Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Moai printeboek fan Wytsma en Van der Heijde

Moai printeboek fan Wytsma en Van der Heijde


DE HOMMERTS- Op 27 augustus fan dit jier waard it Frysktalige printeboek ‘De poes mei de lange sturt’ fan Baukje Wytsma en Carla van der Heijde. As aksjeboek, nûmer 18, fan Stichting it Fryske Boek is it foar trije euro te keap by de oanskaf fan njoggen euro oan oare Fryske berneboeken.

It is net de earste kear dat Baukje Wytsma in saneamd Aksjeboek skreaun hat, sa kaam yn 1990 ek alris sa’n presintsje fan de skriuwster út Reduzum út. Dat wie in bondel,. ‘Omke Siger is in liger’, mei lietsjes en opsisferskes, dy’t diel útmakke fan ‘Foedoe de geheimeman’, in projekt foar de skoalradio en televyzje en in teaterprogramma fan de Stichting Kunstzinnige Vorming Friesland. Ek doe al wie yllustratrise Carla van der Heijde letterlik yn byld.

De kombinaasje Wytsma & Van der Heijde is goeienien. De taaltoan fan Wytsma is waarm en it hege knuffelgehalte fan Van der Heijde har yllustraasjes slute poerbêst op elkoar oan. It tema, oer pesten en bûtensletten wurde, is klassyk. Diskear gjin jonge of famke mei in briltsje of read hier, mar in reade poes dy’t om har úterlik bûten de boat falt. De sidegrutte tekeningen fan de yllustratrise en de kompakte koarte teksten fan de skriuwster sille de doelgroep, bern fanôf trije jier sûndermis oansprekke. De boppegrins, it boek soe bedoeld wêze foar bern oant en mei fiif jier, fyn ik ûnsin. Goede printeboeken binne geskikt foar alle leeftiden, dy binne net allinne foarbehâlden oant in bepaalde leeftyd. Aldere bern, folwoeksenen, helje wer oare dingen út sa’n printeboek as lytsere ‘lêzers’. Leeftyd is in relatyf begryp. Ek âldere lêzers witte elemintêre kleuren en rûne foarmen, dy’t foar dizze yllustraasjes keazen binne, te wurdearjen. Dat it lang om let goed komt mei Poes ( wêrom hat it bist gjin namme? ) is fansels moai meinommen. Dit printeboek fertsjinnet om ek yn oare talen oerset te wurden! In moai printeboek foar jonge en âldere lêzers.

Mol

Jonatha Emmett en Vanessa Cabban skreaun en yllustrearen it printeboek ‘Mol wol ferhúzje’. Earder ferskynde al in oersetting fan it printeboek ‘Mol wol de moanne ha’. Beide printeboeken binne oersetten troch Hermien van der Meer. Opfallend is dat beide printeboeken mei in lyksoartige sin iepenje: “Alle wjirms noch oan ta!” ( ‘Mol wol de moanne ha’ ) en “Alle mollebulten noch oan ta!” ( ‘Mol wol ferhúzje’ ). De herhelling jout wat werkenberens foar de lêzers. Kaaiwurden foar it nijste molleboek binne sûndermis feilgens en burgenens. Mol wol in oar hûs hawwe en giet sa op syk. Dat it noch net iens tafalt om in oar hûs te krijen is ien fan de konklúzjes. Oan’e ein fan it ferhaal is der lykwols mar ien kontatearring: oeral thús, mar thús it bêste! De waarme kleuren, de fraaie yllustraasjes en benammen it boartlike fan de tekeningen sprekke my tige oan. In sprankeljend printeboek!

Stip

Eric Hill is in kreatyf man. Syn kreaasje fan it hûntsje Spot, yn de Fryske oersetting fan Gerda van der Wijk harket er nei de namme Stip, is sa stadichoan wrâldferneamd. It nije Stip-boek hjit fan ‘Tekenje mei Stip’. En de bern kinne ek echt oan’e slach. Want it aardige fan it boek is dat der krytsjes byhearre en dat op alle siden in lyts skoalboerd oanbrocht is dat ek hieltyd op’e nij brûkt wurde kin. Krekt as Stip en syn freonen Hermyn, Gjalt en Wibe kinne de bern no sels sânkastielen bouwe, blommen wetter jaan en grutte modderplassen meitsje. It boek is makke fan stevich karton. Geskikt foar jonge knûstkes.

Skriuwerskalinder

De Sutelaksje fan Stichting it Fryske Boek duorret noch oant 16 oktober fan dit jier. Net allinne it Aksjeboek foar bern is in aardich ‘kadootsje’, ek de jierlikse Skriuwerskalinder is dat. Diskear is it tema ‘Flecht’. In breed tema, want de dichters koene der blykber alle kanten mei út. In flecht fûgels, foar ien op’e flecht wêze of in flecht yn it hier. Al soe ik dy lêste flecht leaver frissel neamme. Oare assosjaasjes komme ek foar yn de ôfprinte fersen. Babs Wijnstra út Warns hat by guon fersen fraaie yllustraasjes makke. Benammen de portretten fyn ik top. De Skriuwerskalinder is yn de Sutelaksje te krijen foar € 3,00 by oankeap fan € 9.00 oan Fryske boeken. Nei 1 novimber is de priis € 9,00

Henk van der Veer




Sneeker Nieuwsblad, 27 september
 
 
<< terug