Moaie boeken oer bearen, in hûntsje en in pykje
Moaie boeken oer bearen, in hûntsje en in pykje
DE HOMMERTS- Elke hjerst weroan ferskine der nije Fryske boeken, soks hat alles te krijen mei de ferneamde Sútelaksje fan Stichting it Fryske Boek. Hûnderten frijwilligers geane mei de kroaden fol mei boeken by de doarren lâns om de Fryske literatuer oan de frou of de man te bringen. In wichtige doelgroep is ek dy fan de jongere lêzers en dan benammen de pjutten en de beukers. Nije boeken dy’t koartlyn by de Afûk ferskynd binne : ‘Stip syn aventoereboek’, fan Eric Hill. ‘De alderleafste lytse bearen’, fan Sam Mc Bratney, mei yllustraasjes fan Anita Jeram. En ‘Bear Boeloe-Broerke’ , skreaun én yllustrearre troch Helena de Boer.
Yn ‘Stip syn aventoereboek’, binne tsien ferhaaltsjes oer Stip en syn freonen gearbrocht. It ferneamde hûntsje, yn it Hollâns hjit er fan Dribbel en yn it oarspronklike Ingels lústert er nei de namme Spot, belibbet hiel wat aventoeren. Sa bout er in beamhut, ferklaait er him mei syn freonen en sil er kampeare yn ’e tinte yn ’e tún. It populêre hûntsje, want dat is er nei syn aventoeren op de TV, makket ek syn eigen moarnsiten klear. Neidat er in aai út de koelkast falle litten hat seit Stip ‘oeps!’ besiket er bôle te roasterjen. Mar at ek dat mislearret dan:
“Ik nim gewoan wat músly,” sei Stip. “Dat is makliker.” Hy struide músly yn in kûm. “Oeps! Fierste folle.” Sei Stip. Hy geat molke oer de músly. “Gelokkich griem ik no net…No ja, in bytsje.”
Alle tsien ferhaaltsjes binne tige werkenber foar lytse bern, skreaun yn linich modern Frysk en poergeskikt om foar te lêzen. It Frysk, yn in oersetting fan Gerda van der Wijk, stiet ticht by de sprektaal. Ik fyn dat bêst, allinne oan ien wurd, ‘leuk’ , kin ik mar net wenne. Brûk foar dat freeslike ‘leuk’ mar aardich! De kleurige yllustraasjes spatte suver fan it moaie glêde papier ôf, en sille de bern, mar ek de grutten, tige oansprekke. In hearlik boek, mei harmonieuse ferhaaltsjes foar it sliepen gean.
Bearen
Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy ’t harren lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen yn de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de trije lytse bearen te prakkesearen wa fan har, heit en mem no it alderleafste fine soene. Se koene dochs net alle trije de alderleafste wêze…of wol? De iene lytse bear hie gjin wite snút en miskien fûn syn mem wite snuten wol folle moaier. It oare lytse bearke, in famke, tocht dat heit miskien folle mear om jonges joech as om famkes. En de tredde bear siet der oer yn oft syn heit en mem him wol leaf fûnen omdat er sa lyts wie en de oare twa folle grutter. Heit en mem bear jouwe hiele goede antwurden en de alderleafste lytse bearen koene har mar noflik deljaan. Prachtige side- grutte yllustraasjes, yn moaie kleuren en in hiel werkenber ferhaal, meitsje dit printeboek ta in ryk besit. Sam McBratney en Anita Jeram skreaunen en yllustrearren earder al ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’. Dat printeboek waard in absolúte topper. Dizze nijste docht der net foar ûnder!
Bear Boeloe, in kreaasje fan Helena de Boer, is foar bern yn Fryslân in bekendenien. Hast alle jûnen is Bear Boeloe op Omrop Fryslân tillevyzje te bewûnderen. Bear Boeloe belibbet hiel wat aventoeren. Diskear giet it oer in hiel bysûnder pykje, in pykje dat net giel is, mar grien mei pearse earplúmkes. It koe fansels ek net útbliuwe, omdat it aai dat syn mem, Keakeltsje de Hin, lein hie ek hiel apart wie: in grien aai mei pearse stippen. Uteraard jout de komst fan dit opfallende pikebernstje hiel wat opskuor. In ferhaal mei in dúdelike moraal: bliuw dysels! Hiel grappich yllustrearre en op in humoristise wize ferteld. It boek sil sûndermis oanlieding jaan ta praten oer ‘oars wêze’. Wiene de mar mear fan soksoarte oarspronklike Frysktalige printeboeken!
Henk van der Veer
‘Stip syn aventoereboek’, tekst en yllustraasjes fan Eric Hill, oersetting Gerda van der Wijk, foarlêsboek. € 14,50 ‘De alderleafste bearen’, tekst Sam McBratney, yllustraasjes fan Anita Jeram, oersetting Hermien van der Meer, printeboek. € 12,50 ‘Bear Boeloe-Broerke’, tekst en yllustraasjes fan Helena de Boer, printeboek. € 11,50
Sneeker Nieuwsblad, 06.09.2004
|
 |