de folgjende skaaimerken fan dizze beweging: “ a. het gedicht is autonomm, het woord is zowel instrument als functie; b. de dichter is ‘meedogenloos op zoek naar zichzelf’, en c. hij geeft zich ten volle aan de ‘ruimte van het volledige leven’, zowel in aardse als mystieke zin; d. ‘het in traditie vermoorde conformis’ wordt genegeerd: ‘in en dóor het experiment wordt gezocht naar een poëzie die niet het laboratorium, de bibliotheek, het tijdschrift, maar de mens toebehoren zou.”
De greate wrakseling, is as apart nûmer fan qutrebras yn oktober 1964 ferskynd. It lange fers hat te krijen mei Miedema syn krityk op en syn ôfskied fan Fryslân. It gedicht kin op it earste nivo sjoen wurde as in ôfrekken mei it ferline. In mienskip dy’t him nei binnen keart wurdt wei, ferstiennet en stjêrt ôf. Dit is de ynherinte krityk op Fryslân. It kultuerkritise aspekt fan it gedicht is de fraach oft Fryslâns perspektyf in museum is. Op it twadde nivo draait it om it skeppingsproses. De kréative mins, yn it fers de byldhouwer, brekt it âlde ôf en skept it nije. Dêryn fynt er syn hâldfêst. Konservearjen is stilstean, is de dea. In wrâld hat nije foarmen nedich. De byldhouwer, de dichter, kin dy oanrikke. Al wrakseljend wurdt wat nijs skepen. Dat mystearje sûnder werom te fallen op goaden en myten is dé útdaging. Dêrmei kin in kultuer foarút en yn dat opsicht is De greate wrakseling, fan alle tiden en noch modern kwa ynhâld, taalgebrûk en foarm.
De útjefte dy’t troch Venus op ‘e merk brocht is, is de tredde justjes bearbeide printinge. Wa’t mear fan Hessel Miedema lêze wol, docht der goed oan syn sammelbondel ‘Op’e literaire toer’ (1973, Koperative Utjouwerij) te lêzen.
Henk van der Veer
Hessel Miedema, De greate wrakseling, poëzy mei yllustraasjes. Utjouwerij Venus.32 siden, priis € 7,50
Sneeker Nieuwsblad, 03.03.2005
|
 |