Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Trijetalige poëzijbondel 'Gjin grinzen, de Reis'

Trijetalige poëzijbondel ‘Gjin grinzen, de Reis’


DE HOMMERTS- Leafhawwers fan Frysktalige poëzij hawwe op it stuit neat te kleien.
De iene dichtbondel nei de oare wurdt útjûn, it iene boekje noch fraaier foarmjûn as it oare. Blykber is der jild by de rûs, want al dy bondels en bondeltsjes wurde útjûn mei subsydzje fan provinsje en ynstellingen. Koartlyn ferskynde der wer in prachtútjefte op’e boekemerk. Stichting Cepher, in inisjatyf fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, kaam mei de trijetalige dichtbondel ‘gjin Grinzen, de Reis/ geen Grenzen, de Reis/ no Borders, the Voyage’.

It multymediaal poëzijprojekt fan Cepher kaam ta stân yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn it radioprogramma Omnium waarden 23 dichters ûnderfrege oer it tema reizgjen. Op basis fan dat tema skreaunen de dichters (m/f ) har fersen, dy’t yn’e hjerst fan 2003 foarlêzen waarden yn it radioprogramma. Al dy foardrachten binne troch Omrop Fryslân beskikber steld en te beharkjen op in eksklusive cd dy’t by it boek levere wurdt. In moai tiidsdokumint ek.

Oan alles is te merkbiten dat Stichting Cepher yn wêzen mar ien doelstelling hat: it befoarderjen fan (Fryske) letterkunde.
Mei de bysûndere útjefte fan ‘De Reis’ slagget dat sûndermis. It boek is fantastys moai foarmjûn troch Michiel Postma ( 21 ), in noch hiel jonge foarmjouwer. At dit de opmaat foar mear wurk fan Postma is, dan kinne wy noch wat ferwachtsje. Yn it aubergine-kleurige buordpapieren omkaft, sit de cd ferburgen. De ynhâldsopjefte en oare ynformaasje is net fertikaal mar horizontaal ôfprinte en te finen op de skutblêden oan de binnenkant fan it omkaft. De hiele lay-out is oars as oars, eigensinnich. Sa is it fers ‘sûnder sintrum sûnder/ sels sels reizget bûten/ himsels it wûnder/ minske yn al/ wat him bereizget’ , fan Hu Thung-song ( = Eeltsje Hettinga ) fan achter nei foaren yn de bondel opnommen yn in opfallend lettertype. De oarspronklike Frysktalige fersen krije yn’e lay-out mear romte as de oersettingen. Dy kar hie om my wol oars (= gelyk ) mochten. Foar de oersettingen is in oar lettertype brûkt as it Frysk, dat fyn ik wol wer aardich. De nammen fan de dichters steane net ûnder de fersen, mar fertikaal neist de poëzij. Koartsein in opfallende suver eksperimentele lay-out. Postma giet oer bewende grinzen. Dizze foarmjouwer hat in eigen styl, hy doart, hat lef en dêr mei ik wol oer!

De ynbring fan Eeltsje Hettinga yn dit omfangrike projekt is net lyts, neist in nijsgjirrige en partikuliere ynlieding oer it tema reizgjen, jout er rom omtinken oan de 23 dichters en har wurk. Dizze biootsjes hawwe yn it Frysk literêre wrâldsje nochal foar wat reboelje soarge. Hettinga soe hjir en dêr dichters te kyk en te kak set hawwe. It is my net opfallen, it is ynformaasje dy’t der ta docht, koart en dúdlik en mei in dúdlike analize fan poëzijkenner Hettinga. Syn fyzje. Neat mear en neat minder. Spitigernôch skriuwt Hettinga net wêrom’t krekt wurk fan dizze dichters opnommen is yn de bondel. In besprekker moat besprekke wat der yn in sammelbondel stiet en net wat der net yn stiet. Mar dochs. Ien dichter, dy’t prachtige reisfersen skreaun hat mis ik yn elts gefal en dat is Jelle Kaspersma mei syn poëzij oer indianen en de indiaanse kultuer. In miste kâns Hettinga ek al omdat Kaspersma syn wurk fan in hege kwaliteit is. Of is dizze dichter wol frege mar woe er net meiwurkje oan it projekt, dat kin fansels ek noch. En wêrom mar fjouwer dichteressen dy’t meidien hawwe? Soksoarte fan fragen hat in lêzer at hij/sij op dit mêd ûnfoldwaande ynformearre is.

