Oer de dea fan in hûn en in krop slaad
Moaie dichtbundel Bartle Laverman
Oer de dea fan in hûn en in krop slaad
DE HOMMERTS- ‘Alles komt wer goed’, is de titel fan Bartle Laverman (1948) syn nijste fersebondel. It boekje is útkommen by de Koperative Utjowerij-Boalsert. Op it omkaft in ôfbylding fan it oaljeskilderij ‘Nynke en Jaike’, dat de dichter yn 2002 makke. De bondel befettet 30 fersen en twa siden oantekens.
It is net de earste kear dat Laverman foar in omkaft fan ien fan syn bondels in ôfbylding fan eigen (skilder-)wurk brûkt. Ek op it kaft fan ‘Boerefersen’ (1996) stie al in ôfbylding fan ko Nynke. It byldzjend wurk fan Laverman is yllustratyf genôch as omkaft foar syn bondels. Om’t ik wol oer it wurk fan Laverman mei, haw ik al syn bondels yn ’e rin fan jierren op’e kop tikje kind. Ik fernúverje my der in bytsje oer dat op ’e achterflap fan syn nijste bondel stiet dat it de tsiende fersebondel is. Ik haw de folgjende titels op ’e planke te stean:1969 : It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries) ;1973 : Woartelfocht-fruchtwetter (yn eigen behear); 1975 : Skimerlânskippen (mei Anne de Vries) 1977 : Winter. Popkes dy't wuive (De fersen út Winter foarmje in oanslutend gehiel mei dy út de bondel Skimerlânskippen ); 1977 : Kloentsjetee (20 teksten, 10 kykjes); 1979 : Neitins (parva sed apta mihi); 1982 : Ik laitsje my dea (Cumulusrige 1984-4); 1985 : Master ûnder protters; 1996 : Boerefersen (1994-1969) en 1999 : Kophimmelje. Dat binne der dus tsien en dizze nijste is nûmer alve yn’e rige fan Laverman dichtbondels.
It dichtwurk fan Laverman wurdt meastens net yn tsjokke bondels útjûn, it binne oer it algemien flintertinne boekjes. De tritich fersen dy’t yn dizze bondel steane binne wer hiel tagonklik foar de lêzer. Laverman, dy’t oan de Griene Dyk by Offenwier wennet, skriuwt plattelânspoëzij . Dat betsjut net sweverich, mar realistys. Sa as yn:
Mother Nature’s son
de ûndergeande sinne achter de âlde apelhôf, dat sjoch ik wol ik folgje dyn finger dy’t it sweltsje wiist en dat de reinbui skjinner moat
mar ‘yn-a-zem-je’ en ‘wy binne ien mei..’: neat ha ik mei rike wiven dy’t beammen beharkje
leaver berin it Balloërfjild mei in bleate boskwachter
Dêr kinne Irene cs it mar mei dwaan! Fan Rutger Kopland is it ferneamde fers ‘Jonge sla’ ( “ Alles kan ik verdragen,/ het verdorren van bonen,/ stervende bloemen, het hoekje/ aardappelen, kan ik met droge ogen/ zien rooien, daar ben ik/ werkelijk hard in.// Maar jonge sla in September,/net geplant, slap nog,/in vochtige bedjes, nee.” ). Laverman hat ek in moai fers oer slaad skreaun, mar hij is wat minder begien mei it gewaaks:
Slaad
de bûtenbledsjes fan it slaad gean yn de kompostamer of as ik even rinne wol it hinnehok
dat liket nochal sneu en sinleas nei al dy wiken waaksjen fergelike mei it grien dat yn in rike dressing ’t bestean as hearlik miel folbringt
mar better sjoen sjochst dat dat wat nei de hinnen giet de hinneaaien makket dy’t yn it slaad bedarje en kompost moat wer oer de bou dêr’t it in hiele rige nei de finale helpt
dat gjin begrutsjen mei bûtenbledsjes mear ik wurd sels rij as kropke wosken wurdt!
Laverman dichtet hiel tagonklik, benammen yn it lêste ( en bêste ) part fan de bondel, at er oer hiele yntime saken skriuwt. Oer de dea fan in hún, syn hûn, dichtet :
Jaike
tsien oere se leit op it pleintsje by de wetterbak as wy en frou dokter mei it kofferke it paad oprinne giet se tusken ús yn optocht nei it hôf noch in tút op ’e snút de earste prip pipet se fan de nudle en sliept stadichoan wei tsjin myn skouder ik streakje har
dan de spuit mei de dea de tonge tusken de tosken geane har eagen nei nearne ik doch in tekken oer har hinne en rin nei it boskje om it grêf te dollen
De parlando-eftige wize fan dichtsjen is karakteristyk foar Laverman. De persoanlike fersen, mei in universeel karakter fyn ik de bêsten út de bondel, de gelegenheidspoëzij, oer Simmer 2000 bygelyks, sprekt my minder oan. It lêste part fan de bondel fyn ik dan ek it bêste, omdat dêr de meast partikuliere poëzij te finen is, dy’t dochs in grut publyk oansprekke sil.
Henk van der Veer
Bartle Laverman: ‘Alles komt wer goed’, Koperative Utjowerij, Boalsert 2004. ISBN 9065793535 Priis: € 12,50
Sneeker Nieuwsblad, 23.08.2004
|
 |