pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
De Jong skriuwt boekewikeboek

De Jong skriuwt boekewikeboek

DE HOMMERTS- De Fryske Boekewiken sette op 19 febrewaris út ein mei it Boekefeest yn Post Plaza. Yn it program tusken 20.00 en 22.00 oere wurdt ûnder oare it Boekewikegeskink: Groetenis fan Prakash, fan Steven de Jong oanbean. Fierder binne der optredens fan Gerrit Breteler mei pianist Jelke Koolstra, fan Ytsje Hettinga, Matty de Vries, Arjan Hut en Hein Jaap Hilarides. Nei it offisjele program wurdt yn it Boekefeest-kafee Braziliaanse muzyk draaid. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Douwe Kootstra.

Groetenis fan Prakash

Dat der op it Boekefeest dit jier Braziliaanse muzyk is, hat úteraard fan alles te krijen mei it Boekewikegeskink 2005. Yn de 1992 makken Steven Hotze Piter de Jong ( 1935 ) en syn frou Syb in reis troch Brazilië. De reis-impresjes dy’t de auteur en de frou dêr opdien hawwe, binne yn it ienfâldich foarjûne boekje fan 112 side optekene. It Boekewikegeskink is yn ’e Fryske Boekewiken fan 21 febrwaris oant 6 maart 2005 fergees te krijen by oankeap fan op syn minst njoggen euro oan Fryske boeken.
It is oars wol opfallend dat krekt Steven de Jong in reis-impresje skreaun hat, ommers hy hat it mier oan reizgjen. De auteur set it Boekewikegeskink ‘Groetnis fan Prakash’, de titel referearret nei in gids yn Brazilië, dan ek sa útein:

“Wêrom reizgje minsken? Se wolle in oar minske wurde. Geastlik riker, wrâldwizer, fierder sjen as…ensfh. Prachtich, se ha gelyk, it grutte gelyk fan ’e wrâldwizen. Allinne…ik, earlik sein, bliuw leaver thús. Ik bin in húshin, ik ha in foby. In grutte reis wurdt de ein, myn dea…fier fuort, fan elkenien ferlitten. De dei fan it ôfreizgjen is myn doomsday. Hoefolle auto’s, autobussen en fleantugen en treinen ferûngelokje wol net? Wêrom moat men altyd it needlot útdaagje?”

As in echte sunige Fries tinkt De Jong noch ûnder de reis nei Brazilië út te kinnen troch it oer de finansjele boech te smiten. “Lokkich hie ik der in deeglik argumint tsjin: it soe tûzenen gûnen kostje. Wêr moatst dat jild weikomme?”

No, dat jild komt út in ûnferwachte hoeke, in erfenis fan ‘omke Willem’ en dan stiet neat mear yn ’e wei om de reis nei Brazilië oan te gean. In bysûndere reis foar Steven en Syb de Jong, omdat yn Recife, de haadstêd fan Pernambuco it houlik fan soan Wytse mei Braziliaanse Celina sluten wurde sil. Op hast nonsjalante wize docht De Jong ferslach fan de reis, it liket wol of de lêzer yn it privé album fan de De Jong’s om gnuve mei. Dizze reis-ympresje hat in soad wei fan wat tsjintwurdich in protte jonge backpackers op it ynternet dogge: in deiboek foar de achterbliuwers thús fersoargje. Steven de Jong docht it 13 jier nei dato, sober en sûnder omhaal fan wurden op papier. Wa’t de auteur ken, en ik ken him in bytsje, krijt in moai byld fan hoe’t dy droechkloat fan in Steven de Jong dizze reis ûndergiet. De foto fan de skriuwer op de achterflap fan it Boekewikegeskink is yllustratyf! In midlifer, in deeglik klaaide hear yn it sân, wylst syn frou op ’e Copacabana der in foto fan makket.

Literêr histoarys nijsgjirrich is de passaazje oer hoe’t Steven de Jong yn Brazilië it nijs ûndergiet as er telefoanys te hearren krijt dat er de Gysbert Japicx-Priis wûn hat.
“ Hy ( = soan Sibo de Jong, hvdv ) hat grut nijs: ‘ Hiel Fryslân, provinsjebestjoer, radio, kranten ( de telefoan stiet soms gleonrea ) besykje al tiden heit te berikken, want heit hat de Gysbert Japicx-Priis wûn. Oft heit dy akseptearret, wolle se graach wite.”
Ja, fansels. Ik bin in bytsje fernuvere. Ik hie de hiele Fryske literatuer fier achter my litten. Wol hie ik út en troch op dy priis tidige, mar de útslach duorre salang dat ik tocht…no ja. Ik bin al even stil.
‘Oft heit it oannimt,’ freget Sibo nochris mei klam.
‘Ja, fansels!’ rop ik werom en fertel it selskip dat ik de Gysbert Japicx-Priis wûn haw. Se harkje ferheard, wêr hat er it oer? Syb moat it mar útlizze en dat docht se mei fjoer. Se makket it selskip dúdlik dat de Gysbert Japicx-Priis de heechste eare is dy’t in Frysk dichter/skriuwer oait krije kin. Celina set it oer yn it Portugeesk. Dan komt der in lûd applaus.”

De Jong krijt de Gysbert Japicx-Priis 1992 foar syn roman ‘De wuttelhaven del’( 1989), in terjochte beleanning. Dat De Jong ek foar in breed publyk skriuwe kin, dat bewiist er mei dit Boekewikegeskink 2005!

Henk van der Veer



Steven H.P. de Jong ‘Groetnis fan Prakash’ , Koperative Utjowerij-Easterein, makke foar de Stichting It Fryske Boek foar de Boekwike 2005. It boek is fan 21 febrewaris- 6 maart 2005 fergees te krijen by oankeap fan op syn minst € 9,00 oan Fryske boeken.


Sneeker Nieuwsblad, 17.02.2005
 
 
<< terug