Vormgeving en realisatie: MyriadM
  pers > op'e planken > detail
Resênsy fan Henk van der Veer
Jetske Bilker set lêzers net oan it tinken

Jetske Bilker set lêzers net oan it tinken


DE HOMMERTS- Jetske Bilker (1960), de skriuwster fan it boekewikegeskink fan 2004, skriuwt gauris oer relaasjes en relaasjeproblematyk. It tema leit har blykber en it is dêrom net ferrassend dat yn de novelle ‘Oar plak oare tiid’ in bûtenechtelike ferhâlding sintraal stiet.
Ek yn har ferhalebondel ‘In nacht fan hûs’ ( Utjouwerij Bornmeer, 1997) skreau Bilker al oer relaasjes en alles wat dêrmei te krijen hat. It 16de boekewikegeskink, Balkster Eppie Dam skreau yn 1989 it earste, mei dan mei 126 siden it tsjokste oant no ta wêze, it is yn gjin gefal it bêste. Dêrfoar is de ynhâld fan it troch Bornmeer, yn opdracht fan It Fryske Boek, útjûne geskink te meager.


Haadpersoan yn dizze novelle is Swaantsje Tysma, in fiifentritige dieltiid túnarsjitekte. Swaantsje liket lokkich troud te wêzen mei Durk Nammensma, in man mei in fêste baan en in fêst ynkommen. Se hawwe tegeare in jonkje, Jesse, dy’t yn groep trije fan de basisskoalle sit. Alles ferrint neffens de wenstige rolpatroanen: Swaantsje hellet Jesse braaf út skoalle, makket in praatsje mei de oare memmen, docht it húshâlden en ûntwerpt sa út en troch ek nochris in tún. Alles giet it deistige kowepaadsje bijlâns. It kin dan hast ek net útbliuwe of de ferfeling moat wol taslaan: ‘Is dit alles?’ Of sa’t Hylkje Goïnga oait ris skreau: ‘ Thús is de maggi op’.

En dan is dêr ynienen Grealt, ‘dy’t fan in soarte fan Germaanse Olympus ôfdaald wie nei It Paviljoen yn Harns’ en Swaantsje hielendal yn fjoer en flam set. Dêr yn it Harnser Paviljoen wurdt it brulloftsfeest fanUilkje Hoogeweg fierd, dy’t foar de twadde kear yn it houliksboatsje stapt. Mei Marc Henstra.
Dizze Uilkje, in âldfreondinne fan Swaantsje, hat earder troud west mei Korné de Jong, mar hat Korné no ynruile foar de jongere Marc.

Grealt, in broer fan Uilkje, wurdt de loverboy fan Swaantsje, dy’t troch dizze affêre yn in ûnmogelike posysje terjochte komt. Binne de earste frijpartijtsje noch wol spannend, hoe faker de ôfspraken tusken de twa regele wurde moatte hoe problematiser it allegear wurdt. Want de wipperij moat hieltyd op in oar plak en op in oare tiid. Swaantsje hat it mar drok mei har dûbellibben. As der dan ûnferwachte dingen mei Jesse barre, is it memmeynstinkt ynienen grutter as al dy brûsjende hormoanen. Memmeleafde is dan ek it twadde tema fan dizze novelle. It boekje lêst as it spoar, hat wol wat fan de dieltsjes út de Bouquet-rige. En as it it doel fan it boekewikegeskink is om minsken oer de drompel fan it (Frysk) lêzen te krijen, dan is dizze novelle sûndermis slagge. Mar as literêr produkt kin it perfoarst gjin potten brekke, dêrfoar fyn ik it ferhaal tè optocht. Der sit gjin inkelde psychologise djipgong yn it ferhaal. Benammen de ein fan it ferhaal, it plot wol ik hjir fansels net ferklappe, fyn ik hiel ûnwierskynlik.

Sjoch ik dan net dat der yn dizze novelle lagen sitten? Dat de nammen, sa as Swaantsje en Grealt miskiën wol metafoaren binne? Oh, ja ik begryp it allegear, mar it komt net libbensecht op mij oer.
Samantha, in basisskoallefamke, dat der foar soarget dat in jonke fan seis jier even ferdwynt om de mem in leske te learen? Alles kin, sels yn fiif minuten fan Snits nei De Jouwer ride, mar der binne grinzen. In famke dat seit: “ Jesse syn mem wie hiel faak fuort en se kaam hiel faak te let by skoalle. Dat fûn Jesse hielendal net leuk. En doe woenen we soargje dat se hiel ûngerêst waard. Dan soe se Jesse net mear allinne litte”
Sa’n famke is wol hiel apart en ik leau der neat fan dat der famkes bine dy’t soks sizze, lit stean soks dogge. No ja, yn Bouquetreeksboekjes en dy wurde lêzen, bij tûzenen. Nochris yn dy sin hat Bilker de opdracht fan Stichting It Fryske Boek ta in goed ein brocht. In skaaimerk fan goede literêre ferhalen is dat de auteurs it harren lêzers net maklik makket, it wurk moat de lêzers oan it tinken sette. Dat docht dit boekje net. Bilker skriuwt yn dizze novelle oer in oare werklikheid as de deistige werklikheid. ‘Oar plak oare tiid’, heart ta de triviale literatuer. Skaaimerk fan dy literatuer is dat it yn grutte oplagen ferkocht (=fuortjûn) wurdt en dat de ein altyd happy is. Moai toch?!


Henk van der Veer


‘Oar plak oare tiid’, boekewikegeskink 2004, skreaun troch Jetske Bilker. Utjûn troch Bornmeer yn opdracht fan Stichting It Fryske Boek.




Sneeker Nieuwsblad, 04-03-2004
 
 
<< terug