De lije side fan'e tiid, Jelle Kaspersma
Rike sammelbondel fan Jelle Kaspersma
DE HOMMERTS- By Utjouwerij Venus is koartlyn de sammelbondel ‘De lije side fan ’e tiid’ fan dichter Jelle Kaspersma ( Snits, 1948) útkommen. Yn de goed tritich jier dat Kaspersma skriuwt, hat er in fjouwer hûndert fersen skreaun. Dy gedichten waarden publisearre yn in tsiental bondels. Ut in sântal fan dizze bondels hat Utjouwerij Venus yn gearwurking mei de dichter in kar makke foar dizze bondel. De karút befettet goed fyftich fersen, dy’t in moai byld jouwe fan Kaspersma syn dichterskip.
It is foar my altyd ûnbegryplik west dat it wurk fan Kaspersma noait achtslein is troch de gearstallers fan de ‘Spiegel van de Friese poëzie’, no tsien jier lyn. Unbegryplik, omdat Kaspersma in folslein eigen poëtys lûd hat, hie der sûndermis wurk fan him opnommen wurde moatten yn dizze Spiegel. Kaspersma syn poëzij, dy’t goed is nei te kommen, is hjir en dêr tryst en mankelyk. Hij skriuwt djip yn it moed taastende In Memoriam fersen, lykas:
Gedicht
it libben is grôtfol riedsels tocht ik en mist kaam oer my del it paad ferdwûn yn nacht en dize
myn begjin myn ein koe ik heine mei de noas geuren fan bargen en jarre en âld hea
tiid bleau menuten lang hingjen doe kaam de wei wer foar it moanneljocht mei swietrook fan iel en stil wetter
nuver
sa fytse je tegearre op sûnder erch rûke neat en hawwe in skoander doel dan feroaret inkele dagen neitiid it ljocht yn twa eagen hja keare ta nacht ta wjirmen ta stof
frjemd komt elts moatten jin dan foar ûnder dizze swarte himel opfytse mei jinsels nei neat
Benammen dat ‘opfytse mei jinsels’ is in hiele sterke sin yn it trochlibbe fers. Spitich dat krekt yn dit moaie fers in pear bonkjes sitte. Yn de bondel stiet ‘if libben’, dat ik hjir ferbettere haw yn ‘it libben’. En moat ‘menuten’ net ‘minuten’ wêze? It is net allinne nacht en tsjusternis yn de fersen fan Kaspersma, dy ’t ek syn berteplak Snits, dêr’t er ek de Kweekskoalle besocht, as dekor fan syn poëzy brûkt:
Nokturne nei in wylde tocht de kafees fan it martiniplein bylâns besochten wy by de jachthaven in frysk fers yn ’e farske snie te pisjen
de tekens dy ’t ûntstiene hiene neffens my mear wei fan dy bernebibelplaat
mene mene tekel ufarsin
trije leechskodde fingers boppe snie
Ek yn it fers ‘Op it perron fan Snits’ giet de dichter werom nei syn bertested. Kaspersma besjongt ek mear as ienris de natuer yn syn fersen, hy docht dat op hiel eigen wize. It is benammen de wredens fan de winter dy’t Kaspersma beskriuwt: Duende
sabeare doelleas fleanende guozzen lange flechten fûgels boppe de swarte mar
op de polderdyk de boartoer warskôgjende finger ferljochte omheechstutsen mar net foar guozzen
myn earen heine lûd fan brekkend iis it oangean fan ferwûne fûgels dy’t delsaaie op wat moarns noch iepen wetter wie
hoe read de mar kleuret fan bloed en stjerrende sinne
Kaspersma is in dichter dy’t net fan babbelegûchjes hâldt, haadletters en interpunksje komme amper foar yn syn wurk. It frije fers slacht foar master op. De earste strofe fan it fers ‘Sonnare sûnder sonar’, is sa:
brân dy de fingers net dichter oan it klinkdicht neamd sonnet dissonanten en ûnrym sille mei grauwe gûnseeënn oer dyn efterplecht slaan
Der komme yn it wurk fan Kaspersma hiel wat metafoaren foar, mar lang om let giet it mar om ien ding: ‘poëzij dus wie suver fan alles/ it beneikommen fan it folsleine wurd’ Josse de Haan, ien fan de ferantwurdelike minsken fan Utjouwerij Venus, jout yn in neiskrift fan twa en in heale side kommintaar op tritich jier dichterskip fan Kaspersma. Syn konklúzje kin ik it mei lykfine: “ De dichter ferskûlet him net yn in taal of in skynparadys dy’t ferdôvejend wurkje, mar hy besiket mei syn taal de tiid te beswarren en syn ferlerne libbens yn wurden stal te jaan- sadat it no draachlik bliuwt. De lânskippen fan syn jeugd/libben- Gasterlân, bernetiid, fiskerij, de see, de frou- tsjinje hjir as metafoaren foar it bestean. De wrâld fan de poëzij fan dizze dichter- syn magyske wrâld- hâldt ta yn de lije side fan de tiid’.”
Henk van der Veer
Jelle Kaspersma, ‘De lije side fan’e tiid’, dichtbondel. Utjouwerij Venus. 64 siden. Priis: € 8,50
Sneeker Nieuwsblad, 21.10.2004
|
 |