Ik haw de fersen dy’t yn de bondel steane mear as ienris lêzen, úteraard soe’k hast sizze. Ik haw de fersen ek lêzen mei de cd yn’e cd-spiler en it boek op skoat. Dy wize fan (mei- ) lêzen en harkjen befoel my poerbêst. Guon dichters binne gjin foarlêzers en hjir en dêr is de spanning dúdlik te fernimmen, lykwols ik haw dit leaver as in cd mei fersen dy’t troch in betûfte foarlêzer/foardrager ynsprutsen binne. Dizze cd is autentyk, in weardefol dokumint.

Lang om let giet it dochs om de ynhâld, de poëtise rispinge. Dy kin besjen lije, úteraard hat elke lêzer syn eigen foarkar. Dat haw ik ek. Ien fan de moaiste fersen fyn ik, omdat ik der safolle yn werken, it nostalgise súver anekdoatise fers ‘Mantgum’, fan Bartle Laverman:

Mantgum

sa trouhertich op tiid
swinkelet dizze trein
nei snits
fol lûden
fan dyn eigen frjemde taal
rein trekt spoaren op it rút
mantgum
seit in stim út gatsjes

dit is myn halte
hjir leit de achterkant
fan myn gesicht
dit is wat ik wêze wol
kij mei de kont yn’e wyn
hjir is it swijen
hjir is it sprekken sunder wat te sizzen
heit, mem, fryslân

swart manchester en witte
wêr’t de reis hinne giet

It tema reizgjen wurdt troch de dichters rom opfette, guon poëten bereizgje yn har fersen letterlik ôfstannen en tiden. Oaren hâlde it yn harren poëzij op tinzen en reisimpresjes. En dan binne der noch dichters dy’t yn har wurk úterlike en ynderlike asosiaasjes op it tema reizgjen mei elkoar ferbine.
Ald-Gaasterlanner Jacobus Q. Smink, hy mist eins noait yn Frysktalige blomlêzingen, skreau it fers Sierreis:

Sierreis

Op twa tsjillen raast
De rider mei in stoarm
Yn’e helm, rûs yn it ear
Yn’e klean fan lear
Troch it hôf fan it gea

Neat is him yn’e wei
Sierlik as in sjarlatan
Nimt er de bochten mei
Hy swingt sigeseage
Wer in spjilde weage
En as er begjint te tizen
Komt him har yn’t sin
It stjoer dat trillet him
Mei in ravyn te bewizen

Yn de bondel is ek in fraai fers fan de Balkster skriuwer/dichter Eppie Dam opnommen, it hjit fan ‘It paad te gean’. Dam hat it fers skreaun by it skilderij ‘Koopvrouw op landweg’ (1925 ) fan de skilder Jan Altink. It fers is ek opnommen yn Eppie Dam syn nije bondel ‘Neigeraden it noarden’. Dy bondel sil ik hjir meikoarten besprekke. Neist it wurk fan de hjirboppe oanhelle dichters kin de lêzer ek yn de kunde komme mei poëzy fan:
Binne Lútsen Boarnstra, Meindert Bylsma, Pier Boorsma, Jan Dotinga, Josse de Haan, Arjan Hut, Elmar Kuiper, Bartle Laverman, Geart fan der Mear, Aggie van der Meer, Durk van der Ploeg, Margryt Poortstra, Leo Popma, Willem Schoorstra, Albertina Soepboer, Janneke Spoelstra, Goaitsen van der Vliet, Abe de Vries, Cornelis van der Wal en Harmen Wind


Henk van der Veer


Gjin grinzen, de reis. Trijetalige dichtbondel. Utjouwerij Cepher, 2004. 112 siden. Priis: € 24,90. ISBN 90-808401-1-4


Sneeker Nieuwsblad, 10.01.2005
 
 
<< terug